Kiuw: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
L Yn 'e Wâlden moved page Kieu to Kiuw over redirect: stavering foar 2015
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1: Rigel 1:
[[File:Tuna Gills in Situ 01.jpg|right|thumb|250px|De kieuwen fan in (slachte) [[tonyn]], fan efteren sjoen.]]
[[File:Tuna Gills in Situ 01.jpg|right|thumb|250px|De kiuwen fan in (slachte) [[tonyn]], fan efteren sjoen.]]
In '''kieu''' (of '''kiuw''') is ien fan in pear gelikense [[orgaan|organen]] om mei te [[sykheljen]], dy't foarkomme by in protte [[bisten]] dy't yn it [[wetter]] libje. De funksje fan dizze organen, dy't ornaris fuort efter de [[kop]] oan wjerskanten fan it lichem sitte, is om oploste [[soerstof]] oan wetter te ûntlûken en der [[koalstofdiokside]] oan ôf te jaan. Dêrmei binne se it ekwifalint by wetterdieren foar [[longen]] by lândieren. Kieuwen binne it bekendst fan [[fisken]], mar ek oare wetterdieren hawwe se, lykas beskate [[ynsekten]], guon [[lidpoatigen]] ([[krabben]], [[kreeften]], [[garnalen]]) en de [[larve|larvale]] stadia fan [[amfibyen]]. De kieuwen fan guon fan sokke bisten, lykas de [[hearemytkreeft]] (''Pagurus bernhardus''), hawwe har sa ûntjûn dat der ek op it droege mei azeme wurde kin, op betingst dat se fochtich holden wurde.
In '''kiuw''' is ien fan in pear gelikense [[orgaan|organen]] om mei te [[sykheljen]], dy't foarkomme by in protte [[bisten]] dy't yn it [[wetter]] libje. De funksje fan dizze organen, dy't ornaris fuort efter de [[kop]] oan wjerskanten fan it lichem sitte, is om oploste [[soerstof]] oan wetter te ûntlûken en der [[koalstofdiokside]] oan ôf te jaan. Dêrmei binne se it ekwifalint by wetterdieren foar [[longen]] by lândieren. Kiuwen binne it bekendst fan [[fisken]], mar ek oare wetterdieren hawwe se, lykas beskate [[ynsekten]], guon [[lidpoatigen]] ([[krabben]], [[kreeften]], [[garnalen]]) en de [[larve|larvale]] stadia fan [[amfibyen]]. De kiuwen fan guon fan sokke bisten, lykas de [[hearemytkreeft]] (''Pagurus bernhardus''), hawwe har sa ûntjûn dat der ek op it drûge mei azeme wurde kin, op betingst dat se fochtich holden wurde.
[[File:LarveKamsalamander.JPG|thumb|left|250px|In [[kikkertfiskje]] fan 'e [[kjimsalamander]], mei útwindige kieuwen.]]
[[File:LarveKamsalamander.JPG|thumb|left|250px|In [[kikkertfiskje]] fan 'e [[kjimsalamander]], mei útwindige kiuwen.]]


Kieuwen lizze efter de saneamde [[kieuspjalt]]en en wurde min ofte mear droegen troch de [[kieubôge]]n. Dat binne heakfoarmige struktueren fan [[bonke]] (by [[bienfiskeftigen]] en [[amfibyen]]) of fan [[kreakbien]] (by [[kreakbienfisken]]) dy't yn 'e wand tusken de kieuspjalten lizze. Histoarysk hawwe har út sokke kieubôgen de earste [[kaak|kaken]] fan libbene [[organisme]]n ûntwikkele. Eltse kieubôge draacht in stikmannich (soms wol in pear hûndert) opinoar steapele [[kieuplaatsje]]s, en elts kieuplaatsje draacht wer in grut tal [[sekundêr kieuplaatsje|sekundêre kieuplaatsjes]]. Wetter dat út 'e [[kieuholte]] wei troch de kieuspjalten parse wurdt, streamt sadwaande troch de tusken de sekundêre kieuplaatsjes leine kanaaltsjes. De [[mikroskopy]]ske struktuer fan 'e kieuwen hat op dy manear in tige grut oerflakgebiet dêr't it soerstofrike wetter yn nau kontakt komt mei it soerstofearme bloed.
Kiuwen lizze efter de saneamde [[kiuwspjalt]]en en wurde min ofte mear drûgen troch de [[kiuwbôge]]n. Dat binne heakfoarmige struktueren fan [[bonke]] (by [[bienfiskeftigen]] en [[amfibyen]]) of fan [[kreakbien]] (by [[kreakbienfisken]]) dy't yn 'e wand tusken de kiuwspjalten lizze. Histoarysk hawwe har út sokke kiuwbôgen de earste [[kaak|kaken]] fan libbene [[organisme]]n ûntwikkele. Eltse kiuwbôge draacht in stikmannich (soms wol in pear hûndert) opinoar steapele [[kiuwplaatsje]]s, en elts kiuwplaatsje draacht wer in grut tal [[sekundêr kiuwplaatsje|sekundêre kiuwplaatsjes]]. Wetter dat út 'e [[kiuwholte]] wei troch de kiuwspjalten parse wurdt, streamt sadwaande troch de tusken de sekundêre kiuwplaatsjes leine kanaaltsjes. De [[mikroskopy]]ske struktuer fan 'e kiuwen hat op dy manear in tige grut oerflakgebiet dêr't it soerstofrike wetter yn nau kontakt komt mei it soerstofearme bloed.


