Marthinus Wessel Pretorius: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L kat
kt
Rigel 12: Rigel 12:
[[Kategory:Súdafrikaansk politikus]]
[[Kategory:Súdafrikaansk politikus]]
[[Kategory:Presidint]]
[[Kategory:Presidint]]
[[Kategory:Persoan fan Afrikaner komôf]]

De ferzje fan 29 des 2014 om 19.23

Marthinus Wessel Pretorius

Marthinus Wessel Pretorius (Graaff-Reinet, 17 septimber 1819 - Potchefstroom, 19 maaie 1901) wie de earste presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk.

Pretorius hat de grûnwet fan de Súd-Afrikaanske republyk opsteld en de stêd Pretoria stifte. Dit plak hat hy syn heit Andries Pretorius ferneamd, de doetiidske lieder fan de foartrekkers.

Pretorius wie tusken 1853 en 1856 it lêste haad fan de steat fan Potchefstroom. Dêrnei waard hy fan 1857 oant 1860, en fan 1864 oant 1871 de earste presidint fan de Súd-Afrikaanske republyk. Fan 1859 oant 1863 wie hy presidint fan de Oranje Frijsteat. Fierders wie hy fan 1880 oant 1883 ek meisteatshaad fan Transvaal. Pretorius wie de âldste soan fan Andries Pretorius en Christina Petronelle de Wit. Op 19 desimber troude hy mei Alleta Magdela Smit.

Doe’t Pretorius syn heit op 23 july 1853 ferstoar folge hy him op as kommandantgeneraal fan it distrikt Potchefstroom en Rustenburg. Yn dizze rol sette hy de tinzen fan syn heit troch en dat wie de feriening fan alle Boeren.