Hampshire: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 57 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q23204 (translate me)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 8: Rigel 8:
Hampshire is geologysk yn twaën te dielen. it kustgebiet yn it suden bestiet foar it measte part út net-[[eroazje|erodearre]] [[eoseen]] en [[oligoseen]] [[klaai]] en [[grind]], dy't troch it [[Eilân Purbeck]], it [[Eilân Wight]] en [[Dorset]] foar eroazje troch seewetter bewarre bliuwe. Dizze leechlizzende gebieten binne in gaadlik plak foar [[heide (fegetaasje)|heidelânskip]] en [[bosk]]en. It boskige súd-westen fan Hampshire is as [[nasjonaal park]] ''[[New Forest]]'' in beskerme gebiet, dêr't it getijderivierke [[Beaulieu (rivier)|Beaulieu]] streamt.
Hampshire is geologysk yn twaën te dielen. it kustgebiet yn it suden bestiet foar it measte part út net-[[eroazje|erodearre]] [[eoseen]] en [[oligoseen]] [[klaai]] en [[grind]], dy't troch it [[Eilân Purbeck]], it [[Eilân Wight]] en [[Dorset]] foar eroazje troch seewetter bewarre bliuwe. Dizze leechlizzende gebieten binne in gaadlik plak foar [[heide (fegetaasje)|heidelânskip]] en [[bosk]]en. It boskige súd-westen fan Hampshire is as [[nasjonaal park]] ''[[New Forest]]'' in beskerme gebiet, dêr't it getijderivierke [[Beaulieu (rivier)|Beaulieu]] streamt.


It noarden en de sintrale dielen fan it greefskip besteane út de [[kalkstien]]formaasje fan de [[Salisbury Plain]] en de [[South Downs]]. De lêsten binne relatyf hege [[hichte (geology)|heuvels]] dy't de grins foarmje tuslen it kalkstienplato en de klaaigrûn. De [[Pilot Hill]] is mei 286 meter it heechste punt fan Hampshire. It grutste part fan it greefskip is ûngeskikt foar it [[lânbou|bouwen]] fan gewaaks, mar de tanimmende fraach nei fiedsel oan it begjin fan de [[20e ieu]] hat der ta laat dat de [[primêre sektor|agrikulturele sektor]] groeide. It easten fan Hampshire is no beskerme tsjin fierdere skea troch yntensive lânbou, sûnt it oanwiisd is as ''Area of Outstanding Natural Beauty''.
It noarden en de sintrale dielen fan it greefskip besteane út de [[kalkstien]]formaasje fan de [[Salisbury Plain]] en de [[South Downs]]. De lêsten binne relatyf hege [[hichte (geology)|heuvels]] dy't de grins foarmje tuslen it kalkstienplato en de klaaigrûn. De [[Pilot Hill]] is mei 286 meter it heechste punt fan Hampshire. It grutste part fan it greefskip is ûngeskikt foar it [[lânbou|bouwen]] fan gewaaks, mar de tanimmende fraach nei fiedsel oan it begjin fan de [[20e iuw]] hat der ta laat dat de [[primêre sektor|agrikulturele sektor]] groeide. It easten fan Hampshire is no beskerme tsjin fierdere skea troch yntensive lânbou, sûnt it oanwiisd is as ''Area of Outstanding Natural Beauty''.


It klimaat yn Hampshire is mylder as trochstrings op de [[Grut-Brittanje|Britske eilannen]] it gefal is, mei in trochsneed fan 1541 sinne-oeren en 870 [[millimeter|mm]] rein yn't jier.
It klimaat yn Hampshire is mylder as trochstrings op de [[Grut-Brittanje|Britske eilannen]] it gefal is, mei in trochsneed fan 1541 sinne-oeren en 870 [[millimeter|mm]] rein yn't jier.

De ferzje fan 19 jan 2015 om 14.49

Lizzing Hampshire yn Ingelân

Hampshire (ôfkoarte as Hants) is in net-stedske greefskip, oan de súdkust fan Ingelân. Der wenje sa'n 1.2 miljoen minsken. De wichtichste stêden binne de haadstêd Winchester en de unitary authorities Portsmouth en Southampton.

Hampshire is populêr by toeristen fanwege it nei Ingelske begrippen sinnige klimaat en de lizzing oan de kust. It greefskip kent in rike maritime skiednis; twa fan de grutste havens fan it lân lizze yn Hampshire.

Geografy

Rivier de Beaulieu

Hampshire is geologysk yn twaën te dielen. it kustgebiet yn it suden bestiet foar it measte part út net-erodearre eoseen en oligoseen klaai en grind, dy't troch it Eilân Purbeck, it Eilân Wight en Dorset foar eroazje troch seewetter bewarre bliuwe. Dizze leechlizzende gebieten binne in gaadlik plak foar heidelânskip en bosken. It boskige súd-westen fan Hampshire is as nasjonaal park New Forest in beskerme gebiet, dêr't it getijderivierke Beaulieu streamt.

It noarden en de sintrale dielen fan it greefskip besteane út de kalkstienformaasje fan de Salisbury Plain en de South Downs. De lêsten binne relatyf hege heuvels dy't de grins foarmje tuslen it kalkstienplato en de klaaigrûn. De Pilot Hill is mei 286 meter it heechste punt fan Hampshire. It grutste part fan it greefskip is ûngeskikt foar it bouwen fan gewaaks, mar de tanimmende fraach nei fiedsel oan it begjin fan de 20e iuw hat der ta laat dat de agrikulturele sektor groeide. It easten fan Hampshire is no beskerme tsjin fierdere skea troch yntensive lânbou, sûnt it oanwiisd is as Area of Outstanding Natural Beauty.

It klimaat yn Hampshire is mylder as trochstrings op de Britske eilannen it gefal is, mei in trochsneed fan 1541 sinne-oeren en 870 mm rein yn't jier.

Oanswettende greefskippen

Noard-westen:
Wiltshire
Noarden:
Berkshire
Noard-easten:
Surrey
Westen:
Wiltshire
Hampshire Easten:
Surrey, West Susseks
Súd-westen:
Dorset
Suden:
-
Súd-easten:
West Susseks

Oerheid

Dokken fan Southhampton

Distrikten

Distrikten Detailkaart
  1. Gosport
  2. Fareham
  3. Winchester
  4. Havant
  5. East Hampshire
  6. Hart
  7. Rushmoor
  8. Basingstoke and Deane
  9. Test Valley
  10. Eastleigh
  11. New Forest
  12. Southampton (Unitary)
  13. Portsmouth (Unitary)

Plakken

Nije apparteminteflats yn Basingstoke

Grutte plakken mei harren ynwennertal:

Bekende lju út Hampshire