Lege Midden: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Cycn (oerlis | bydragen)
No edit summary
L (Script) File renamed: File:It Lege Midden 001.jpgFile:Map of De Lege Midden.jpg File renaming criterion #5: Correct obvious errors in file names (e.g. incorrect [[:en:Proper noun|proper nouns]...
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:It Lege Midden 001.jpg|thumb|right|300px|<small>''De Lege Midden''</small>]]
[[Ofbyld:Map of De Lege Midden.jpg|thumb|right|300px|<small>''De Lege Midden''</small>]]
De '''Lege Midden''' is de namme fan in gebiet yn [[Fryslân]]. It gebiet omklammet rûn om wei de gemeente [[Boarnsterhim]] en it súdlik part fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]]. It gebiet wurdt ek wolris grutter lutsen, dan wurdt it lân tusken [[Dokkum]] en [[Starum]] ta it Lege Midden rekkene. Yn dit gebiet lizze in grut part fan de [[Fryske marren]].
De '''Lege Midden''' is de namme fan in gebiet yn [[Fryslân]]. It gebiet omklammet rûn om wei de gemeente [[Boarnsterhim]] en it súdlik part fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]]. It gebiet wurdt ek wolris grutter lutsen, dan wurdt it lân tusken [[Dokkum]] en [[Starum]] ta it Lege Midden rekkene. Yn dit gebiet lizze in grut part fan de [[Fryske marren]].



De ferzje fan 21 nov 2014 om 14.36

De Lege Midden

De Lege Midden is de namme fan in gebiet yn Fryslân. It gebiet omklammet rûn om wei de gemeente Boarnsterhim en it súdlik part fan de gemeente Ljouwert. It gebiet wurdt ek wolris grutter lutsen, dan wurdt it lân tusken Dokkum en Starum ta it Lege Midden rekkene. Yn dit gebiet lizze in grut part fan de Fryske marren.

De Lege Midden is in feangebiet dat harren útlûkt fan de sângrûnen yn it easten oan de klaaigrûn yn it westen.

It gebiet hat lange tyd sompe west. Sûnt likernôch 1000 foar Kristus kaam it wetter fan de opkommende seespegel yn de Lege Midden. Oan de begjin fan jiertelling kamen de earste minsken yn it gebiet wenjen, mar hja moasten om 300 hinne wer fuort omdat de see fierder opkaam. Mar yn de 10e ieu waard it gebiet troch de minsken goed makke om it te brûken foar healân. Oant fier yn de 19e ieu stie it lân eltse winter ûnder wetter, wêrtroch't yn de tiid blaugerslân ûntstie.

Om 1700 hinne waard begûn mei it winnen fan fean yn it gebiet. Oant dy tiid waard dat allinnich mar foar eigen gebrûk dien. Dêr't op oare plakken de fean sa stutsen wurde koe moast it hjir opbaggere wurde. Yn stee fan fean bleau der wetter oer, petgatten neamd. De bagger waard te droegjen lein, wat oerbleau wienen koarte turven.

Ut dizze feanwinnerij is it natuergebiet De Alde Feanen ûntstien.

Tsjintwurdich wurdt der in protte buorke op it lân. Ek wettersporttoerisme is fan belang foar de ekonomy.