Oan 'e binnenkant fan 'e kieuwen sitte de [[kieuseef|kieuseven]], dy't der by de measte fisken en oare bisten mei kieuwen foar soargje dat de kieu net skansearre rekket troch smoargens en oar yn it wetter omdriuwkeljend materiaal. Sokke kieuseven wurkje dus likernôch itselde as de [[noashier|noashierkes]] by bisten mei [[long]]en. By [[plankton]]itende fisken is de kieuseef tige fyn. Sokke fisken nimme allegeduerigen fia de [[bek]] wetter yn, dat se troch de kieuwen wer nei bûten ta pompe, folle mear as dat se behoefte oan soerstof hawwe. Dêrby giet it har der om dat it plankton, dêr't se fan libje, efter de kieuseven hingjen bliuwt. U.m. de grutste libbene fisk, de [[walfiskhaai]] (''Rhincodon typus''), is sa'n planktonfretter.
Oan 'e binnenkant fan 'e kiuwen sitte de [[kiuwseef|kiuwseven]], dy't der by de measte fisken en oare bisten mei kiuwen foar soargje dat de kiuw net skansearre rekket troch smoargens en oar yn it wetter omdriuwkeljend materiaal. Sokke kiuwseven wurkje dus likernôch itselde as de [[noashier|noashierkes]] by bisten mei [[long]]en. By [[plankton]]itende fisken is de kiuwseef tige fyn. Sokke fisken nimme allegeduerigen fia de [[bek]] wetter yn, dat se troch de kiuwen wer nei bûten ta pompe, folle mear as dat se behoefte oan soerstof hawwe. Dêrby giet it har der om dat it plankton, dêr't se fan libje, efter de kiuwseven hingjen bliuwt. U.m. de grutste libbene fisk, de [[walfiskhaai]] (''Rhincodon typus''), is sa'n planktonfretter.


{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=

De ferzje fan 21 des 2014 om 14.22

De kiuwen fan in (slachte) tonyn, fan efteren sjoen.

In kiuw is ien fan in pear gelikense organen om mei te sykheljen, dy't foarkomme by in protte bisten dy't yn it wetter libje. De funksje fan dizze organen, dy't ornaris fuort efter de kop oan wjerskanten fan it lichem sitte, is om oploste soerstof oan wetter te ûntlûken en der koalstofdiokside oan ôf te jaan. Dêrmei binne se it ekwifalint by wetterdieren foar longen by lândieren. Kiuwen binne it bekendst fan fisken, mar ek oare wetterdieren hawwe se, lykas beskate ynsekten, guon lidpoatigen (krabben, kreeften, garnalen) en de larvale stadia fan amfibyen. De kiuwen fan guon fan sokke bisten, lykas de hearemytkreeft (Pagurus bernhardus), hawwe har sa ûntjûn dat der ek op it drûge mei azeme wurde kin, op betingst dat se fochtich holden wurde.

In kikkertfiskje fan 'e kjimsalamander, mei útwindige kiuwen.

Kiuwen lizze efter de saneamde kiuwspjalten en wurde min ofte mear drûgen troch de kiuwbôgen. Dat binne heakfoarmige struktueren fan bonke (by bienfiskeftigen en amfibyen) of fan kreakbien (by kreakbienfisken) dy't yn 'e wand tusken de kiuwspjalten lizze. Histoarysk hawwe har út sokke kiuwbôgen de earste kaken fan libbene organismen ûntwikkele. Eltse kiuwbôge draacht in stikmannich (soms wol in pear hûndert) opinoar steapele kiuwplaatsjes, en elts kiuwplaatsje draacht wer in grut tal sekundêre kiuwplaatsjes. Wetter dat út 'e kiuwholte wei troch de kiuwspjalten parse wurdt, streamt sadwaande troch de tusken de sekundêre kiuwplaatsjes leine kanaaltsjes. De mikroskopyske struktuer fan 'e kiuwen hat op dy manear in tige grut oerflakgebiet dêr't it soerstofrike wetter yn nau kontakt komt mei it soerstofearme bloed.

Oan 'e binnenkant fan 'e kiuwen sitte de kiuwseven, dy't der by de measte fisken en oare bisten mei kiuwen foar soargje dat de kiuw net skansearre rekket troch smoargens en oar yn it wetter omdriuwkeljend materiaal. Sokke kiuwseven wurkje dus likernôch itselde as de noashierkes by bisten mei longen. By planktonitende fisken is de kiuwseef tige fyn. Sokke fisken nimme allegeduerigen fia de bek wetter yn, dat se troch de kiuwen wer nei bûten ta pompe, folle mear as dat se behoefte oan soerstof hawwe. Dêrby giet it har der om dat it plankton, dêr't se fan libje, efter de kiuwseven hingjen bliuwt. U.m. de grutste libbene fisk, de walfiskhaai (Rhincodon typus), is sa'n planktonfretter.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.