Nikki Benz: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L update
Rigel 133: Rigel 133:
[[Kategory:Oekraynsk pornoakteur]]
[[Kategory:Oekraynsk pornoakteur]]
[[Kategory:Kanadeesk politikus]]
[[Kategory:Kanadeesk politikus]]
[[Kategory:Kanadeesk persoan fan Oekraynsk komôf]]

De ferzje fan 26 des 2014 om 14.42

Berjocht:Pornografysk aktrise Nikki Benz, echte namme: Alla Montchak (11 desimber 1981), is in Oekraynsk-Kanadeesk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja waard berne yn 'e Oekraïne, doedestiden noch de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk, in dielsteat fan 'e Sovjet-Uny, mar hja groeide op yn Toronto, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario.

Libben

Nikki Benz begûn as topless foto- en kalindermodel en fûn al rillegau wurk as stripper. Se bedarre yn 'e pornoyndustry troch yn 2002 út harsels kontakt op te nimmen mei in pornoregisseur. Se tekene yn jannewaris 2003 in kontrakt foar in jier mei Pleasure Productions en makke har debút yn in pornografyske film datselde jiers, earst yn in lesbyske sêne mei Gina Lynn yn Strap On Sally 20, en dêrnei yn in heteroseksuële sêne mei akteur Ben English yn The Sweetest Thing. Doe't har kontrakt ôfrûn, ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en dêr't se bêste freondinnen waard mei har kollega-pornoaktrise Puma Swede. Yn septimber 2004 sleat se in kontrakt ôf mei Jill Kelly Productions (JKP), mar in jier letter, yn 2005, stapte se oer nei TeraVision. Sûnt 2003 hat se yn teminsten 185 films spile.

Njonken har aktearwurk posearret Nikki Benz ek foar neakenblêden. Sa hat se yn 'e Penthouse, High Society, Fox, OUI, Chéri, Hustler, Club en Club International stien. Se wie de covergirl fan 'e Penthouse yn maaie 2008, de Penthouse Pet fan 'e moanne yn april 2010, en boppedat de Penthouse Pet fan it Jier yn 2011. Fierdersoan presintearre se in hoartsje in tillevyzjeshow op it kabelkanaal KSEX, mei as titel Contract Superstars, yn 'e mande mei Lacey Heart, Ashley Steele, Stormy Daniels en Tyler Faith, mar hold dêrmei op om't se der nei eigen sizzen gjin tiid mear foar hie. Yn 'e mande mei Lisa Ann en Sean Michaels presintearre Nikki Benz yn april 2010 ek de útrikking fan 'e XRCO Awards.

Nikki Benz hat ûnderskate kaméoroltsjes hân yn mainstream-útstjoerings en -publikaasjes (soks neamt men yn 'e pornoyndustry in crossover). Sa spile se in pear kear in sarkastyske grappen meitsjende skjinmakster yn it programma Cubed, op FoxSports.com. Ek hie se in lyts roltsje yn it filmdrama My Trip Back to the Dark Side, fan Emmy Award-winner en regisseur Shane Stanley, út 2013. Hja wie ek te sjen yn 'e fideoklip fan it nûmer Lose Yourself, dat de titelsong fan My Trip Back to the Dark Side is. En ta ein beslút komt se wiidweidich yn byld yn it fideospultsje Saints Row - The Third - The Penthouse Pack, dat útbrocht is troch Volition.

Ein maaie 2014 stelde Benz har kandidaat foar it boargemasterskip fan 'e Kanadeeske metropoal Toronto, wêrfoar't yn oktober ferkiezings holden wurde sille, as alternatyf foar de flokkende en mâltjirgjende, komasûpende en cracksmokende sittende boargemaster Rob Ford.

Prizen en Nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2006 AVN Award nominearre bêste fideosekssêne fan in pearke Take No Prisoners
nominearre bêste byrol fan in aktrise op fideo Jack's Teen America 2
nominearre bêste striptiis-act Take No Prisoners
2008 AVN Award nominearre bêste triosekssêne Meet the Fuckers
FAME Award finaliste meast seksy lichem n.f.t.
2010 Xbiz Award nominearre pornostjerwebside fan it jier n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne Penthouse: Slave for a Night
FAME Award finaliste meast seksy lichem n.f.t.
finaliste leaflingsboarsten n.f.t.
2011 Penthouse Pet wûn Penthouse Pet fan it Jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste crossover-stjer n.f.t.
Howard Stern syn radioprogramma wûn Howard Stern syn sterkste neakene frou fan 'e wrâld n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste stripklubartyste (publykspriis) n.f.t.
2013 Xbiz Award nominearre bêste crossover-stjer fan it jier n.f.t.
AVN Award nominearre bêste pornostjerwebside fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.