Jonathan van het Reve: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Rigel 17: Rigel 17:


{{DEFAULTSORT:Reve, Jonathan van het}}
{{DEFAULTSORT:Reve, Jonathan van het}}
[[Kategory:Nederlânsk sjoernalist]]
[[Kategory:Nederlânsk kollumnist]]
[[Kategory:Nederlânsk kollumnist]]
[[Kategory:Nederlânsk skriuwer]]
[[Kategory:Nederlânsk romanskriuwer]]

De ferzje fan 17 feb 2015 om 22.16

Jonathan van het Reve (Amsterdam, 14 novimber 1983) is in Nederlânsk skriuwer. Hy is in soan fan David van het Reve en Ileen Montijn. Karel van het Reve wie syn pake; de skriuwer Gerard Reve wie sadwaande syn âldomke.

Yn 2007 debutearre er mei de koarte roman De boot en het meisje, útjûn troch Nijgh & Van Ditmar, dy't yn de parse frij geunstich besprutsen waard. Der wie wol krityk op de skriuwstyl. Men miende dat dy fan in debutant wie. De beskriuwende dielen fan de novelle waarden lykwols priizge.

Van het Reve hat it Vossius Gymnasium trochrûn, mar hat syn stúdzje oan de Universiteit fan Amsterdam net ôfmakke. Wilens it skriuwen fan syn earste boek wie er as kok oan't wurk.

Hy is redakteur fan it literêre ynternettydskrift Rosa. Dêrneist is er sûnt april 2008 kollumnist by Het Parool.

Bibliografy

  • De boot en het meisje (2007)
  • Niet willen of niet kunnen. Van Gogh en de nacht. Amsterdam, 2009
  • Koken voor vrouwen. Van diner tot ontbijt. (mei Diede H. de Jong) Amsterdam, 2010
  • Hoe Paul (per ongeluk) de poot van Piet brak. Amsterdam, 2011

Keppeling om utens