Petrus Adrianus Bergsma: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
LNo edit summary
L kat
Rigel 14: Rigel 14:
}}
}}


[[Kategory:Dantumadiel|Bergsma, Petrus Adrianus]]
[[Kategory:Grytman fan Dantumadiel|Bergsma, Petrus Adrianus]]
[[Kategory:Grytman|Bergsma, Petrus Adrianus]]
[[Kategory:Lânbou|Bergsma, Petrus Adrianus]]
[[Kategory:Lânbou|Bergsma, Petrus Adrianus]]
[[Kategory:Mitselwier|Bergsma, Petrus Adrianus]]
[[Kategory:Mitselwier|Bergsma, Petrus Adrianus]]

De ferzje fan 6 nov 2014 om 18.03

Petrus Adrianus Bergsma (Mitselwier, 15 april 1743 - Dokkum, 14 oktober 1824) wie grytman fan Dantumadiel (1782), deputearre fan Fryslân, lid fan de Admiraliteit en dykgreve fan East-Dongeradielster Seediken. Bergsma wie in soan fan Willem Bergsma en Remelia Schik.

Petrus propagearre de bou fan tabak en sûkerei yn Fryslân. Dat mei tabak slagge net, de sûkereitylt wol (û.o. yn Dantumadiel). De droegerij stichte er yn 1792 en soe de grutste fan it keninkryk wêze. Bergsma hie fierder in hynstefokkerij yn Dantumawâld en hy wie tsjerkefâd. Syn namme stiet op de tsjerkeklok út 1786.

Petrus Adrianus Bergsma wie bekend as útfiner fan it brûken fan sâlt foar it fee en yn it bysûnder as middel om hea te bewarjen, tsjin broeiing en skimmel, wylst it altiten de fiedingswearde fan it hea ferheget. It wie yn 1790 dat er dat foar't earst op it aljemint brocht. De patrysjer Bergsma wie eigner fan 7 fan de 16 stimhawwende pleatsen yn Moarrewâld.

Yn Damwâld is yn 1968 de mr. P.A. Bergsmastrjitte nei him neamd.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bergsma, Petrus Adrianus.