Freark fan Hallum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
foto
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Beeld van Fred. van Mari‰ngaarde - Hallum - 20100046 - RCE.jpg|thumb||Byld fan Freark fan Hallum yn [[Hallum]]]]
De hillige '''Freark fan Hallum''' ([[Hallum]], 1113? – Hallum, [[3 maart]] [[1175]]) wie pastoar fan Hallum en stifter fan [[Kleaster Mariëngaard]]. Syn oantins is op [[3 maart]].
De hillige '''Freark fan Hallum''' ([[Hallum]], 1113? – Hallum, [[3 maart]] [[1175]]) wie pastoar fan Hallum en stifter fan [[Kleaster Mariëngaard]]. Syn oantins is op [[3 maart]].



De ferzje fan 8 mrt 2015 om 21.05

Byld fan Freark fan Hallum yn Hallum

De hillige Freark fan Hallum (Hallum, 1113? – Hallum, 3 maart 1175) wie pastoar fan Hallum en stifter fan Kleaster Mariëngaard. Syn oantins is op 3 maart.

Jonge jierren

Freark moat in soan west hawwe fan Dodo fan Swithburga. Syn heit sil hiel jong ferstoarn wêze. Syn mem en de pastoar fan Hallum, dy’t ek Freark hiet, seagen dat der wat mear as in boer yn dy jonge siet. Pastoar Freark hat him doe oplieden, mar fûn dat er eins fierder leare moatte soe. Freark gie doe nei Munster om in soarte fan universitêre oplieding te folgen op de kapittelskoalle dêr. Freark kaam dêr ek yn ‘e kunde mei de Norbertinen fan it kleaster Kloppenburg. Freark gie werom nei Hallum en waard dêr fikaris, kapelaan, by syn nammegenoat. Doe’t pastoar Freark ferstoar, keazen de Hallumers de jonge Freark as harren nije pastoar.

Tarissing ta in kleaster

It idee om in kleaster te stiftsjen liet Freark net los. Hy gie in jier nei it norbertiner kleaster Mariënweerd by Beesd om de wisânsjes fan de Norbertinen te bestudearjen en skreau de liturgyske boeken oer. Hy gie ek nei de biskop yn Utert. Dy beneamde him ta kanunnik, in geastlike dy’t him dwaande hâldt mei it koargebed. Hy krige tastimming om mei oare koarhearen in kleaster te stiftsjen.

De gelegenheid krige er doe’t syn mem ferstoar en hy syn bernepart brûke koe om mei de bou fan in kleaster te begjinnen. It kleaster krige de namme "Mariëngaarde", hôf fan Marije, en yn 1163 koe it ynwijd wurde.

Der wie wat oan foarôf gien want de Utertske biskop, dy’t doe oan it bewâld wie, fielde eins neat foar in twadde norbertiner kleaster neist dan fan Dokkum. Freark krige dan ek de rie om oerienstimming te krijen mei it Bernardynske kleaster Klaarkamp. Dat mislearre, want Freark fielde net folle foar de opfettings fan de Bernardinen.

Kleaster Mariëngaard waard ynearsten in dûbelkleaster. Letter binne de froulju nei Kleaster Bethlehem (Bartlehiem) ferhuze. Freark is doe werom gien nei Dútslân en slagge dêr. It norbertiner kleaster Steinfeld woe wol it memmekleaster fan Mariëngaarde wurde. Freark hat noch 12 jier abt fan it troch him stifte kleaster west. Hy waard begroeven yn de kleasterkapel.

Yn de lêste jierren waard der oer Freark klage. Hy krige hieltyd mear wurk foar de oarder te dwaan. Guon fûnen dat er sa it kleaster sloere liet.

Freark syn programma

Freark seach syn kleaster om de earmen te helpen. Sels libbe er hiel sober en dat hold er de bruorren ek foar. Freark lei in protte klam op it ûnderwiis. Dêr wie er as pastoar al mei begûn. Der kaam dan ek in kleasterskoalle. Fierders wie er foar ferbettering fan de lânbou. De measte kleasterlingen wienen ek fan boerekomôf, en it kleaster krige in protte lân.

Freark as folkshillige

In byldsje jout noch oantinken dizze ferneamde Hallumer, Freark.

Op 3 maart stiet op de feestkalinder fan de Roomsk-Katolike Tsjerke as feestdei oanjûn: de hillige Fredericus, abt. Al gau nei syn dea waarden der wûnderferhalen oer de hillige abt ferteld. Sa waard Mariëngaarde in beafeartsplak. Folle Fryske hilligen wienen der net en sa krige Fryslân dan doch noch in hillige. Freark syn grêf krige hieltyd in promininter plak yn de kleasterkapel. Op ‘en doer rûn de belangstelling werom.

Yn 1580 namen de Steaten Mariëngaarde oer. Fan it kleaster moat der doe noch hast allinne de kapel stien hawwe, want dy tsjinne ek as parochytsjerke foar de omkriten. De kapel bleau in beafeartsplak fan deselden dy’t by it âlde leauwe bleaun wienen. Yn 1622 wurdt der noch sein dat leauwigen nei Hallum kamen ta ferearing fan Freark. Dat wie de dûmnys te folle en se hawwe it safier krige dat de kapel sletten waard. Op in tekening fan Piter Idserts Poorter om 1730 hinne stie noch in bewenne boufal fan it eardere kleaster.

De grêftombe wie doe al leech. Foaroansteande Roomsken hawwe kâns sjoen om de oerbliuwsels fan Freark ûnderdûke te litten. Letter binne se nei de Súdlike Nederlannen smokkele. De kiste kaam terjochte yn de premonstratinzer abdij Bonne-Espérance by Binche yn Henegouwen. Sûnt 1830 binne se yn it lytsseminaarje yn Doornik. Hallum hat de âlddoarpsgenoat eare mei in byldsje midden yn ‘t doarp.