Jan bij de Leij: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L +kat
LNo edit summary
Rigel 10: Rigel 10:


{{DEFAULTSORT:Leij, Jan bij de}}
{{DEFAULTSORT:Leij, Jan bij de}}
[[Kategory:Hallum]]
[[Kategory:Persoan berne yn Hallum]]
[[Kategory:Hoarnstersweach]]
[[Kategory:Hoarnstersweach]]
[[Kategory:Frysk toanielskriuwer]]
[[Kategory:Frysk toanielskriuwer]]

De ferzje fan 31 jan 2015 om 19.28

Jan bij de Leij (Hallum, 29 maaie 1864 - Drachten, 22 septimber 1936) wie in ûnderwizer yn Jobbegea-Hoarnstersweach.

By de Leij betsjutte in soad foar it ûnderwiis yn it easten fan de gemeente. Hy begûn as kwekeling oan de skoalle yn Jobbegea-Skuorregea, waard letter ûnderwizer oan de skoalle by de Tredde Slûs yn 1912 haad fan de skoalle foaroer de 15e wyk yn Hoarnstersweach (oant ± 1925). Fûl en mei resultaat hat er it drankmisbrûk yn dizze omkriten bestriden, withoefaak is hy as sprekker yn drankbestridings-gearkomsten en op meetings optreden. Sa hat er him ynset foar Steatspensjoenen. Jierrenlang wie hy foarsitter fan Doarpsbelang, mei oprjochter en kassier fan de Boerelienbank fan Jobbegea-Skuorregea. Party artikels op in soad terreinen skreaun er foar ferskate blêden. Master Bij de Leij wie hast in libbenlang in beminde en tige wurdearre figuer yn dizze streek. Der is ek in strjitte yn Hoarnstersweach nei him neamd.

Wurke mei oan Fryske tydskriften en skreau toanielstikken.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: