Spûk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 67 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q45529
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
L Yn 'e Wâlden moved page Spoek to Spûk: omstavere 2015
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 17 jan 2015 om 19.37

In spoek, spûk of spok is in geast dy't foar ûnferklearbere dingen soarget.

Spoekferskining yn it Hûs fan antlitten yn Spanje.

Der besteane in soad sêgen oer spoeken. Se komme al foar yn Fryske boarnen út de Midsieuwen. Noch 1729 skriuwt Ulrik Huber yn Hedendaegse Regtsgeleartheyt , dat in 'om spookerij ende nickers rasery' flechte boer sterk stiet, as hy mei tsjûgen bewize kin dat hy net sûnder reden it pachte hûs ferlitten hat. It Fryske folksleauwe hat in grut ferskaat oan spoeken: pleachbist, wite en swarte juffer, kopleaze bisten as foalle, hynder, keal, hûn en kat; lokale spoeken en tafallige ferskiningen.

De reden wêrom it spoeket, koe wêze: moard, selsmoard, ferbergjen fan stellen guod, in net neikomd ûnthjit of in ferjitten deadshimd foar in ferstoarne. Faak wurdt der gjin reden neamd. Der besteane in soad middels om spoeken te ferdriuwen, mar faak moast der in duvelbanner by komme.

Het spoek fan Feanwâlden hat neffens it ferhaal syn jild ferside brocht mei help fan de duvel. Hjir mear:[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: