Helsinki: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29: Rigel 29:


== Skiednis ==
== Skiednis ==
Helsinky waard op 12 juny 1550 oprjochte troch de Sweedske kening Gustav Vasa, as konkurint foar de [[Hânze]]stêd [[Tallin|Tallyn]]. Oarspronklik lei de stêd oan de mûning fan de rivier [[Vantaanjoki]]. Yn 1561 ferovere [[Sweden]] yn de Lyflânske Kriich de stêd Tallinn, dêrtroch waard Helsinky minder belangryk. Yn de haven fan Helsinky koenen gjin grutte skippen komme omdat it wetter net djip genôch wie. Yn 1640 waard troch de gûverneur-generaal Per Brahe besletten om de stêd nei syn notiidske lokaasje, it skiereilân Vironniemi, te ferhúzjen. De âlde stêd oan de mûning fan de Vantaanjoki-rivier wurdt net mear bewenne.
Helsinky waard op 12 juny 1550 oprjochte troch de Sweedske kening Gustav Vasa, as konkurint foar de [[Hânze]]stêd [[Tallin]]. Oarspronklik lei de stêd oan de mûning fan de rivier [[Vantaanjoki]]. Yn 1561 ferovere [[Sweden]] yn de Lyflânske Kriich de stêd Tallinn, dêrtroch waard Helsinky minder belangryk. Yn de haven fan Helsinky koenen gjin grutte skippen komme omdat it wetter net djip genôch wie. Yn 1640 waard troch de gûverneur-generaal Per Brahe besletten om de stêd nei syn notiidske lokaasje, it skiereilân Vironniemi, te ferhúzjen. De âlde stêd oan de mûning fan de Vantaanjoki-rivier wurdt net mear bewenne.


It útwreidzjen fan it [[Russyske Ryk]] en de stifting fan de stêd [[Sint Petersburch]] yn it jier 1703 hienen grutte gefolgen foar de stêd. De Grutte Noardske Kriich tusken Sweden en [[Ruslân]] trof Helsinky hurd. De stêd hie yn 1710 te krijen mei de [[pest]], en waard yn 1713 troch weromlûkende troepen delbaarnd. Yn it tiidrek 1713-1721 en yn de Sweedsk-Russyske Kriich fan 1741-1743 wie Helsinky troch Russen beset.
It útwreidzjen fan it [[Russyske Ryk]] en de stifting fan de stêd [[Sint Petersburch]] yn it jier 1703 hienen grutte gefolgen foar de stêd. De Grutte Noardske Kriich tusken Sweden en [[Ruslân]] trof Helsinky hurd. De stêd hie yn 1710 te krijen mei de [[pest]], en waard yn 1713 troch weromlûkende troepen delbaarnd. Yn it tiidrek 1713-1721 en yn de Sweedsk-Russyske Kriich fan 1741-1743 wie Helsinky troch Russen beset.

De ferzje fan 23 nov 2014 om 16.34

Helsinky
Fan lofts-boppe ôf: Katedraal fan Helsinky, Suomenlinna, Senaatsplein, Aurinkolahtistrân, Stedshûs
Fan lofts-boppe ôf: Katedraal fan Helsinky, Suomenlinna, Senaatsplein, Aurinkolahtistrân, Stedshûs
Polityk
Lân Finlân
Regio Uusimaa
Boargemaster Jussi Pajunen
Sifers
Ynwennertal 602,200 (2012)
Oerflak 715,49 (lân: 213,75) km²
Befolkingsticht. 2.817 / km²
Stêdekloft 1.354.540
Oar
Stifting 1550, 1812 (haadstêd)
Tiidsône East Europeeske Tiid(UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Offisjele webside
www.hel.fi


Helsinky (Finsk Helsinki, Sweedsk Helsingfors) is de haadstêd en it grutste plak fan Finlân. Helsinky leit oan de súdkust fan Finlân. 6,2 persint fan de ynwenners praat Sweedsk.

Skiednis

Helsinky waard op 12 juny 1550 oprjochte troch de Sweedske kening Gustav Vasa, as konkurint foar de Hânzestêd Tallin. Oarspronklik lei de stêd oan de mûning fan de rivier Vantaanjoki. Yn 1561 ferovere Sweden yn de Lyflânske Kriich de stêd Tallinn, dêrtroch waard Helsinky minder belangryk. Yn de haven fan Helsinky koenen gjin grutte skippen komme omdat it wetter net djip genôch wie. Yn 1640 waard troch de gûverneur-generaal Per Brahe besletten om de stêd nei syn notiidske lokaasje, it skiereilân Vironniemi, te ferhúzjen. De âlde stêd oan de mûning fan de Vantaanjoki-rivier wurdt net mear bewenne.

It útwreidzjen fan it Russyske Ryk en de stifting fan de stêd Sint Petersburch yn it jier 1703 hienen grutte gefolgen foar de stêd. De Grutte Noardske Kriich tusken Sweden en Ruslân trof Helsinky hurd. De stêd hie yn 1710 te krijen mei de pest, en waard yn 1713 troch weromlûkende troepen delbaarnd. Yn it tiidrek 1713-1721 en yn de Sweedsk-Russyske Kriich fan 1741-1743 wie Helsinky troch Russen beset.

Op 2 maart 1808 waard Helsinky wer troch Russen beset. Nei de kriich moast Sweden hiel Finlân oan Ruslân jaan. Yn it begjin wie Turku de haadstêd fan it Grutfoarstendom Finlân, dat de grutste en wichtichste stêd wie. Neffens tsaar Alexander I wie Turku te fier fan Sint Petersburch ôf, dêrom moast Helsinky mar haadtêd wurde. Helsinky wie op dat stuit in lyts stedsje mei sa'n 4000 ynwenners. De stêd waard fierder ûntwikkele. Sûnt 1819 sit it Finske senaat yn de stêd.

Nei de grutte brân yn Turku waard ek de Akademy fan Turku nei Helsinky brocht. Fierders wienen der gjin universiteiten yn it lân. Mei de Yndustriële Revolúsje groeide de stêd yn de twadde helte fan de 19e ieu. De treinferbining nei Hämeenlinna en Sint Petersburch ûntstie yn 1862 en 1870. Om 1900 hinne hie Helsinky sa'n 100.000 ynwenners.

Doe't Finlân op 6 desimber 1917 ûnôfhinklik wie, waard Helsinky de haadstêd fan de nije steat. Yn de Finske Boargerkriich dy't dêrop folge ferovere de Reade Garde op 28 jannewaris 1918 de stêd. De konservative Finnen moasten nei de machtsoername de stêd út. Yn april wûnen Dútske troepen nei twa dagen de striid tsjin de Reade Garde. Yn de Twadde Wrâldkriich waard Helsinky slim troffen troch bombardeminten fan de Sowjets. De stêd hie lykwols minder skea as oare Europeeske stêden, mei troch de sterke loftferdigening fan de Finnen.

De Olympyske Spullen fan 1940 waarden yn Helsinky plend. De tarieding en it bouwen wie al begûn, mar de spullen gongen net troch fanwege de Twadde Wrâldkriich. Ynstee fan de Spullen fan 1940, waarden yn 1952 de Olympyske Simmerspullen holden.


Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Berjocht:Link FA Berjocht:Link GA Berjocht:Link GA