Proto-Germaansk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Oergermaansk to Proto-Germaansk: side hat ferkearde namme; it Oergermaansk is in ûnderdiel fan it Proto-Germaansk
L red hiele side + oanf
Rigel 1: Rigel 1:
{{Universele ynfoboks histoarysk taalstadium
It '''Oergermaansk''' is de taal dêr't alle [[Germaanske talen]] op weromgeane. Der binne gjin skriftlike boarnen oerlevere fan de oarspronklike Germaanske taal, mar by definysje is it Oergermaansk de lêste taal dy't alle Germaanske talen as mienskiplike oarsprong hawwe, en alle talen dy't ûntstean binne út it Oergermaansk jilde as Germaanske talen. Neffens de hjoeddeiske ynsichten fan ’e [[taalkunde]] kin dy Germaanske grûntaal noch opdield wurde yn twa stadia: nei it Oergermaansk, dat yn in iere perioade sprutsen waard, wurdt dan it ''Miengermaansk'' definiearre, dêr’t it Oergermaansk him letter ta ûntjoech.
| namme = Proto-Germaansk
| oare namme(n) = Oergermaansk <small>(foutyf)</small>
| taalgebiet = [[Noardwest-Jeropa|Noardwest]]- en [[Midden-Jeropa]]<br> en [[Skandinaavje]]
| skrift =
| taalfamylje = ● [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeesk]]<br> &nbsp;&nbsp;● [[Germaanske talen|Germaansk]]<br> &nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;● '''Proto-Germaansk'''
| dialekten =
| tiidrek = 2de milennium f.Kr.-[[1e ieu]] (n.Kr.)
| ûntstien út = [[Proto-Yndo-Jeropeesk]]
| ûntjûn ta = ● [[Eastgermaansk]]<br> ● [[Oernoardsk]]<br> ● [[Westgermaansk]]
| ISO 639-1 =
| ISO 639-2 =
| ISO 639-3 =
}}
It '''Proto-Germaansk''' is de taal dêr't alle [[Germaanske talen]] (en útslutend de Germaanske talen) op weromgeane. Der binne gjin skriftlike boarnen oerlevere fan dizze oarspronklike Germaanske taal, mar op grûn fan yndirekt bewiismateriaal (d.w.s. troch de hjoeddeistige Germaanske talen en Germaanske [[lienwurd]]en yn net-Germaanske talen lykas it [[Finsk]] mei-inoar te ferlykjen) hawwe [[taalkundige]]n it Proto-Germaansk dochs rekonstruëarje kinnen. Neffens moderne ynsichten kin dizze Germaanske grûntaal opdield wurde yn twa stadia: it '''Oergermaansk''', dat yn in langere iere perioade sprutsen waard, en it '''Miengermaansk''', dat sprutsen waard yn in koarter letter tiidrek, foar't it Proto-Germaansk útinoarfoel yn 'e ôfsûnderlike [[taalkloft]]en. Faak wurdt der lykwols, fral yn stikken dy't skreaun binne troch net-saakkundigen, terminologysk gjin ûnderskie makke tusken Proto-, Oer- en Miengermaansk, en wurdt inkeld sprutsen fan Oergermaansk.


=== Oergermaanske perioade ===
==It Oergermaanske tiidrek==
Mei’t der út dy tiid gjin skriftlike boarnen oerlevere binne, is it ek tige dreech en sis presys wannear’t it Oergermaansk him út it Yndo-Jeropeesk ûnwikkele hat. Dúdlik is yn alle gefallen wol dat dat fier foar it begjin fan ’e Westerske jiertelling west hawwe moat. Almeast wurdt oannaam dat dit earne yn it twadde milennium f.Kr. west hat. Sûnder boarnen kin der eins ek net fan in "taal" praat wurde; wat "Oergermaansk" neamd wurdt is in rekonstruksje fan hoe't de taalkundigen leauwe dat de taal west hat.
Mei't der út dy tiid gjin skriftlike boarnen oerlevere binne, is it tige dreech en sis persiis wannear't it Oergermaansk him út it [[Proto-Yndo-Jeropeesk]] ûnwikkele hat. Dúdlik is yn elts gefal wol dat dat fier foàr it begjin fan 'e Westerske jiertelling west hawwe moat, mooglik earne yn it twadde milennium f.Kr.


