Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ellywa (oerlis | bydragen)
borrel in Utrecht op 21 april a.s.
Rigel 251: Rigel 251:
[[zh-yue:Wikipedia:城市論壇]]
[[zh-yue:Wikipedia:城市論壇]]
[[zh-min-nan:Wikipedia:Chhiū-á-kha]]
[[zh-min-nan:Wikipedia:Chhiū-á-kha]]

== borrel in Utrecht op 21 april a.s. ==

Zie [http://nl.wikipedia.org/wiki/Wikipedia:Ontmoeten#Zaterdag_21_april_2007.2C_vanaf_17.30_Utrecht deze aankondiging]. [[Gebruiker:Ellywa|Elly]] 3 apr 2007 14:38 (CEST)

De ferzje fan 3 apr 2007 om 13.41

Dizze side is bedoeld foar oerlis, fragen en opmerkings oer it Wikipedy projekt.

Wij hawwe ek:


Klik hjir om in nij mêd ta te foegjen.

Berjocht:De kroech


Nij oansjen foar de haadportalen

Theun en oaren wurkje ideeën út foar in nije haadside en oan in Nij meidoggerportaal. Mysha

Ik haw de side werneamd nei Wikipedy:Haadside_Nij, om't wy it mei syn allen oanpakke. Ik haw it oerlis oan't no ta dêr ek mar besocht byinoar te krijen. Ik tink dat it it bêste is it oerlis oer de Haadside dêr te hâlden. Theun 8 jan 2007, 19.22 (CET)[beäntwurdzje]

Ik wit net hoe't it sa kaam is, mar ik sjoch hielendal gjin side op Wikipedy:Haadside_Nij. Hm, faaks wit ik it al: Moat dy oerlisside Oerlis:Wikipedy/Haadside Nij net Wikipedy oerlis:Haadside Nij wêze, om't it oars yn de ensyklopedy stiet? Soks koe ek mei de side sels bard wêze. Mysha

Sa better, in typysk gefal fan copy/paste en net fierder sjen at myn noas lang is. Theun 9 jan 2007, 12.47 (CET)[beäntwurdzje]

Bot flag request for User:TXiKiBoT

Hello, I'm eu:TXiKi, from the basque wikipedia, and I would like to ask you for a bot flag here to add and correcting interwiki links from and to West Frisian Wikipedia. I'm an admin user in the basque wikipedia (eu) and I have the bot flag in other 35 wikipedias. I work with the pywikipedia framework correcting the most linked pages as years, domains, municipalities, etc. This is the full list of the wikipedias where I have a flagged bot: am, an, ast, az, bat-smg, bpy, br, ca, co, csb, cv, es, et, eu, frp, ga, gd, gl, hy, it, ksh, lij, ln, nap, nds-nl, oc, ru-sib, scn, sk, sl, sq, ta, ur, vec and vls. I can speak in basque, spanish, catalan and english. Thank you. TXiKiBoT 21 jan 2007, 16.47 (CET)[beäntwurdzje]

Al as net oanmelde?

Ik wit net wat der is, mar wylst ik my yn in iene finster krekt wer oanmelde haw (ûnder it bewurkjen wurdt ik altiten ôfmelde), bliuwt it oare finster der oan fêst hâlde dat ik ôfmelde bin. Dat anonyme wurk oan Berlyn, dat wie ik dus. Mysha

Fandalisme

Rju achte allegear,

Wy ha no sûnt in pear dagen oerlêst fan fandalisten op 'e Fryske Wikipedy. As behearder haw ik de kar 'útslute of sa litte'. Theun hat yn it ferline eat sein oer skoallen, dat in fandalist ús wikipedy fersmoarget, fanôf in kompjûter dy't troch meardere persoanen brûkt wurd. As wy san brûker útslute, kin in oaren ien net mear fanôf dy kompjûter fan wikipedy gebrûk meitsje.

Myn útstel is; eltse meidogger dy ús wikipedy struktureel fersmoarget útslute.

