Koart ferhaal: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 3: Rigel 3:
[[Kategory:Koart ferhaal| ]]
[[Kategory:Koart ferhaal| ]]
[[Kategory:Fiksjefoarm]]
[[Kategory:Fiksjefoarm]]
[[Kategory:Proaza]]

De ferzje fan 16 apr 2015 om 23.19

In koart ferhaal is in koart literêr wurk, ornaris skreaun yn proazafoarm. It ûntstie yn 'e santjinde ieu út eardere mûnlinge ferheljende tradysjes en is sûnt útgroeid ta sa'n breed skala en sa'n grut ferskaat, dat men it tsjintwurdich net mear maklik yn syn gehiel typearje kin. Koarte ferhalen meitsje gebrûk fan deselde literêre techniken as oare fiksjefoarmen; se brûke dy techniken folle mear as in anekdoate, mar minder as in novelle en folle minder as in roman. Der is gjin fêststelde lingte foar koarte ferhalen, al wurdt troch in protte literatuerprizen de grins fan maksimaal 7.500 wurden oanholden.