Der binne twa wichtige feroarings dy't yn ferbân brocht wurde mei de feroaring fan it Yndo-Jeropeesk nei it Oergermaansk. It Oergermaansk ûntwikkele in sterke en in swakke foarm by yn prinsipe elts eigenskipswurd, wylst it Yndo-Jeropeesk dy net hie. En by in part fan ’e tiidwurden waard mei in ''t''- of ''d''-efterheaksel in swakke bûging foarme om notiid en doetiid faninoar te ûnderskieden, dêr't Yndo-Jeropeeske mei lûdferoaring in sterke bûging hie. Bygelyks ''mean''-''meande'' yn tsjinstelling ta ''rin''-''rûn''.
Der binne trije wichtige punten dêr't it Oergermaansk him op ûnderskiedt fan it Proto-Yndo-Jeropeesk. Yn it foarste plak wie der de saneamde Earste of [[Germaanske Klankferskowing]] (ta ûnderskie fan 'e Twadde of [[Heechdútske Klankferskowing]]), ek wol bekend as de [[Wet fan Grimm]]. Ferlykje yn dit ferbân bgl. it [[Latynsk]]e ''pater ''("heit"), ''tu'' ("do"), ''decem'' ("tsien") en ''clepo'' ("ik stel"), dat de sitewaasje werjout sa't dy yn it Proto-Yndo-Jeropeesk wie, mei it [[Goatysk]]e ''fadar'', ''þu'', ''taíhun'' en ''hlifa'' (mei deselde betsjutting). Ek ûntwikkele it Oergermaansk in sterke en in swakke foarm by yn prinsipe elts [[eigenskipswurd]], wylst it Proto-Yndo-Jeropeesk dy net hie. En fierders ûntjoech it by in part fan 'e [[tiidwurd]]en in mei in [[tosk|dintale]] [[suffiks]] (in efterheaksel mei in t of d) foarme swakke bûging om [[notiid]] en [[doetiid]] faninoar te ûnderskieden (dus bgl. "mean" – "meande" yn tsjinstelling ta âldere foarmen lykas "rin" – "rûn").
[[File:Pre-roman iron age (map).PNG|left|250px|thumb|It gebiet fan 'e pre-[[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[Izertiid]] yn [[Noard-Jeropa]] (±500 f.Kr.), dy't assosjearre wurdt mei it Proto-Germaansk. It maginta-kleurige gebiet besuden [[Skandinaavje]] jout de saneamde [[Jastorfkultuer]] wer.]]


== Miengermaanske perioade ==
==It Miengermaanske tiidrek==
De taal oan de ein fan it Oergermaanske tiidrek wurdt wol as in taal apart beskôge, it ''Miengermaansk''. It is net wis krekt wannear’t dan de oergong fan it Oergermaansk nei it Miengermaansk plakfûn hat, mar der wurdt oannaam dat it yn ’e lêste ieuwen f.Kr. wie. Ek it Miengermaansk is net oerlevere - útsein as losse wurden of nammen. Dêrom wurdt it, krekt as it Oergermaansk, troch taalkundigen rekonstruëarre op basis fan ûndersyk fan ’e ûnderskate Germaanske talen.
Men wit net krekt wannear't de oergong fan it Oergermaansk nei it Miengermaansk plakfûn hat, mar men nimt oan dat it yn 'e lêste ieuwen f.Kr. wie. Ek it Miengermaansk is net oerlevere útsein as losse wurden of nammen. Dêrom wurdt it, krekt as it Oergermaansk, troch taalkundigen rekonstruëarre op grûn fan ûndersyk fan 'e ûnderskate Germaanske talen.


Der binne twa grutte ferskillen tusken it Oergermaansk en it Miengermaansk. It earste, en karakteristike ferskil is de [[klam]]. It Oergermaansk hie noch de fan it Yndo-Jeropeesk meikrigen ''frije klam'', dy’t net in fêst plak yn in wurd hie mar wiksele neffens beskate regels. Dizze frije klam kin yn oare taalfamyljes noch weromfûn wurde; bygelyks yn it Gryksk is it ''trápeza'' (''trep'') mar ''trapézion'' (''trepke''). Yn it Miengermaansk wie dy frije klam feroare yn in fêste klam op it earste wurdlid.
It wichtichste ferskil tusken it Oergermaansk en it Miengermaansk wie de klam (yn 'e taalkunde ornaris it [[wurdaksint]] neamd). It Oergermaansk hie noch de fan it Proto-Yndo-Jeropeesk meikrigen "frije klam", dy't wiksele neffens beskate regels, mar net in fêst plak yn in wurd hie; ferlykje bgl. it [[Gryksk]]e ''trȁpeza'' ("trep") en ''trapȅzion'' ("trepke"), dat de frije klam beholden hat. Yn it Miengermaansk wie dy frije klam feroare yn in fêste klam op it earste wurdlid, it saneamde inisjaalaksint, sa't bgl. te sjen is oan it [[Nederlânsk]]e ''blȁd'', ''blȁden'', ''blȁderen'', ''blȁȁdje''.