Kening Aldgilles 25 jan 07 10:35 UTC

Der sitte fansels twa kanten oan de saak,
  • ynearsten wolle wy gjin beheinings fan it wurkjen oan de wikipedy, dat is wêrtroch minsken begjinne mei te helpen, mei beheinings krije wy gjin nije meidoggers.
  • wy wolle net dat siden fernielt wurde, en dat moatte wy yn de gaten hâlden en wêr wêromsette.
It blokkearen fan IP-addressen moat al sin hawwe. At in anonym foar it earst is in side fernield hat en hy is nei in 5 minuten wêr fuort, dan hat it net folle sin en slút him in pear oeren letter foar in wike út. Hy fernimt dêr neat fan.
In anonym dy't dwaande is in protte te fernielen, fansels fuortendalik blokkearre, mei in dei of soksawat.
Is in anonym yn tiid fan in pear dagen wêrom, dan is it fansels al saak om him út te slúten. Perioade wike, moanne ? Ik begjin meast mei in wike.
By dit lêste moatte wy fansels al skoallen yn de gaten hâlde. Mei RIPE kinne je dit somtiden wol útfine.
In útslúten IP-adres fan in skoalle soarget derfoar dat oaren op sa'n skoalle net meidwaan kinne.
Allinnich anonymen útslute soarget der wol foar dat minsken wol ynlogge kinne en sa meiwurkje kinne, dat moat altiten kinne.
Miskien is it ek in idee en set in berjocht op sokke siden fan dit is it IP-Address fan dy-en-dy skoalle, fandalisme wurd trochjoen oan de systeembehearder lykas op nl, sjoch bygelyks de side fan ús fandalist op John Lee Hooker hjoed [1]. Ik kin my yntinke dat dit leerlingen miskien tsjinhâld wat te dwaan.
IP-adressen altiten útslute giet my fiersten te fier en is tink ik net nedich. Theun 25 jan 2007, 17.57 (CET)[beäntwurdzje]
In probleem mei wat der op nl: dien wurdt is dat, troch dat byhâlden fan de probleemgefallen, eltsenien dy't fan dat adres in Wikipedy-side opropt hieltiid "Jo hawwe nije berjochten" yn byld krijt, en at er dat folget dy list fan feroarings sjocht. (Ik wurkje op sa'n skoalle; sadwaande.) Mysha
It byhâlden fan fandalisme op dy oerlisside moat dus net, dêr hawwe jo my fuortendalik fan oertsjûge, wy wolle de goeien dêr net mei lêstich falle. Ik hie my dit effekt noch nea realisearre ik hie altiten it idee dit allinnich sichtber wêze soe at je op de wikipedy saken oanpasse wolle. Wurdt hjir wol troch de moderatoren op :nl oan tocht? Mar in tekst dat dat IP-nûmer fan dy-en-dy skoalle is, en dat it net de bedoeling is om de saak te fernielen. Soe dat it fandalisme wat opkeare at men yn de gaten hat dat je dochs net sa anonym binne op it ynternet? Wat tinke jo dêrfan. Theun 1 feb 2007, 19.48 (CET)[beäntwurdzje]

Ofbylden

Om't ik it idee haw dat de lêste tiid wat te folle ôfbylden oanbean wurde wêrfan nêt dúdlik is wat de boarne dêrfan is en at dy ôfbylden wol brûkt wurde meie op de wikipedy haw ik besocht dit earst mar wat dúdliker oan te jaan, mei de side Wikipedy:Ofbylden oanbiede.
Fierders wol ik eltsenien freegje dy't de lêste tiid ofbylden oanbean hat en dêr fierder neat by oanjûn hat, dit dêr dochs noch by te setten.
Ik bin ek fan doel om alle ôfbylden lâns te rinnen en dêrfoar te soargjen dat dit yn de oarder komt, want dit is wol belangryk om problemen yn de takomst foar te kommen. Of at der oaren binne dy't hjir ek oan mei helpe wolle, graach. Theun 12 feb 2007, 20.44 (CET)[beäntwurdzje]

