Doarn: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 16 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1615161
Rigel 15: Rigel 15:


== Bekende ynwenners ==
== Bekende ynwenners ==
De meast ferneamde ynwennner fan Doorn is wol de Dútske keizer [[Wilhelm II fan Dútslân|Wilhelm II]] dy't yn 1918 band waard en him ta wenjen sette yn [[Hûs Doorn]]. Hy wenne dêr oant syn dea yn [[1941]] en leit ek op it lângoed begroeven. Hûs Doorn is no in museum.
De meast ferneamde ynwenner fan Doorn is wol de Dútske keizer [[Wilhelm II fan Dútslân|Wilhelm II]] dy't yn 1918 band waard en him ta wenjen sette yn [[Hûs Doorn]]. Hy wenne dêr oant syn dea yn [[1941]] en leit ek op it lângoed begroeven. Hûs Doorn is no in museum.


De skriuwer [[Simon Vestdijk]] hat in grut part fan syn libben (1939-1971, los fan inkele ûnderbrekkings) ek yn Doorn wenne. [[Maarten Maartens]], yn de jierren 1890-1910 in ferneamd skriuwer, liet yn Doorn in kastieltsje sette: ''Zonheuvel''. Tsjintwurdich hjit it kastieltsje Maarten Maartenshûs en is it part fan it Hotel-Konferinsjesintrum Zonheuvel.
De skriuwer [[Simon Vestdijk]] hat in grut part fan syn libben (1939-1971, los fan inkele ûnderbrekkings) ek yn Doorn wenne. [[Maarten Maartens]], yn de jierren 1890-1910 in ferneamd skriuwer, liet yn Doorn in kastieltsje sette: ''Zonheuvel''. Tsjintwurdich hjit it kastieltsje Maarten Maartenshûs en is it part fan it Hotel-Konferinsjesintrum Zonheuvel.

De ferzje fan 15 feb 2015 om 16.30

Lizzing Doorn
Maartenstsjerke
Hûs Doorn
Maarten Maartenshûs
Mausoleum fan Wilhelm II fan Dútslân yn Doorn

Doorn is in doarp yn de provinsje Utert, gemeente Utrechtse Heuvelrug, op de Utertske Heuvelrêch yn it súdeasten fan de provinsje. De Utertske Heuvelrêch is tsjintwurdich in nasjonaal park. It doarp hat 10.052 ynwenners (2008).

Skiednis en arsjitektuer

Yn in dokumint út de perioade 885-896 wurdt de delsetting "Thorhem" neamd, wenplak fan tongergod Thor (Groenedijk, 2000). Wytsingen legere by Dorestêd, it hjoeddeiske Wijk bij Duurstede, neamden it plak sa omdat de tongergod dêr fereare wurde soe. Yndie wize argeologyske opgravingen yn in heidefjildsje op it noardlik fan Doorn lizzende lângoed Hoog Moersbergen op resten fan in heidensk offerplak. De delsetting Thorhem hearde destiids by de hof Filla Thorhem (Kolman, 1996). Om 1200 wie dizze hof yn it besit fan de Utertske domproast (foarsitter fan in bepaalde ried yn de RK-tsjerke). Hy of ien fan syn opfolgers liet dêr de (Sint-)Maartenstsjerke bouwe (tsjintwurdich yn hannen fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân) en yn de 14e ieu Hûs Doorn. Kastiel Moersbergen, dat yn 1435 foar it earst neamd wurdt, is sûnt de 17e ieu meardere kearen yngreven ferboud.

Yn de 18e ieu waard der op de heide lâns de Provinsjale wei 227 (Amersfoortsewei) wol wat boud, mar troch de grutte fan it lângoed om Hûs Doorn koe it doarp him net goed ûntwikkelje. Dat koe pas nei 1874, doe't it lângoed ferkavele waard. Ek nei de Twadde Wrâldoarloch is it doarp sterk groeid.

Doorn wie oant 1 jannewaris 2006 in selsstannige gemeente. Sûnttiids is it haadplak fan de nije gemeente Utrechtse Heuvelrug.

Bekende ynwenners

De meast ferneamde ynwenner fan Doorn is wol de Dútske keizer Wilhelm II dy't yn 1918 band waard en him ta wenjen sette yn Hûs Doorn. Hy wenne dêr oant syn dea yn 1941 en leit ek op it lângoed begroeven. Hûs Doorn is no in museum.

De skriuwer Simon Vestdijk hat in grut part fan syn libben (1939-1971, los fan inkele ûnderbrekkings) ek yn Doorn wenne. Maarten Maartens, yn de jierren 1890-1910 in ferneamd skriuwer, liet yn Doorn in kastieltsje sette: Zonheuvel. Tsjintwurdich hjit it kastieltsje Maarten Maartenshûs en is it part fan it Hotel-Konferinsjesintrum Zonheuvel.

Sport

Berne

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: