Ferskil tusken ferzjes fan "Oprah Winfrey"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
red
(red)
| ôfbylding = Oprah Winfrey at 2011 TCA.jpg
| ôfbyldingstekst = Oprah Winfrey yn [[2011]].
| ôfbyldingsbreedte = 230px200px
| echte namme = Orpah<!-- net "ferbetterje"; dit is gjin typflater; har namme is eins 'Orpah' --> Gail Winfrey
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]
| bekend fan = ''The Oprah Winfrey Show''
| jierren aktyf = ±[[1985]] – no
| prizen = eare-[[Oscar]] 2011 <br>9x [[Emmy Award]] <br>[[Presidinsjele Frijheidsmedalje|Pres. Frijheidsmedalje]] 2013
| webside = [http://www.oprah.com www.oprah.com]
}}
'''Oprah Winfrey''' (eins: '''Orpah<!-- net "ferbetterje"; dit is gjin typflater; har namme is eins 'Orpah' --> Gail Winfrey'''; [[Kosciusko (Mississippy)|Kosciusko]] ([[Mississippy (steat)|Mississippy]]), [[29 jannewaris]] [[1954]]), is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[presintatrise]], [[aktrise]], sakefrou, [[tillevyzjetillefyzje]]prosusinte, [[regisseur]] en [[filantropy|filantrope]] fan [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaansk]] komôf. Hja waard grutbrocht yn earmoede en hie al ier te meitsjen mei [[seksueel geweld]]. Letter waard hja bekend mei har [[praatprogramma]], ''[[The Oprah Winfrey Show]]'', dat yn 'e [[Feriene Steaten]] (en letter ek ynternasjonaal) útstjoerd waard fan [[1986]] oant [[2011]]. Dêrtroch waard Winfrey benammen ekstreem populêr ûnder earst húsfroulju en letter froulju fan alle leeftiden en [[klasse (maatskippij)|klassen]]. Se fertsjinne jild as wetter en wie de rykste Afro-Amerikaan út 'e [[tweintichste ieu]]. Op 't heden (2014) is se de iennichste [[negroïde ras|swarte]] miljardêr yn [[Noard-Amearika]]. Neffens guon mjitstêven is Winfrey no de ynfloedrykste frou fan 'e wrâld, en har aktive stipe foar [[Barack Obama]] wie yn [[2007]]-[[2008]] krúsjaal foar syn ferkiezing ta presidint fan 'e [[Feriene Steaten]].
 
==Libben en karriêre==
Op 'e [[middelbere skoalle]] gie it learen Winfrey yn 't earstoan goed ôf, mar doe't se oerpleatst waard nei in skoalle yn in rike foarstêd, waard se allegeduerigen mei har eigen earmoede konfrontearre en begûn se jild te stellen fan har mem om har woltierige klasgenoaten noch in bytsje belykje te kinnen. Fan gefolgen stjoerde har frustrearre mem har op 'e nij nei har heit yn Nashville ta, mar diskear naam se har net wer werom. Vernon Winfrey wie strang foar har, mar fitere har ek oan om in goede oplieding te folgjen. Winfrey wist in stúdzjebeurs te winnen foar de [[Steatsuniversiteit fan Tennessee]], in swarte [[universiteit]], dêr't se [[kommunikaasjekunde]] studearre. Dêrnjonken wûn se mei santjin jier de ''Miss Black Tennessee''-wedstryd. Dêrmei loek se de oandacht fan it pleatslike swarte [[radio]]stasjon WVOL, dat har oannaam om yn dieltiid it nijs te presintearjen.
 
===TillevyzjekarriêreTillefyzjekarriêre===
As bern boarte Winfrey al gauris dat se in [[korrespondint]]e wie, en ynterviewde se har pop en de [[krie]]ën dy't op it stek by har beppe' hûs sieten. Har baan by WVOL hold se fjouwer jier, twa jier dat se noch op 'e middelbere skoalle siet, en de earste beide jierren fan har stúdzje. Neitiid waard se oannommen troch WLAC-TV, in swarte [[tillevyzjetillefyzje]]stjoerder yn Nashville, dêr't se de jongste en de earste froulike [[nijslêzer]] wie. Yn [[1976]] ferfear se nei [[Baltimore]], dêr't se ien fan 'e beide fêste nijslêzers fan it seis-oerenijs waard by de stjoerder WJZ-TV. Yn [[1978]] waard se op deselde stjoerder troch [[Richard Sher]] oanlutsen as syn mei-presintator fan it praatprogramma ''People Are Talking''.
[[File:Harpo-studio-sign-in-chicago-ill-usa.jpg|left|thumb|250px|De studio's fan Oprah Winfrey har bedriuw ''Harpo Productions''.]]
 
