Rense Westra: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Muijz (oerlis | bydragen)
red
Rigel 42: Rigel 42:


==Keppelings om utens ==
==Keppelings om utens ==
*[http://www.deweekkrant.nl/artikel/2008/juni/09/kippenvel_van_fryslan De Weekkrant, 9 juni 2008 - ''Kippenvel van Fryslân'']
* [http://www.deweekkrant.nl/artikel/2008/juni/09/kippenvel_van_fryslan De Weekkrant, 9 juni 2008 - ''Kippenvel van Fryslân'']
*[http://www.kameleon2.nl/persmap.doc Parsemap ''Kameleon 2'']
* [http://www.kameleon2.nl/persmap.doc Parsemap ''Kameleon 2'']
* [http://www.imdb.com/name/nm0923063/ Rense Westra yn de IMBd.]


{{DEFAULTSORT:Westra, Rense}}
{{DEFAULTSORT:Westra, Rense}}

De ferzje fan 8 apr 2015 om 22.03

Rense Westra (Aldwâld, 30 septimber 1946 - Ljouwert, 2 maart 2015) wie in Frysk akteur.

Wurk

Westra hat yn mear as tachtich stikken fan Tryater spile, lykas Fryske útfierings fan Richard III, In Midsimmernachtdream en Romeo en Julia fan Shakespeare en It Kersehôf fan Tsjechov. Fierders spile er sûnt 1985 yn ferskate Fryske films, ûnder oaren De Gouden swipe (1995) en De Fûke (2000). Foar syn rol yn De Fûke waard er nominearre foar in Gouden Keal foar de Bêste Akteur. Westra spile fjildwachter Swart yn twa ferfilmings fan de De Kameleon-jeugdboekerige en yn de dêrnei makke musical, De Kameleon Untfierd (2006).

Yn Fryslân is er foaral bekend wurden troch syn rol fan Beant Baas yn de Frysktalige sitkomrige Baas Boppe Baas dy't fan 2001 oant 2005 te sjen wie by Omrop Fryslân. Ek yn de fan Rients Gratama yn 2007 regisearre teäterferzje fan Baas boppe Baas spile er in haadrol. Westra is yn Hollân bekend fan de rol fan Alvestêdetochtfoarsitter út de film de Hel van '63 en fjildwachter Swart út de films fan De Kameleon.
Op tillevyzje wie Rense Westra te sjen yn soapsearjes as Goudkust (1996) en Westenwind (1999). Westra hie ek in fêste rol yn de Fryske abbekatesearje Dankert & Dankert.

Hy hat ek wurk dien foar de Fryske skoalletelevyzje en radioprogramma's. Fierders hat er kabaret skriuwen en spile, hat er ferskate dokumintêres ynsprutsen en hat er te sjen west yn tillevyzjereklames.

Yn 2009 sei Rense Westra ûnder de 'making of' fan De Hel van '63 dat er fan syn 'Beant Baas-imago' ôf woe. Dêrom naam er yn De Hel van '63 de rol fan Alvestêdetochtfoarsitter Jan Hoogland op him.

Persoanlik libben

Yn Westra's persoanlike libben spilet it kristlik leauwe in grutte rol. Hy wie in geregelde tsjerkegonger en hat sels ek preke, yn it Frysk en yn it Nederlânsk.

Ferstjerren

Rense Westra ferstoar op 2 maart 2015 yn it MCL yn Ljouwert. Hy is 68 jier wurden. Hy kaam te hôf yn Warten.

Filmografy


Keppelings om utens