Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Wikiice (oerlis | bydragen)
L Ieneach fan 'e Esk moved page Pieter Albert Vincent baron van Harinxma thoe Slooten to Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten over redirect: de titel wurdt by oare leden fan dit laach ek net yn 'e artikelnamme fermeld
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 12 feb 2015 om 22.19

Mr. Pieter Albert Vincent baron Van Harinxma thoe Slooten

Pieter Albert Vincent baron van Harinxma thoe Slooten (Beetstersweach 22 oktober 1870 - Beetstersweach 5 augustus 1954) wie Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân.

Van Harinxma studearre rjochten oan de Universiteit fan Leien dêr't er yn 1894 promovearre. Hy begûn syn karriêre as abbekaat yn Ljouwert en waard yn 1903 amtner op it ministearje fan Justysje. Yn 1909 folge hy syn heit, Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten op as Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Hy die dat oant ein 1945.

Baron van Harinxma wie tige belutsen by "syn" provinsje. Hy wie in grutte stimulâns foar de ûntwikkelingen op wettersteatkundich mêd yn Fryslân. Ut wurdearring foar dat wurk waard in wichtige skipfeartrûte yn de provinsje nei him neamd: it Van Harinxmakanaal.

Fan de Fryske taal moast Van Harinxma net folle hawwe. In annekdoate wol dat er tsjin in nijkommer yn 'e steaten yn it stedsk sei: "wy bin hier went om geen Fries mar Nederlands te praten".

Sjoch ek

Keppeling om utens