Rense Westra: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 19: Rigel 19:


== Ferstjerren ==
== Ferstjerren ==
Rense Westra ferstoar op 2 maart 2015 yn it [[MCL]] yn Ljouwert. Hy is 68 jier wurden.
Rense Westra ferstoar op 2 maart 2015 yn it [[MCL]] yn Ljouwert. Hy is 68 jier wurden. Hy kaam te hôf yn [[Warten]].


==Filmografy==
==Filmografy==

De ferzje fan 6 mrt 2015 om 02.48

Rense Westra (Aldwâld, 30 septimber 1946 - Ljouwert, 2 maart 2015) wie in Frysk akteur.

Rollen

Yn Fryslân is er foaral bekend wurden troch syn rol fan Beant Baas yn de Frysktalige sitkomrige Baas Boppe Baas dy't fan 2001 oant 2005 te sjen wie by Omrop Fryslân. Rense Westra is yn Hollân bekend fan de rol fan Alvestêdetochtfoarsitter út de film de Hel van '63 en fjildwachter Swart út de films fan De Kameleon.

Ek docht Rense Westra wurk foar de Fryske skoalletelevyzje en radioprogramma's. Fierders skriuwt en spilet er kabaret, hat er ferskate dokumintêres ynsprutsen en hat er te sjen west yn tillevyzjereklames.

Op tillevyzje wie Rense Westra te sjen yn soapsearjes as Goudkust (1996) en Westenwind (1999). Ek yn de fan Rients Gratama yn 2007 regisearre teäterferzje fan Baas boppe Baas spile er in haadrol. Westra hie in fêste rol yn de Fryske abbekatesearje Dankert & Dankert, en sil ek in rol spylje yn Bit.

Yn 2009 sei Rense Westra ûnder de 'making of' fan de Hel van '63 dat er fan syn 'Beant Baas-imago' ôf woe. Dêrom naam er yn 'de Hel van '63' de rol fan Alvestêdetochtfoarsitter Jan Hoogland op him.

Wurk

Westra spile yn mear as tachtich stikken fan Tryater, lykas Fryske útfierings fan Richard III, In Midsimmernachtdream en Romeo en Julia fan Shakespeare en It Kersehôf fan Tsjechov.

Fierders spile er sûnt 1985 yn ferskate Fryske films, ûnder oaren De Gouden swipe (1995) en De Fûke (2000). Foar syn rol yn De Fûke waard er nominearre foar in Gouden Keal foar de Bêste Akteur. Westra spile fjildwachter Swart yn twa ferfilmings fan de De Kameleon-jeugdboekerige en yn de dêrnei makke musical, De Kameleon Untfierd (2006).

Persoanlik libben

Yn Westra's persoanlike libben spilet it kristlik leauwe in grutte rol. Hy is in geregelde tsjerkegonger en preket sels ek, yn it Frysk en yn it Nederlânsk.

Ferstjerren

Rense Westra ferstoar op 2 maart 2015 yn it MCL yn Ljouwert. Hy is 68 jier wurden. Hy kaam te hôf yn Warten.

Filmografy

Keppelings om utens