Kiuw: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omst; kiuw letter
Rigel 1: Rigel 1:
[[File:Tuna Gills in Situ 01.jpg|right|thumb|250px|De kieuwen fan in (slachte) [[tonyn]], fan efteren sjoen.]]
[[File:Tuna Gills in Situ 01.jpg|right|thumb|250px|De kieuwen fan in (slachte) [[tonyn]], fan efteren sjoen.]]
In '''kieu''' (of '''kiuw''') is ien fan in pear gelikense [[orgaan|organen]] om mei te [[sykheljen]], dy't foarkomme by in protte [[bisten]] dy't yn it [[wetter]] libje. De funksje fan dizze organen, dy't ornaris fuort efter de [[kop]] oan wjerskanten fan it lichem sitte, is om oploste [[soerstof]] oan wetter te ûntlûken en der [[koalstofdiokside]] oan ôf te jaan. Dêrmei binne se it ekwivalint by wetterdieren foar [[longen]] by lândieren. Kieuwen binne it bekendst fan [[fisken]], mar ek oare wetterdieren hawwe se, lykas beskate [[ynsekten]], guon [[lidpoatigen]] ([[krabben]], [[kreeften]], [[garnalen]]) en de [[larve|larvale]] stadia fan [[amfibyen]]. De kieuwen fan guon fan sokke bisten, lykas de [[hearemytkreeft]] (''Pagurus bernhardus''), hawwe har sa ûntjûn dat der ek op it droege mei azeme wurde kin, op betingst dat se fochtich holden wurde.
In '''kieu''' (of '''kiuw''') is ien fan in pear gelikense [[orgaan|organen]] om mei te [[sykheljen]], dy't foarkomme by in protte [[bisten]] dy't yn it [[wetter]] libje. De funksje fan dizze organen, dy't ornaris fuort efter de [[kop]] oan wjerskanten fan it lichem sitte, is om oploste [[soerstof]] oan wetter te ûntlûken en der [[koalstofdiokside]] oan ôf te jaan. Dêrmei binne se it ekwifalint by wetterdieren foar [[longen]] by lândieren. Kieuwen binne it bekendst fan [[fisken]], mar ek oare wetterdieren hawwe se, lykas beskate [[ynsekten]], guon [[lidpoatigen]] ([[krabben]], [[kreeften]], [[garnalen]]) en de [[larve|larvale]] stadia fan [[amfibyen]]. De kieuwen fan guon fan sokke bisten, lykas de [[hearemytkreeft]] (''Pagurus bernhardus''), hawwe har sa ûntjûn dat der ek op it droege mei azeme wurde kin, op betingst dat se fochtich holden wurde.
[[File:LarveKamsalamander.JPG|thumb|left|250px|In [[kikkertfiskje]] fan 'e [[kjimsalamander]], mei útwindige kieuwen.]]
[[File:LarveKamsalamander.JPG|thumb|left|250px|In [[kikkertfiskje]] fan 'e [[kjimsalamander]], mei útwindige kieuwen.]]



De ferzje fan 20 des 2014 om 11.30

De kieuwen fan in (slachte) tonyn, fan efteren sjoen.

In kieu (of kiuw) is ien fan in pear gelikense organen om mei te sykheljen, dy't foarkomme by in protte bisten dy't yn it wetter libje. De funksje fan dizze organen, dy't ornaris fuort efter de kop oan wjerskanten fan it lichem sitte, is om oploste soerstof oan wetter te ûntlûken en der koalstofdiokside oan ôf te jaan. Dêrmei binne se it ekwifalint by wetterdieren foar longen by lândieren. Kieuwen binne it bekendst fan fisken, mar ek oare wetterdieren hawwe se, lykas beskate ynsekten, guon lidpoatigen (krabben, kreeften, garnalen) en de larvale stadia fan amfibyen. De kieuwen fan guon fan sokke bisten, lykas de hearemytkreeft (Pagurus bernhardus), hawwe har sa ûntjûn dat der ek op it droege mei azeme wurde kin, op betingst dat se fochtich holden wurde.

In kikkertfiskje fan 'e kjimsalamander, mei útwindige kieuwen.

Kieuwen lizze efter de saneamde kieuspjalten en wurde min ofte mear droegen troch de kieubôgen. Dat binne heakfoarmige struktueren fan bonke (by bienfiskeftigen en amfibyen) of fan kreakbien (by kreakbienfisken) dy't yn 'e wand tusken de kieuspjalten lizze. Histoarysk hawwe har út sokke kieubôgen de earste kaken fan libbene organismen ûntwikkele. Eltse kieubôge draacht in stikmannich (soms wol in pear hûndert) opinoar steapele kieuplaatsjes, en elts kieuplaatsje draacht wer in grut tal sekundêre kieuplaatsjes. Wetter dat út 'e kieuholte wei troch de kieuspjalten parse wurdt, streamt sadwaande troch de tusken de sekundêre kieuplaatsjes leine kanaaltsjes. De mikroskopyske struktuer fan 'e kieuwen hat op dy manear in tige grut oerflakgebiet dêr't it soerstofrike wetter yn nau kontakt komt mei it soerstofearme bloed.

Oan 'e binnenkant fan 'e kieuwen sitte de kieuseven, dy't der by de measte fisken en oare bisten mei kieuwen foar soargje dat de kieu net skansearre rekket troch smoargens en oar yn it wetter omdriuwkeljend materiaal. Sokke kieuseven wurkje dus likernôch itselde as de noashierkes by bisten mei longen. By planktonitende fisken is de kieuseef tige fyn. Sokke fisken nimme allegeduerigen fia de bek wetter yn, dat se troch de kieuwen wer nei bûten ta pompe, folle mear as dat se behoefte oan soerstof hawwe. Dêrby giet it har der om dat it plankton, dêr't se fan libje, efter de kieuseven hingjen bliuwt. U.m. de grutste libbene fisk, de walfiskhaai (Rhincodon typus), is sa'n planktonfretter.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.