Sleat (stêd): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Molen17 (oerlis | bydragen)
wikidata
L Coat_of_arms_of_Sloten.gif ferfange troch Coat_of_arms_of_Sloten.png (troch GifTagger om't: Replacing GIF by exact PNG duplicate.).
Rigel 2: Rigel 2:
| doarpsnamme = Sleat
| doarpsnamme = Sleat
| flagge = Flag of Sloten.svg
| flagge = Flag of Sloten.svg
| wapen = Coat of arms of Sloten.gif
| wapen =Coat_of_arms_of_Sloten.png
| lokaasje = Map NL Gaasterlân Sleat Sleat.png |
| lokaasje = Map NL Gaasterlân Sleat Sleat.png |
| gemeentenamme= Gaasterlân-Sleat |
| gemeentenamme= Gaasterlân-Sleat |

De ferzje fan 24 nov 2014 om 05.42

Sleat
Flagge fan Sleat Wapen fan Sleat
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sleat
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Ynwennertal (2004) 760
Webstee sloten.nl
Histoaryske kaart en stedsgesicht fan Sleat út 1664
Sleat
Nôtmûne by de wetterpoarte
Restant fan de Stedswâl
Fanút de Lemsterpoarte
Hearresleat mei Herfoarme tsjerke
Earder stedhûs, no Museum Stedhûs

Sleat (Sloten) is in stêd yn de gemeente Gaasterlân-Sleat. Sleat leit tichtby de Sleattemer Mar tusken De Lemmer en Balk. Mei likernôch 750 ynwenners is Sleat de lytste fan de Fryske âlve stêden. Fan 1851 oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Sleat in selstannige gemeente, op de grins fan Gaasterlân, Doanjewerstâl en Lemsterlân. It waard doe gearfoege mei de gemeente Gaasterlân.

Skiednis

Sleat is ûntstien út in sterkte dy't yn de 13e ieu boud waard dêr't it wetter fan Snits nei Teakesyl krúst waard troch de wei fan Gaasterlân nei Doanjewerstâl. De delsetting stie by in stins fan de famylje Van Harinxma thoo Slooten, en wurdt op in oarkunde fan 30 augustus 1426 as stêd neamd. By de stêd hawwe in oantal fjildslaggen west, yn 1420 en 1496. Yn 1523 is it stedsje as lêste Fryske fêstiging yn hannen fallen fan de erfgenamten fan de greven fan Hollân. By it belis fan Sleat yn 1523, dêr't Fryske en Gelderske troepen legere wienen, is de Hollânske edelman Jan fan Wassenaar deadlik ferwûne rekke. De ealman wie de lêste Hollander dy't omkaam yn de striid om de hearskippij oer Fryslân.

Sleat lei oan de wichtige wetterferbining fan Snits nei de Sudersee en sa fierder nei de hânzestêden oan de Isel. Yn Sleat kruse dizze wetterwei mei de lândyk fan Dútslân nei Starum. Op dizze krusing koe men dus tol heffe en strategyske kontroles hâlde. De landwei rûn fia Doanjewerstâl oer de gaasten (sânrêgen) fia Sleat, wêr't de wetterwei te oerbrêgjen wie, nei Gaasterlân en sa fierder nei Starum, dat yn de midsieuwen al in grutte en wichtige hannelsstêd wie.

Yn 1581 krige Sleat fiif bastions en fjouwer poarten: twa wâlpoarten en twa wetterpoarten oan beide kanten fan It Djip. De poarten binne boud foar de tolheffing.

Ek yn de Tachtichjierrige Oarloch foarme Sleat in belangrike sleutelposysje. De Spanjerts hawwe it stedsje noch besocht te feroverjen troch manskippen te ferstopjen yn in bierskip. De list mislearre. Oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch bliezen de Dútsers de brêge oer de Ie op om de fuortgong fan Kanadeeske troepen te fertraagjen.

Tsjintwurdich is Sleat net mear fan strategysk belang. It stedsje lûkt no in soad wettersporters, deitoeristen en misken dy't on oangename wenomjouwing sykje. Oan de súdside fan it stedsje is yn de jierren 70 in jachthaven oanlein dêr't ek inkele wettersportbedriuwen sitte. Ek stiet der yn it stedsje in grutte fabryk dy't diel útmakket fan Sleat, in bedriuw dat feefoer makket foar jongfee. En fierders is der yn de omkriten in soad feehâlderij dy't tige wichtich is foar de lokale ekonomy.

De oarspronklike bewâling fan it stedsje is suver hielendal beholden en de oarspronklike struktuer fan Sleat is ek hast hielendal yntakt. De festing wie ûntwurpen troch de bekende festingbouwer Menno van Coehoorn, dy't yn it tichtby lizzende Wikel begrioeven leit. Sleat wie yn festingtermen de ideale stêd, har foarm hat in soad fan in sipel, it stedsje wurdt dan ek wol de "sipelstêd" neamd.

Sleat hat ûngefear 1000 ynwenners en makket dêrom oanspraak op de earetitel lytste stêd fan Nederlân (sjoch ek Bronkhorst). It stedsje is ek ien fan de stimpelplakken fan de Alvestêdetocht.

Mienskip

Sleat hat in feriening foar Pleatslik belang. De Poarte is it sosjaal-kultureel sintrum. De Klinkert is de basisskoalle fan de stêd.

Ferienings

  • fuotbalferiening
  • tennisferiening

Ynwenners

Monuminten

Lytste stêdsje fan de wrâld

Neffens Albert Hendriks [1] fan it "toeristenburo Friesland Holland" is Sleat de lytste stêd fan de wrâld en net it Belgyske Durby dat op dit stuit de namme hat de lytste te wêzen. Hy komt ta dizze konkluzje as er it oantal ynwenners, it oerflak en de struktuer fan de stêden mei inoar fergeliket. Yn Nederlân meitsje ek it Gelderske Bronkhorst, it Sieuske Sint Anna ter Muiden en it Gelderske Staverden oanspraak op de titel lytste stêd fan de wrâld.

Ferskaat

  • Yn de simmer wurdt eltse freed in kanûn ôffjurre troch de skutterij fan Sleat. Eltse simmer hâldt Sleat Sipelsneon.
  • Yn 2010 waard mei akteurs neispile dat it Spaanske leger yn 1588 besocht temûk in bierskip fol soldaten it stedshert yn te kringen. Se wurde ier genôch ûntdekt en nei is striid ferballe.

Iepenbier Ferfier

Sjoch ek

Strjitten

 
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. LC, 13 juny 2008, side 14.