Fiif jier letter, yn [[1983]], ferhuze se nei [[Chicago]] om dêr by WLS-TV ''AM Chicago'', in ''talkshow'' op 'e moarnstillevyzjemoarnstillefyzje te dwaan, dêr't net folle fan ferwachte waard. Mei Winfrey as presintatrise fleagen de sjochsifers lykwols de hichte yn, en wie it binnen in fearnsjier it bêst besjoene moarnstillevyzjeprogrammamoarnstillefyzjeprogramma fan 'e stêd. Nei trije jier helle de [[film]]resinsint [[Roger Ebert]] Winfrey oer om syn eigen programma op 'e nasjonale tillevyzjetillefyzje oer te nimmen. It waard omneamd ta ''[[The Oprah Winfrey Show]]'', útwreide ta in fol oere en de earste ôflevering waard útstjoerd op [[8 septimber]] [[1986]]. Krekt sa't Ebert foarsein hie, wie Winfrey har programma binnen de koartste kearen de bêste besjoene ''talkshow'' fan 'e Feriene Steaten. Yn 't earstoan seagen der fral húsfroulju nei, mar nei't har populariteit grutter waard, wist Winfrey ek froulju (en sels manlju) út alle rangen en stannen oan har te binen.
 
''The Oprah Winfrey Show'' soe 25 jier lang ien fan 'e bêst besjoene tillevyzjeprogrammatillefyzjeprogramma's fan Amearika bliuwe. Yn 'e iere jierren wie it in sljochtwei praatprogramma mei spraakmeitsjende ûnderwerpen en gewoane minsken as gasten. Healwei de jierren njoggentich ferskode Winfrey it ''format'' sadat se it hawwe koe oer saken dy't mear har persoanlike belangstelling hiene, lykas de politike tastân yn 'e wrâld, beskate sykten en har remeedzjes ([[kanker]], [[hert]]sykten, ensfh.), spiritualiteit en meditaasje, de [[drugs]]ferslavingsproblematyk, goede doelen en oare maatskiplike kwestjes. Yn ''The Oprah Winfrey Show'' wiene fan doe ôf oan geregeldwei superstjerren te gast út it fjild fan 'e Amerikaanske muzyk en de [[film]]wrâld fan [[Hollywood]]. De útstjoering 'e lêste ôflevering fan it programma wie op [[25 maaie]] [[2011]]. Sûnt presintearret Winfrey net minder as fiif ûnderskate praatprogramma's op har eigen tillevyzjestjoerdertillefyzjestjoerder ''[[Oprah Winfrey Network|OWN]]'', it ''Oprah Winfrey Network''.
[[File:Oprah Winfrey.jpg|right|thumb|160px|Oprah Winfrey yn [[2007]].]]
 