Ik ha even in fraach oer ôfbylden. Hoe sit it mei bronfermelding op dit mêd? Is it mooglik om de namme fan in webside op te jaan by de beskriuwing fan in printsje? J'88 13 feb 2007, 18.04 (CET)[beäntwurdzje]
Elk printsje hat in eigen side dy't krekt as de oare siden te bewurkjen is (troch gewoan wyzigjen te selektearjen). Dêr kinne je dan ek oanjaan wêr at it printsje weikomt ensafuorthinne. Sjoch bygelyks Ofbyld:Fearboat Oerd.jpg. Theun 13 feb 2007, 19.01 (CET)[beäntwurdzje]
Ik bin wat stikken oer it Fierljeppen oan it skriuwen. No ha ik kontakt socht my de webstee fan de Hollânske Ljebbersboun, en dêr mocht ik wol wat printsjes fuort helje. Mar ken ik dan gewoan de webside by de beskriuwing delsette? J'88 13 feb 2007, 19.08 (CET)[beäntwurdzje]
Hawwe jo it stikje Wikipedy:Ofbylden oanbiede trochlêzen? It is belangryk dat jo tastimming hawwe fan de rjochthawwende, en dat is faaks de fotograaf. Dy moat it frijjaan ûnder beheinings op it fersprieden en oanpassen fan it materiaal.
Ik haw it koarte stik fan :nl oerset miskien is it ek handich en lês it hiele ferhaal dêr efkes troch. Ik bin ek net echt in ekspert op dit mêd, mar ik haw wol it doel om derfoar te soargjen dat de fryske wikipedy ek wat mear yn de pas rint mei de wikipedia regels. Theun 13 feb 2007, 19.30 (CET)[beäntwurdzje]

Wikipedia in streektalen

Wikipedia is in onnoemelijk veel talen beschikbaar. Dat is mooi, natuurlijk, en ook erg leuk. Toch verbaast het me dat er zo veel streektalen bij zijn, zoals Catalaans, Iers, Luxemburgs en ook Fries. Nu zal ik de laatste zijn om dat te verbieden, maar het verbaast me wel een beetje.

Je hoopt immers in Wikipedia veel informatie te vinden en met anderen uit te wisselen. Dat gaat het beste als je allemaal dezelfde taal spreekt. De Friestalige Wikipedia bevat onvermijdelijk minder informatie dan de Nederlandstalige, en aangezien alle Friezen ook Hollands kennen, verwacht ik dat de Friezen de Hollandse Wikipedia veel interessanter vinden dan de Friese. Het gevolg is dat een Friese Wikipedia nauwelijks bestaansrecht heeft.

Hoe denken de Friese Wikipediagebruikers hierover?

(En inderdaad, ik ben zelf geen Fries. Niemand is volmaakt, zullen we maar zeggen. Maar ik vind het best leuk als mensen een eigen taal hebben.) 82.75.17.140 21 feb 2007, 10.52 (CET)[beäntwurdzje]

Fries is natuurlijk geen streektaal maar in minderheidstaal, maar je schrijft het zelf al: informatie vinden en uitwisselen. Zelfs al zou iedere Fries het Nederlands perfect beheersen en kunnen gebruiken voor dat vinden van informatie, dan nog zouden sommigen voor dat uitwisselen van informatie liever hun eigen taal gebruiken. Mysha

It is fansels ek in hollânsk idee om te tinken dat elts lân ien eigen taal hat. Hast yn elts lân is it hawwen fan in tal ferskillende talen hiel normaal.
De fryske wikipedy hat fansels besteansrjocht salang at der minsken binne dy't graach yn it frysk lêze en skriuwe meie. It ynternet jout der ek wer ekstra mooglikheden foar, dit is dêr ien fan. Boppedat is it ek sa dat de lytsere wikipedyen ek faak aardige siden opleverje dy nei oersetten wer op in grutter wikipedy telâne komme. Theun 1 mar 2007, 21.14 (CET)
(Het is natuurlijk een hollands idee om te denken dat elk land zijn eigen taal heeft. Bijna in elk land is het hebben van meerdere verschillende talen heel normaal. De friese wikipedie heeft natuurlijk bestaansrecht zolang er mensen zijn die graag fries willen lezen en schrijven. Het internet geeft daar ook weer extra mogelijkheden voor, dit is er een van. Bovendien is het zo dat de kleinere wikipedias toch ook vaak leuke artikelen opleveren die vertaald weer op de grotere wikipedias terechtkomen.)

Misschien ligt het aan mij, maar ik als Nederlander vind het wel interessant om ook eens wat in het Fries, Limburgs, Anglo-Saxisch of welke taal dan ook te lezen. Als je je best doet dan zijn deze (aan het Nederlands verwante) talen best te begrijpen. En zoals hierboven al werd gezegd is Fries natuurlijk geen streektaal. Streektaal betekent dialect, en Fries heeft een duidelijke gezamenlijke geschiedenis met het Engels. M.a.w. áls Fries al een dialect zou zijn, dan was het een Engels dialect en dat lijkt me zelfs voor de leek overduidelijk flauwekul. Hetzelfde geldt voor Iers, wat is een Keltische taal is en dus minder verwant met het Engels dan Zweeds met Nederlands. (Ik begreep in elk geval dat de starter van dit onderwerp Iers als Engelse streektaal bestempelde.)
Ik denk dat wanneer de topicstarter in zijn post de woorden "Nederlands"/"Hollands" vervangt door "Engels", en "Fries" door "Nederlands", hij/zij zelf het antwoord op de vraag wel kan invullen. 82.74.199.159 8 mar 2007, 13.59 (CET)

