Sjoerd van der Schaaf: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
gjin bewurkingsgearfetting
L (Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2289264)
LNo edit summary
Van der Schaaf syn sjoernalistike wurkpaad begûn by it [[Friesch Dagblad]]. Lykwols brocht hy it grutste part fan syn wurksum libben troch yn [[Hollân]]. Hy skreau foar it [[Het Volk (Nederland)|Het Volk]] en it fersetsblêd [[Je Maintiendrai]].
 
Nei de befrijing waard Van der Schaaf haadredakteur fan de Heerenveense Koerier, dy't letter de [[Friese Koerier]] hjitte soe. Syn adjunkt en opfolger dêr wie [[Fedde Schurer]]. Yn 1951 gie Sjoerd van der Schaaf út Fryslân fuortwei om by de [[Utert (stêd)|UtertseUtertske]] edysje fan [[Het Parool]] te wurkjen. Hy wie dêrnei jierrenlang polityk kommentator fan it Parool oant en mei syn pinsjonearring.
 
Nei syn pinsjonearring keardegie Van der Schaaf werom nei Fryslân en fêstige him yn [[Oentsjerk]]. Dêr skreau hy [[roman]]s, [[ferhaal|ferhalen]] en [[gedicht]]en yn de [[Frysk|Fryske taal]]. Yn opdracht fan de [[Fryske Akademy]] skreau hy in histoarysk oersjoch fan de [[Fryske beweging]], in streaming dy't opkaam foar de erkenning fan de Fryske kultuer. Mei dizze ''Skiednis fan de Fryske beweging'' wûn hy yn 1978 de [[Piter Jellespriis]]. Yn 1983 wûn hy foar syn roman ''De bijekening'' de [[Gysbert Japicxpriis]].
 
== Wurk ==

Navigaasjemenu