Springe nei ynhâld

Prêrje: ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  7 jier lyn
omstavere 2015
L (+kat)
(omstavere 2015)
De prêrje omfettet in alderûnbidichst grutte lape fan it binnenlân fan Noard-Amearika en strekt him út oer sawol de [[Feriene Steaten]] as súdlik [[Kanada]], mei in pear isolearre stikken yn noardlik [[Meksiko]]. Dat gebiet omfiemet de hiele [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]], mar dêropta noch it wietere, heuveleftiger lân eastlik dêrfan. Yn it westen wurdt de prêrje begrinzge troch de [[Rocky Mountains]], al is de [[Sintrale Delling (Kalifornje)|Sintrale Delling]] fan [[Kalifornje]] ek in soarte fan prêrje. Beëasten de bergen beslacht de prêrje alle of frijwol alle lân fan 'e [[Amerikaanske steaten]] [[Noard-Dakota]], [[Súd-Dakota]], [[Nebraska]], [[Kansas]] en [[Oklahoma]]. Grutte dielen fan 'e steaten [[Montana]], [[Wyoming]], [[Kolorado]], [[Nij-Meksiko]], [[Teksas]], [[Missoury (steat)|Missoury]], [[Iowa]], [[Illinois]], [[Indiana]], [[Wiskonsin]] en [[Minnesota]] binne ek prêrje. Yn Kanada beslacht de prêrje rûchwei de súdlike helten fan 'e [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|provinsjes]] [[Manitoba]], [[Saskatchewan]] en [[Alberta]].
 
De Noardamerikaanske prêrjes ûntstiene oan 'e ein fan 'e lêste [[iistiid]], sa'n 10.000 jier lyn, en hawwe harren bestean te tankjen oan 'e formaasje fan 'e [[Rocky Mountains]]. Dy skoepen nammentlik in [[reinskaad]] dat de beammen yn in grut gebiet eastlik fan 'e bergen útroegeútrûge. De ûndergrûn fan 'e prêrjes bestiet fierhinne út [[löss]], dat fetber is foar [[wyneroazje]]. De prêrjefegetaasje hat lykwols sokke djippe woartels dat sels yn tiden fan grutte droechtedrûchte de grûn fêstholden wurdt. Pas doe't blanke kolonisten de lânseigen prêrjebegroeiïng begûnen te ferfangen troch [[eksoat]]yske planten (d.w.s. [[nôt]]), waard it systeem fersteurd en ûntstiene der omstannichheden dy't yn tritiger jierren fan 'e [[tweintichste ieu]] ta de saneamde ''[[Dust Bowl]]'' laten, in perioade fan swiere [[stofstoarm]]en, dy't de [[ekology]] en [[lânbou]] op 'e Amerikaanske en Kanadeeske prêrjes slim skansearren.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
10.424

bewurkings