Haadside

Ik haw no foar trije moannen de nije rubriken Side fan de moanne en Wisten jo dat oanmakke. At der oaren binne dy't hjir ek ris wat oanmeitsje wolle, fiel jo frij. Ik wol eins net dat minsken tinke dat ik hjir allinnich útmeitsje wat op de haadside komt. Dat wol ik perfoarst net hawwe, ast efkes gjin ynspiraasje hast om in nije side te begjinnen of oer te setten of wat ek mar, sjoch ris rûn wat of wy hjir al hawwe en meitsje dizze rubriken foar de kommende moannen. Theun 1 mar 2007, 21.14 (CET)


It taalbestân fan dizze wikipedy

Hallo minsken,

As earste: goed wurk hear!

En no myn echte fraach:

Wy binne op 'e afûk dwaande mei in interne wiki. Fansels wolle wy dit ek yn it Frysk hawwe. No sitte der in protte fouten yn de Fryske mediawiki. Jim hawwe dizze fouten al ferwiderd foar dizze wikipedy. No soe it hiel moai wêze as wy dizze bestânen ek brûke meie, skeelt ús in soad wurk. Dus myn fraach is: Wêr kin ik dit krije?

As it net kin is fansels ek gjin probleem, dan doche wy it sels, mar it soe ús wol skele! --VincentBons 8 mar 2007, 13.34 (CET)

Neffens my kinne jo dy teksten gewoan brûke. Alle teksten binne lykwols in part fan de wikiynhâld. Jo kinne se fine by Wiki:Allmessages. As jo kieze foar PHP dan hawwe jo in list fan alle teksten. Hoe dy dan wer yn jo wiki-fersje te krijen, ik soe it net witte. It kin fansels wol tekst foar tekst, mar der sille fêst makliker manieren wêze.
Miskien dat it kin troch Import and Wiki:Export, mar ik bin eins net sa op de hichte mei de technyske details fan dit soarte saken. Theun 8 mar 2007, 21.49 (CET)
Ik haw it ris neifreegje, mar it ienichste liket te wezen dat immen de taaltriem bywurket. Mar der is gjin systeem makke om ús berjochten dêr yn te krijen, dat dat bart allinnich as immen tiid te folle hat, tink. Mysha
Danke wol. It komt sa wol goed, ik doch it wol my de hân, sa'n protte fouten binne it ek wer net.--VincentBons 21 mar 2007, 15.24 (CET)

Ropta

Hallo, Wy hawwe no in probleem by Mitselwier en Ropta. Beide skriuwe fan de famylje Ropta, oer de state en oer de mûne. Hoe kin dit gearbrocht wurde sûnder dat der gatten yn ien fan beide siden falle? Mysha

Ik sil der ris nei sjen. Theun 18 mar 2007, 10.20 (CET)

Wikizine / Lisinsjes foar ôfbylden

wikizine Lêste edysje (Ingelsktalig) / Ynskriuwe - Hawwe jo sels nijs? E-mail Wikizine of post it op de wiki

Ik wit net wa't ek de oare wiki's in bytsje folget om in bytsje op de hichte te bliuwen fan it nijs bûten de fryske wikipedy, Wikizine is wol geskikt om op de hichte te bliuwen. Dizze wiki stiet dêr neamt dat de foundation in pear útstellen dien hat foar it omgean fan ôfbylden op de wikipedia's.

Wol wichtich om efkes nei te lêzen. Ik hie hjir al in bytsje op rekkene en haw hjir de lêste tiid al wat mei oan de gong west mar der is noch wol wat te dwaan.
Wikizine is op himsels in nijsgjirrich bledsje om op de hichte te bliuwen. Theun 28 mar 2007, 19.07 (CEST)

Oef. Is der ek in oersetting yn gewoan Ingelsk? Mysha

borrel in Utrecht op 21 april a.s.

Zie deze aankondiging. Elly 3 apr 2007 14:38 (CEST)