Marokko: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
typflater
L (typflater)
Yn [[429]] kaam oan de macht fan de Romeinen ynienen in ein mei de komst fan de [[Fandalen]]. Sy stiften in [[Fandaalske ryk|Fandaalsk keninkryk]] mei as haadstêd Kartago dat mear as hûndert jier yn stân bliuwe soe, mar troch de opfolgers fan de Romeinen, de [[Byzantynske ryk|Byzantinen]] ferneatige waard. Yn [[682]] oermasteren de Arabieren it lân en waard de [[islam]] yntrodusearre. Sawol Arabyske as Berberdynastyën regearden oer Marokko. Ferneamde dynastyën wienen de [[Almoraviden]], de [[Almohaden]] en de [[Meriniden]]. Under de Almoraviden soe 'de Maghreb' foar it earst feriene wurde.
 
Yn [[1415]] waard de stêd [[Ceuta]] troch de [[Portegal|Portegezen]] oermastere. Letter soenen noch mear MarokaanskeMarokkaanske stêden yn Portegeesk en [[Spanje|Spaansk]] besit komme, mar om 1700 hinne hienen de Marokannen alle stêden sels wer yn hannen. Begjin [[20e iuw]] waard Marokko troch Frankryk en Spanje oermastere dy’t Marokko yn [[1912]] ferparten yn in (grut) Frânsk [[protektoraat]] en in (lyts) Spaansk protektoraat. Dat gong net op stel en sprong, want nei de tiid ûntstean faak opstannen.
 
Op [[2 maart]] [[1956]] waard Marokko ûnôfhinklik fan Frankryk en even letter ek fan Spanje. Marokko waard wer in keninkryk mei [[Mohammed V fan Marokko|Mohammed V]] as kening. Yn [[1976]] foel Marokko de [[Westlike Sahara]] binnen dat sûnt dy tiid troch de Marokannen beset holden wurdt.
455

bewurkings

Navigaasjemenu