Jacob Pieters Asman: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red [[]]
LNo edit summary
Rigel 19: Rigel 19:
[[Kategory:Frysk skriuwer|Asman, Jacob Pieters]]
[[Kategory:Frysk skriuwer|Asman, Jacob Pieters]]
[[Kategory:Terherne|Asman. Jacob Pieters]]
[[Kategory:Terherne|Asman. Jacob Pieters]]
[[Kategory:Akkrum]]
[[Kategory:Persoan berne yn Akkrum|Asman|Jacob Pieters]]

De ferzje fan 2 feb 2015 om 13.52

Japik Pieter Asman

Jacob Pieters Asman ( Akkrum, 8 augustus 1833 - Terherne 22 juny 1902 ) wie in skuonmakker, skearbaas (barbier), winkelman[1] en folksskriuwer út de 'skoalle' fan Waling Dykstra. Hy wie befreone mei skriuwer-sjoernalist Tsjibbe Gearts van der Meulen fan Burgum[2]

Jacob Pieters wie in soan fan Pieter Asman en Klaaske van der Ploeg, dy't as jong span ynwenjen giene by de heit fan Jacob, in Dútser fan komôf, dy't as widner in drokke skuonmakkerij hie yn Akkrum. Jacob ferlear al yn syn earste bernejieren syn mem. It lêzen fan Fryske rymkes ‘heilingen’ en fan Fryske stikjes yn almanakken, al as sânjierrige, hat beskiedend foar syn libben west. De leafde foar syn memmetaal siet djip en oant syn dea hat er Frysk skreaun. Krektas de measte Fryske skriuwers hied er in sober bestean. Earst siet er op de treeft en hantearre els en piktried, letter waard er skearbaas yn Terherne, dêr't hy in menniste faam krige, Hendrikje Atzes van der Schouw († Warkum, 24 jannewaris 1904), mei wa't er op 24 maaie 1857 troude. Ek reizge hy de boeren ôf mei in goud- en sulvermarse en hie in winkeltsje yn tabak en sigaren.

Yn syn frije tiid begûn er te skriuwen yn it Frysk oer it Fryske libben, sketsen fan it skippersbestean en histoarysk-romantyske ferhalen. Ek hied er niget oan it folkslibben da't er dat sels meimakke. Syn measte wurk is te finen yn Fryske tydskriften: Fryske húsfreon, Swanneblommen, Forjit my net, Sljucht en Rjucht en yn de almenak dy't útjûn waard by J.G. de Vries yn Snits. Ek skreau hy Fryske fúljetons yn de Warkumer, Frjentsjerter, Snitser en Grouster krante (Frisia).

Bibliografy

  • Reinder en Antsje (1891)
  • De Noarske fiskersjonge (1891)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW

  1. DBNL
  2. DBNL