Cornelis Gerritsma: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
kt
Rigel 7: Rigel 7:


{{DEFAULTSORT:Gerritsma, Cornelis}}
{{DEFAULTSORT:Gerritsma, Cornelis}}
[[Kategory:It Hearrenfean]]
[[Kategory:Frysk politikus]]
[[Kategory:Skoatterlân]]
[[Kategory:Frysk gemeenteriedslid]]
[[Kategory:Frysk wethâlder]]
[[Kategory:Frysk wethâlder]]
[[Kategory:Frysk bestjoerder]]
[[Kategory:Frysk liberaal]]
[[Kategory:Persoan berne yn Langsweagen]]

De ferzje fan 12 feb 2015 om 20.43

Cornelis Gerritsma (Langsweagen, 26 maart 1866 - It Oranjewâld, 16 maaie 1951 ) wie riedslid en wethâlder foar de frijzinnige Kiezersgroep yn Skoatterlân.

Gerritsma waard yn 1895 keazen foar de frijsinnige Kiezersgroep ta riedslid fan de eardere gemeente Skoatterlân. Seis jier letter folge syn beneaming ta wethâlder en bleua dit oan 1927 ta. Yn de earste trije desennia fan de 20e iuw wie hy - ûnder it langduorjende boargemasterskip fan de hear Hebbes - in foaroansteand man yn de gemeenteried fan Skoatterlân. Neist de hear Gerritsma wie ek de hear K. de Jong wethâlder en de libbene debatten tusken dizze beide oer gemeentlike fraachstikken wienen faak tige nijsgjirrich.

Bûten syn wurk foar de gemeente hat er ek in soad dien op lânbougebiet en op it terrein fan wetterskippen en feanpolders. Sa wie hy foarsitter fan de Grutte Sintjansgeaster Feanpolder, fan it Wetterskip "De Untginning" yn Weststellingwerf en fan it Wetterskip "De Skoatterlânske Kompanjonsfeart"; ek deskundich bysitter yn de keamer foar krisissaken fan it Kantongerjocht It Hearrenfean en foarsitter fan de ôfdieling It Hearrenfean fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Hy ferstoar yn de âlderdom fan 85-jier op syn bûten "Woudoord" yn It Oranjewâld (no It Hearrenfean).