Sigismund fan de Boergonden: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 19 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q318347
L Ieneach fan 'e Esk moved page Sigismund (fan de Boergonden) to Sigismund fan de Boergonden: better
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 5 feb 2015 om 23.55

Sigismund fan de Boergonden

Sigismund wie kening fan de Boergonden tusken 516524. Hy wie de âldste soan fan Gundobad en opfolger. Under it bewâld fan Sigismund gongen de Boergonden fan it Ariaanske kristendom oer ta it katolisisme.

Libben

Sigismund wie boaske mei in dochter fan de Ostrogoatyske kening Diderik de Grutte yn Itaalje en hie by har ien soan, dy't Sigerik hiet. Lykwols liet er syn eigen soan deadzje op fertinking fan ferrie. Sigismund wie katolyk, krektas syn nicht Klotilde dy't boaske wie mei de earder ferstoarne Frankyske kening Klovis. Dizze sibskip mei de Frankyske keningen, werhâlde kening Glodomer, ien fan de soannen fan Klotilde net om de Boergonden oan te fallen. Sigismund waard troch de Franken ferslein en deade 523.

Nei de dea fan Sigismund gong de Boergondyske troan oer nei syn (Ariaanske) broer, Gundomar II, dy't deryn slagge Godomer yn in mûklaach te lokjen, te deadzjen en Boergonje de Franken ôfhannich te meitsjen.

Boarne