Aleksanderje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 61: Rigel 61:
* [[Mohamed Al-Fayed]] (1933), sakeman
* [[Mohamed Al-Fayed]] (1933), sakeman
* [[Georges Moustaki]] (1934-2013), Gryksk-Frânsk sjonger en [[komponist]]
* [[Georges Moustaki]] (1934-2013), Gryksk-Frânsk sjonger en [[komponist]]
* [[Demis Roussos]] (1946), Gryksk sjonger
* [[Demis Roussos]] (1946-2015), Gryksk sjonger
* [[Dodi Al-Fayed]] (1955-1997), sakeman, freon fan [[Diana Spencer|prinsesse Diana]]
* [[Dodi Al-Fayed]] (1955-1997), sakeman, freon fan [[Diana Spencer|prinsesse Diana]]



De ferzje fan 27 jan 2015 om 19.33

Aleksandrje
اسكندرية
Polityk
Lân Egypte
Sifers
Ynwennertal 4.546.231 (2013)
Oerflak 2.679 km²
Befolkingsticht. 1700 / km²
Hichte 5 m
Oar
Stifting 331 f.Kr.
Tiidsône EST UTC+2
Offisjele webside
www.alexandria.gov.eg
Lizzing fan Aleksandrje yn Egypte

Aleksandrje of Aleksanderje (Arabysk: الإسكندرية / al-ʼIskandariyyah; Ald-Gryksk: ̉Αλεξάνδρεια) is in stêd yn it noarden fan Egypte, oan de Midlânske See en de op ien nei grutste stêd fan dat lân. It leit oan de noardwestpunt fan de Nyldelta.

De stêd is ferneamd nei Aleksander de Grutte, dy't in wrâldryk festige dêr't ek Egypte part fan wie. Fanwege Aleksander boude de Grykske arsjitekt Dinokrates om-ende-by 330 f. Kr. de stêd. Aleksandrje wie ien fan de protte stêden dy't yn opdracht fan Aleksander stifte waarden en allegearre nei him ferneamd.

Tsjintwurdich is Aleksandrje in grutte stêd mei in befolking fan om-ende-by 4 miljoen ynwenners. Der is in wichtige gemyske yndustry festige mei ferskate technologyske bedriuwen. Yn de simmer komme in soad begoedige Egyptenaren nei de stêd fanwege it relative koele en noflike seeklimaat.

Nijsgjirrichheden yn en om Aleksandrje

Oare stêden mei de namme Aleksandrje

Aleksandrje
San Stefano, Aleksandrje

Der binne op de wrâld in soad stêden dy't Aleksandrje hjitte of hjitten hawwe. Aleksander de Grutte ferneamde by syn fjildtochten in protte stêden nei himsels.

De Turkske foarm fan de namme Aleksandrje is Iskenderiye, en de Turkske stêd Iskenderiye (modern Turksk İskenderun is dus ien fan de Aleksandrjes. Yn it Arabysk is al- in foarheaksel, fandêr dat se Aleksander "Eksander" neamden, of mei ferwikseling fan de twalûden Eskander of Iskander of Iskender. Ek it Albaneeske Shkodër hie eartiids de namme Iskenderiye. En yn Irak leit ek in Iskanderia. Oare stêden dy't as Aleksandrje stifte binne, binne Herat, Farah, Kandahar, Chodzjand, Gazhni, Charikar, Bagram en Termiz. De Feriene Steaten fan Amearika hawwe ek ferskate stêden mei de namme Aleksandrje.[1]

Berne yn Aleksandrje

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noat
  1. Alexandria: Alexandria (Kentucky), Alexandria (Louisiana), Alexandria (Virginia), Alexandria (Minnesota)

Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA