Skanomodu (tekst): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
MeinRei (oerlis | bydragen)
Aktueel
Rigel 15: Rigel 15:
It wurd is yn [[rune]]-skrift skreaun en hat eigenskippen dy't karakteristyk binne foar de [[Anglofryske runen]]. It runeteken ᛣ komt yn oare runeskriften as de Anglofryske net foar. Om't de âldste spoaren fan de munt ferwize nei Hannover kin ferûndersteld wurde dat de munt yn it Fryske taalgebiet slein wêze moat en net op de Britske eilannen.
It wurd is yn [[rune]]-skrift skreaun en hat eigenskippen dy't karakteristyk binne foar de [[Anglofryske runen]]. It runeteken ᛣ komt yn oare runeskriften as de Anglofryske net foar. Om't de âldste spoaren fan de munt ferwize nei Hannover kin ferûndersteld wurde dat de munt yn it Fryske taalgebiet slein wêze moat en net op de Britske eilannen.


Skanomodu is ek de namme fan de [[Skanomodu (stúdzjeferiening)|stúdzjeferiening]] fan Fryske taal en kultuer yn Grins.
Skanomodu wie ek de namme fan de eardere [[Skanomodu (stúdzjeferiening)|stúdzjeferiening]] fan de oplieding [[Frysk Ynstitút|Fryske taal en kultuer]] oan de [[Ryksuniversiteit Grins]].


[[Kategory:Frysk]]
[[Kategory:Frysk]]

De ferzje fan 30 jan 2015 om 13.15

Skanomodu is nei alle gedachten it âldste Fryske wurd dat op skrift bekend is. It wurd is yn runen oerlevere op in munt dy't yn it tiidrek 575–610 slein is.

It is net bekend wa't de munt fûn hat en wêr't de munt krekt weikomt. De munt leit no yn it Britsk Museum mar lei dêrfoar yn Hannover. It Keninkryk Hannover wie yn de jierren 1714 en 1837 mei it Britske Keningshûs ferbûn yn in personele uny. Nei alle wierskyn is de munt yn dy tiid nei Grut-Brittanje oerbrocht.

De rune-ynskripsje op de munt sjocht der sa út:

ᛋ ᛣ ᚨ ᚾ ᛟ ᛗ ᛟ ᛞ ᚢ

Transkripsje nei it Latynske alfabet:

skanomodu

Yn it Nijfrysk betsjut skanomodu 'skjinne moed'.

It wurd is yn rune-skrift skreaun en hat eigenskippen dy't karakteristyk binne foar de Anglofryske runen. It runeteken ᛣ komt yn oare runeskriften as de Anglofryske net foar. Om't de âldste spoaren fan de munt ferwize nei Hannover kin ferûndersteld wurde dat de munt yn it Fryske taalgebiet slein wêze moat en net op de Britske eilannen.

Skanomodu wie ek de namme fan de eardere stúdzjeferiening fan de oplieding Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins.