Haadling: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nij artikel (begjin)
 
artikel wat utwreide
Rigel 1: Rigel 1:
In '''Haadling''' (meartal: ''Haadlingen''), wienen oarspronklik de keazen lieders by de [[Germanen|Germaanske]] folken, lykas de [[Friezen]]. Sy hienen it yn harren doarp of gebied in skoftlang foar it sizzen. Soms waard yn tiden fan oarloch troch de befolking in ''haadling'' as oarlogslieder ([[hartoch]]) beneamd.
In '''Haadling''' (meartal: ''Haadlingen''), wienen oarspronklik de keazen lieders by de [[Germanen|Germaanske]] folken, lykas de [[Friezen]]. It wie gjin [[adel|aadlik]]e titel mar betsjutte ''wichtich persoan''. Mei de tiid waarden sy persoanen of ynfloedryke famyljes dy't in soad lân hienen en bestjoerlike en juridyske foeche útoefene.


==Midsieuwen==
==Untstean==
By de iere Germanen hie in haadling it allinne foar it sizzen yn syn doarp of gebiet. Hy spriek rjocht by skeelen en rôp by swierighedens de befolking by ienoar. By guon stammen hie in haadling ek in sakrale funktie. In skoftlang wie hy de wichtigste persoan, faaks oant syn dea ta of as der in nije haadling keazen waard. Mei de tiid lykswols, waarden haadlingen hieltyd faker keazen út de groep fan [[ealju]], de elite fan de befolking. Sûnt de [[Grutte Folkeferfarren]] kaam der ek mear ôfstan tusken de gewoane minsken en de ealju.
Yn'e [[Midsieuwen]] waarden haadlingen hieltyd faker persoanen of ynfloedryke famyljes fan boeren dy't in soad lân hienen. Gestadich oan naamen sy de keazen posysje oer fan de froegere ''haadlingen''. Yn harren doarpen of gebieten beskikten sy oer bestjoerlike en juridyske bevoegdheden. As teken fan harren macht ûntstie sûnt dy tiid talryke [[stinzen]], ferstjerkte stienen hûzen.

Soms waard yn tiden fan oarloch in ''haadling'' as oarlogslieder beneamd. By de Germanen hiete sa'n oarlochslieder [[hartoch]].

Yn de [[Midsieuwen]], doe by de measte folken de funktie fan haadling oernommen wurden troch ealju, bleau allinnich by de Friezen de funktie fan haadling ûnbedich. Dizze haadlingen wienen persoanen of ynfloedryke famyljes fan boeren dy't in soad lân hienen. Gestadich oan naamen sy de keazen posysje oer fan de froegere ''haadlingen''. Yn harren doarpen of gebieten beskikten sy oer bestjoerlike en juridyske foeche. As teken fan harren macht bouden sy [[stinzen]], ferstjerkte stienen hûzen. Yn [[Fryslân]] kaam in ein oan de macht fan de haadlingen in de [[15e ieu]].


[[kategory:skiednis]]
[[kategory:skiednis]]

De ferzje fan 22 mrt 2007 om 19.09

In Haadling (meartal: Haadlingen), wienen oarspronklik de keazen lieders by de Germaanske folken, lykas de Friezen. It wie gjin aadlike titel mar betsjutte wichtich persoan. Mei de tiid waarden sy persoanen of ynfloedryke famyljes dy't in soad lân hienen en bestjoerlike en juridyske foeche útoefene.

Untstean

By de iere Germanen hie in haadling it allinne foar it sizzen yn syn doarp of gebiet. Hy spriek rjocht by skeelen en rôp by swierighedens de befolking by ienoar. By guon stammen hie in haadling ek in sakrale funktie. In skoftlang wie hy de wichtigste persoan, faaks oant syn dea ta of as der in nije haadling keazen waard. Mei de tiid lykswols, waarden haadlingen hieltyd faker keazen út de groep fan ealju, de elite fan de befolking. Sûnt de Grutte Folkeferfarren kaam der ek mear ôfstan tusken de gewoane minsken en de ealju.

Soms waard yn tiden fan oarloch in haadling as oarlogslieder beneamd. By de Germanen hiete sa'n oarlochslieder hartoch.

Yn de Midsieuwen, doe by de measte folken de funktie fan haadling oernommen wurden troch ealju, bleau allinnich by de Friezen de funktie fan haadling ûnbedich. Dizze haadlingen wienen persoanen of ynfloedryke famyljes fan boeren dy't in soad lân hienen. Gestadich oan naamen sy de keazen posysje oer fan de froegere haadlingen. Yn harren doarpen of gebieten beskikten sy oer bestjoerlike en juridyske foeche. As teken fan harren macht bouden sy stinzen, ferstjerkte stienen hûzen. Yn Fryslân kaam in ein oan de macht fan de haadlingen in de 15e ieu.