Memmetaal: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 82 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q36870
L red+oanf
Rigel 1: Rigel 1:
In '''memmetaal''' is de [[taal]] dy't in [[minske]] as bern it earst leart (yn 'e regel fan 'e [[mem]]; dêrfandinne de oantsjutting "memmetaal"). It wurdt ek wol jins '''earste taal''' neamd, en yn [[taalkunde|taalwittenskiplike]] publikaasjes wurdt it faak oantsjut as '''T1'''. It begryp "earste taal" is lykwols justjes breder as it begryp "memmetaal", en kin ek slaan op 'e taal dêr't men de foarkar oan jout yn in meartalige sitewaasje. Sa brûke de bern fan [[ymmigraasje|ymmigranten]] yn lannen as de [[Feriene Steaten]], [[Kanada]] en [[Austraalje (lân)|Austraalje]] faak it [[Ingelsk]] as har earste taal, wylst it har memmetaal net is.
In '''memmetaal''' is in taal dy't immen as bern oanleard hat, sûnder organisearre taalûnderwiis.


Oer it algemien hawwe minsken mar ien memmetaal. Dat hat dermei te krijen dat de [[neokorteks]] (in diel fan 'e [[harsens]]) fan in bern noch foarme wurdt, en bern sadwaande in grut fermogen hawwe ta it oanlearen fan taal, dat mei de jierren minder wurdt. It is mooglik om twa memmetalen te hawwen as jins heit en mem út ferskillende linguïstyske groepen komme en elk har eigen taal tsjin 'e bern prate. Yn 'e [[Fryslân|Fryske]] kontekst sil soks it faakst foarkomme mei in [[Frysk]]talige mem en in [[Nederlânsk]]talige heit of oarsom. Yn 'e regel past yn sa'n sitewaasje lykwols ien fan 'e âlden him oan 'e taal fan 'e oare oan, en wurdt der yn 'e hûs (of alteast tsjin 'e bern) mar ien taal sprutsen. Dat is dan yn 'e measte gefallen de dominante taal, yn boppeneamd foarbyld dus it Nederlânsk. It hawwen fan twa memmetalen is sadwaande in frij seldsum ferskynsel; it hawwen fan mear as twa memmetalen, wat yn teory mooglik is, komt frijwol nea foar.
Under oaren om't de [[neokorteks]] fan in bern noch foarme wurdt, hat it in grut fermogen ta it oanlearen fan taal, dat mei de jieren minder wurdt. Wylst de taal dy't in mem tsjin har bern praat it dúdlikste foarbyld is, kin in bern ek op oare wizen in memmetaal oanleare. It is ek mooglik dat in bern mear as ien memmetaal leart, tagelyk, bygelyks in [[streektaal]] en [[standerttaal]], of neiïnoar, bygelyks by it ferfarren tusken ferskillende taalgebieten.


Men hat it yn [[Fryslân]] en oare [[minderheidstaal]]gebieten wol faak oer [[twataligens]], mar dêrmei bedoelt men net it hawwen fan twa memmetalen, mar ynstee it libjen yn in twatalige maatskippij, sa't dy yn Fryslân bestiet. Dat bern mei in minderheidstaal as memmetaal al jong de yn har lân dominante taal (bgl. Nederlânsk, [[Ingelsk]], [[Frânsk]], [[Spaansk]], ensfh.) leare, wol net sizze dat dat dêrmei in memmetaal foar har wurdt. Krektoarsom, ek sa'n ier oanlearde taal sil altyd in [[twadde taal]] bliuwe, of it moat wêze dat it bgl. giet om [[adoptaasje|oannommen bern]], dy't jong yn in hiel oar taalfermidden telâne komme en nea har eigentlike memmetaal wer hearre.
[[21 febrewaris]] is de [[ynternasjonale dei fan de memmetaal]].

[[21 febrewaris]] is de [[Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal]].

{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Crystal, David}}, ''The Penguin Dictionary of Language (Second Edition)'', Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 119.
}}


[[Kategory:Taalkunde]]
[[Kategory:Taalkunde]]

De ferzje fan 1 des 2014 om 11.59

In memmetaal is de taal dy't in minske as bern it earst leart (yn 'e regel fan 'e mem; dêrfandinne de oantsjutting "memmetaal"). It wurdt ek wol jins earste taal neamd, en yn taalwittenskiplike publikaasjes wurdt it faak oantsjut as T1. It begryp "earste taal" is lykwols justjes breder as it begryp "memmetaal", en kin ek slaan op 'e taal dêr't men de foarkar oan jout yn in meartalige sitewaasje. Sa brûke de bern fan ymmigranten yn lannen as de Feriene Steaten, Kanada en Austraalje faak it Ingelsk as har earste taal, wylst it har memmetaal net is.

Oer it algemien hawwe minsken mar ien memmetaal. Dat hat dermei te krijen dat de neokorteks (in diel fan 'e harsens) fan in bern noch foarme wurdt, en bern sadwaande in grut fermogen hawwe ta it oanlearen fan taal, dat mei de jierren minder wurdt. It is mooglik om twa memmetalen te hawwen as jins heit en mem út ferskillende linguïstyske groepen komme en elk har eigen taal tsjin 'e bern prate. Yn 'e Fryske kontekst sil soks it faakst foarkomme mei in Frysktalige mem en in Nederlânsktalige heit of oarsom. Yn 'e regel past yn sa'n sitewaasje lykwols ien fan 'e âlden him oan 'e taal fan 'e oare oan, en wurdt der yn 'e hûs (of alteast tsjin 'e bern) mar ien taal sprutsen. Dat is dan yn 'e measte gefallen de dominante taal, yn boppeneamd foarbyld dus it Nederlânsk. It hawwen fan twa memmetalen is sadwaande in frij seldsum ferskynsel; it hawwen fan mear as twa memmetalen, wat yn teory mooglik is, komt frijwol nea foar.

Men hat it yn Fryslân en oare minderheidstaalgebieten wol faak oer twataligens, mar dêrmei bedoelt men net it hawwen fan twa memmetalen, mar ynstee it libjen yn in twatalige maatskippij, sa't dy yn Fryslân bestiet. Dat bern mei in minderheidstaal as memmetaal al jong de yn har lân dominante taal (bgl. Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk, Spaansk, ensfh.) leare, wol net sizze dat dat dêrmei in memmetaal foar har wurdt. Krektoarsom, ek sa'n ier oanlearde taal sil altyd in twadde taal bliuwe, of it moat wêze dat it bgl. giet om oannommen bern, dy't jong yn in hiel oar taalfermidden telâne komme en nea har eigentlike memmetaal wer hearre.

21 febrewaris is de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 119.