===Oare wurkterreinen===
Njonken har praatprogramma wie Winfrey ek al fanôf mids jierren tachtich aktyf as [[aktrise]], [[tillevyzjetillefyzje]][[regisseur]], [[senarioskriuwster]] en [[tillevyzjetillefyzje]]- en [[film]]produsinte. Sa spile se yn [[1985]] ien fan 'e haadrollen yn 'e film ''[[The Color Purple (film)|The Color Purple]]'', fan regisseur [[Steven Spielberg]], wêrfoar't se nominearre waard foar in ''[[Oscar]]'' yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. Teffens produsearre se de [[minysearje]] ''[[The Women of Brewster Place (minysearje)|The Women of Brewster Place]]'', út [[1989]], dêr't se ek ien fan 'e haadrollen yn fertolkte. Sûnt dy tiid hat se by- en gastrollen hân yn tsientallen films en tillevyzjesearjestillefyzjesearjes, gauris as harsels. Mei oaren stie se oan 'e widze fan 'e frouljustillevyzjestjoerderfrouljustillefyzjestjoerder ''[[Oxygen (tillevyzjestjoerdertelefyzjestjoerder)|Oxygen]]'', en ek hat se in eigen produksjebedriuw, dat fan ''[[Harpo Productions]]'' hjit (''Harpo'' is "Oprah" efterstfoarst stavere). Fierders hat Winfrey ek wurke as [[stimaktrise]], wêrby't se û.m. Gussie de Goes spile yn ''[[Charlotte's Web (film út 2006)|Charlotte's Web]]'' ([[2006]]), en yn [[2005]] produsearre se in [[Broadway]]-[[musical]] dy't basearre wie op ''The Color Purple''.
 
Winfrey hat (mei oaren) fiif [[boek]]en skreaun, wêryn't se gauris [[autobiografy]]ske eleminten ferwurke hat. Yn [[2005]] krige se foar it skriuwen fan in boek oer ôfslankjen, dat se skriuwe soe mei har persoanlike trainer [[Bob Greene]], troch de [[útjouwer]] in bedrach foarôf bean dat nei't der grute wurdt it heechste út 'e Amerikaanske skiednis wie, in rekôr dat foartiid yn 'e hannen wie fan âld-presidint [[Bill Clinton]], foar dy syn autobiografy. Sels jout Winfrey in tige goed ferkeapjend eigen [[tydskrift]] út, dat fan ''[[O, The Oprah Magazine]]'' hjit. Tusken [[2004]] en [[2008]] wie hja ek útjouwer in in twadde tydskrift, ''[[O at Home]]''. Fanôf [[2006]] hat Oprah fierders ek in eigen [[radio]]stasjon, ''[[Oprah Radio]]''.
 
===Ynfloed===
Troch de ûnbidige ynfloed dy't hja hat op tsientallen miljoenen fral froulike Amerikanen, is Oprah Winfrey tsjintwurdich immen om rekken mei te hâlden. It effekt dat har goedkarring op 'e ferkeapsifers fan tige útinoar rinnende produkten hat, wurdt wol it ''Oprah Effect'' neamd. Sa sette Winfrey ein [[1996]] útein mei ''[[Oprah's Book Club]]''. De [[roman]]s en oare [[boek]]en dy't hja dêrfoar útkeas koene elts de ferkeap fan op syn minsten ferskate miljoenen ekstra eksimplaren ferwachtsje. Sa stige ''East of Eden'', de klassiker fan [[John Steinbeck]], ynienen nei de top fan 'e [[bestseller]]listen doe't Winfrey it oanpriizge hie. Ek hat hja de tillevyzjekarriêretillefyzjekarriêre opstarten fan ferskate beskermelingen, dy't troch har bekend en populêr wurden binne by it bredere publyk.
[[File:Oprah Winfrey receives 2013 Presidential Medal of Freedom.jpg|left|thumb|250px|Oprah Winfrey kriget de Presidinsjele Frijheidsmedalje omhongen troch [[Barack Obama]], yn [[2013]].]]
 
As earste dêrfan moat [[tillevyzjetillefyzje]][[psycholooch]] [[Phil McGraw]] neamd wurde, dy't no in eigen programma hat (''Dr. Phil'') en wrâldwiid ferneamd wurden is. Fierders wiene der û.m. Winfrey har [[hierknipper]] [[Andre Walker]], har [[fisazjist]] [[Reggie Wells]], de [[binnenhûsarsjitekt]] [[Nate Berkus]] en spirituële liedslju as [[Gary Zukav]] en [[Eckhart Tolle]]. It boek ''A New Earth: Awakening to Your Life's Purpose'', fan Tolle, waard útkeazen troch ''Oprah's Book Club'' en sa ta [[bestseller]] makke. Winfrey, dy't nea benaud is om in konfrontaasje oan te gean, sei yn ferbân mei dat boek oer sprititualiteit: ''"God is in gefoel en gjin leauwe. As jo godstsjinst in leauwige ûnderfining is [...] dan hat it net echt mei God te krijen."'' Dat wie fansels tsjin 'e seare skonk fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[fûnemintalisme|fûnemintalisten]] dêr't Amearika grôtfol mei sit. Ien fan harren, radiopresintator [[Frank Pastore]], sei: ''"as se [Winfrey] al in kristen is, dan is se in ûnwittenden-ien, want it kristendom kin net fermongen wurde mei ''[[New Age]]''-ideeën."''
 
