Ferskil tusken ferzjes fan "Sittende Bolle"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
ynfoboks
(ynfoboks)
{{Persoan algemien
[[Ofbyld:Sitting Bull.jpg|thumb|right|200px|Sittende Bolle.]]
| ôfbylding = Sitting Bull.jpg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| echte namme = Tȟatȟáŋka Íyotake
| oare namme(n) = Sitting Bull
| nasjonaliteit =
| berne = ±[[1831]]
| berteplak = oan 'e [[Grand River (Súd-Dakota)|Grand River]] ([[Súd-Dakota]])
| stoarn = [[15 desimber]] [[1890]]
| stjerplak = oan 'e [[Grand River (Súd-Dakota)|Grand River]] ([[Súd-Dakota]])
| etnisiteit = [[File:Flagge United Sioux Tribes.PNG|20px]] [[Lakota (folk)|Lakota]]-[[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux'')
| berop/amt = opperhaad fan de [[Hûnkpapa]]
| aktyf as =
| jierren aktyf = ±[[1855]] – [[1890]]
| reden bekendheid =
| bekendste wurk(en) =
| prizen =
| webside =
}}
'''Sittende Bolle''' ([[Lakota (taal)|Lakota]]: '''Tȟatȟáŋka Íyotake''', útspr.: [tˣa'tˣã:ka i:jo'take]; [[Ingelsk]]e oersetting: '''Sitting Bull'''; oan 'e [[Grand River (Súd-Dakota)|Grand River]] ([[Súd-Dakota]]), ±[[1831]] – dêre, [[15 desimber]] [[1890]]), wie yn 'e lêste helte fan 'e [[njoggentjinde ieu]] in wrâldsk en geastlik foaroanman en ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk yn it midnoarden fan 'e [[Feriene Steaten]]. Yn [[1876]] stied er oan it haad fan 'e koälysje fan Sû-, [[Sjajinnen|Sjajinne-]] en [[Arapaho (folk)|Arapaho]]-krigers dy't yn 'e [[Slach oan de Little Bighorn]] de Amerikaanske 7de Kavalery fan generaal [[George Armstrong Custer]] in tepletterjende nederlaach tabrocht. Hoewol't er sels net meifochten hie, waard er der troch de Amerikanen ferantwurdlik foar holden, en moast er in skoft útwike nei [[Kanada]] ta. Nei't er him yn [[1881]] oerjûn hie, makke er in hoartsje diel út fan 'e Wyldwestshow fan syn freon [[Buffalo Bill]], en toerde er dêrmei troch Amearika. Yn [[1890]], doe't de nije [[religy]] fan 'e [[geastedûns]] ûnder de Amerikaanske Yndianen in protte folgelingen krige, siet it Amerikaanske regear deroer yn noed dat ek Sittende Bolle, mei alle ynfloed dy't er noch altyd hie, him dêrby jaan soe. Men besocht him doe te arrestearjen, mar by de wrakseling dy't dêrby ûntstie, waard er yn 'e holle sketten, wêrnei't er stoar.
 

Navigaasjemenu