In oar terrein dêr't Winfrey tige ynfloedryk op west hat, is de akseptaasje fan swierdere froulju yn represintative beroppen (lykas dat fan presintatrise). Hja hat altyd hiel iepen west oer har eigen gewichtsproblemen, dy't troch de jierren hinne op en del giene, mei as abslute top in gewicht fan 108&nbsp;kg. Dêrmei klearre se in paad foar oare wat wielderiger froulju op 'e tillevyzjetillefyzje, lykas aktrise [[Roseanne Barr]] en presintatrise [[Rosie O'Donnell]]. Teffens hat se hiel wat út 'e wei set foar de maatskiplike akseptaasje fan [[homoseksualiteit|homo's]], [[lesbiënne]]s, [[biseksualiteit|biseksuëlen]] en [[transseksualiteit|transseksuëlen]] yn 'e Feriene Steaten. Neffens it boek ''Freaks Talk Back'', fan [[Joshua Gamson]], [[heechlearaar]] oan 'e [[Universiteit fan Yale]], wie Winfrey sels as gjin oar ferantwurdlik foar homo-emansipaasje, mei't troch har tadwaan foar it earst homo's, lesbo's, bys en ''transgenders'' geregeldwei de trochsneed Amerikaanske húskeamer binnenkrongen, dêr't men úteinlik sjen koe dat it gewoan minsken wiene lykas alle oaren.
[[File:Oprah_Winfrey_with_Barack_and_Michelle_Obama.jpg|right|thumb|200px|Oprah Winfrey mei [[Barack Obama|Barack]] en [[Michelle Obama]], yn [[2007]], ûnder de kampanje foar de presidints-ferkiezings fan it jiers dêrop.]]
 
[[File:FEMA_-_15330_-_Photograph_by_Andrea_Booher_taken_on_09-09-2005_in_Texas.jpg|right|thumb|250px|Winfrey besiket lju út [[New Orleans]], nei de evakuaasje fan dy stêd fanwegen de [[orkaan]] [[Orkaan Katrina|Katrina]], yn [[2005]].]]
 
Los fan sokke programma's hat Winfrey har as persoan ek goederjousk toand. Sa skonk se $10 miljoen oan 'e húsfêsting fan 'e lju dy't yn [[2005]] foar de [[orkaan]] [[Orkaan Katrina|Katrina]] [[New Orleans]] ûntflechtsje moasten en jierrenlang net weromkoene om't har huzen ferwuostge wiene troch de mei de stoarm mank geande oerstreaming. Tsjin [[2012]] hie se 400 stúdzjebeurzen útkeard foar kânsearme studinten oan it Morehouse Kolleezje yn [[Atlanta]]. Dat jiers hie se yn totaal al $400 miljoen oan ûnderwiisprojekten útjûn. En yn [[2013]] joech se $12 miljoen oan it [[Nasjonaal Museum foar Afro-Amerikaanske Skiednis en Kultuer]] fan it [[Smithsonian Ynstitút]] yn [[Washington, D.C.]] Foar har [[filantropy]] krige Winfrey yn [[2002]] de ''Bob Hope Humanitarian Award'', in eare-''[[Emmy Award|Emmy]]'', en yn [[2011]] de ''Jean Hersholt Humanitarian Award'', in eare-''[[Oscar]]''. Yn [[2013]] krige hja út 'e hannen fan presidint [[Barack Obama]] de [[Presidinsjele Frijheidsmedalje]], de heechste Amerikaanske net-militêre ûnderskieding. Letter dat jier waard har troch de prestizjeuze [[Universiteit fan Harvard]] in [[earedoktoraat]] takend.
 
==Keppelings om utens==

Navigaasjemenu