Yn tsjinstelling ta de Oergermaanske perioade duorre it tiidrek fan it Miengermaansk relatyf koart, nammentlik oant likernôch de [[earste ieu]] nei Kristus, doe't de [[Eastgermanen]] weiteagen út harren stamlannen yn súdlik en eastlik [[Skandinaavje]].
De twadde feroaring, dy't spile yn likernôch de tiid fan it Miengermaansk wie de [[Germaanske lûdferskowing]], dêr't in grut tal bylûden fan it Germaansk by fan útspraak feroaren. Ferlykje yn dit ferbân bygeyks it Latynske ''pater'' (“heit”), ''tu'' (“do”), ''decem'' (“tsien”) en ''clepo'' (“ik stel”), dat de sitewaasje sa’t dy yn it Yndo-Jeropeesk wie, wjerspegelet, mei it Goatyske ''fadar'', ''þu'', ''taíhun'' en ''hlifa'' (mei deselde betsjutting).


==Oerlevering==
Yn ferhâlding ta de Oergermaanske perioade duorre de snuorje fan it Miengermaansk mar koart, nammentlik oant likernôch de earste ieu nei Kristus.
De âldst bekende Germaanske ynskripsje is dy op 'e [[Helm fan Negau]], mooglik út 'e [[twadde ieu f. Kr.]] De helm waard yn [[1812]] fûn by [[Negau]], yn [[Eastenryk]]. Yn in noardlik [[Etrusken|Etruskysk]] skrift is dêrop skreaun: ''hargasti teiwa'' (oer de betsjutting dêrfan bestiet nochal wat ûnienichheid). Fierders binne oant de [[earste ieu]] nei Kristus allinne mar nammen en losse wurden oerlevere, en dat noch inkeld troch [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[skriuwer]]s, lykas [[Publius Kornelius Tasitus|Tasitus]] en [[Julius Caesar]].
[[File:Guldhornene.jpg|right|250px|thumb|De [[Goudene Hoarnen fan Gallehus]].]]


==Untwikkeling fan 'e Germaanske taalkloften==
== Oerlevering ==
Tradysjoneel waard foarhinne ûnder [[taalkundige]]n de teory oanhongen dat de earste spjalting yn it Germaansk dy tusken it [[Westgermaanske talen|Westgermaansk]] en it saneamde [[Goato-Noardsk]] (it [[Noardgermaanske talen|Noard]]- en [[Eastgermaanske talen|Eastgermaansk]]) wie. It fuorttsjen fan 'e [[Goaten]] en de oare [[Eastgermanen|Eastgermaanske]] [[folk]]en út harren stamlannen yn súdlik Skandinaavje soe dan letter de spjalting tusken it Noard- en Eastgermaansk feroarsake hawwe. Tsjintwurdich wurdt it lykwols as in stik wierskynliker beskôge, dat der nei it fuorttsjen fan 'e Eastgermanen noch in hoart in Noard- en Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, mooglik oant yn 'e [[fyfde ieu]].
De âldst bekende Germaanske ynskripsje is dy op ’e [[Helm fan Negau]], mooglik út ’e twadde ieu f.Kr. Yn in noardlik [[Etruskysk skrift]] is dêrop skreaun: ''hargasti teiwa''”,. Oer de betsjutting dêrfan bestiet lykwols nochal wat ûnienichheid. Fierders binne oant ’e earste ieu nei Kristus allinne mar nammen en losse wurden oerlevere, útslutend troch Romeinske skriuwers, lykas [[Publius Cornelius Tacitus|Tacitus]] en [[Julius Caesar]].


Dy lêste teory wurdt ûnderboud troch de bekende runeynskripsje op 'e [[Goudene Hoarnen fan Gallehus|Gouden Hoarn B fan Gallehus]], yn súdlik [[Jutlân]], dy't datearret út 'e iere [[fyfde ieu]]. Op 'e hoarn stiet: "''ek hlewagastiʀ holtijaʀ horna tawido''" (de letter ʀ stiet dêrby foar de [[breikjende r]]). Dizze tekst soe betsjutte kinne: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn makke" (ferlykje ''tawid(o)'' mei it Nederlânske ''(vol)tooid'') of: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn fersierd" (ferlykje ''tawid(o)'' mei it Nederlânske ''(ge)tooid''). De foarmen dy't hjir brûkt binne, slute Noardgermaansk noch Westgermaansk út (al wiist de foarm fan 'e h-rune op it Noardgermaansk), mar Eastgermaansk kin it dúdlik net wêze. Yn it Goatysk fan dy tiid soe de tekst west hawwe: "''ik hliugasts hulteis haúrn tawida''".
Ut lettere tiid binne Germaanske ynskripsjes yn it [[runeskrift]], in alfabetysk skrift dat ûntstien liket te wêzen yn ’e earste helte fan ’e earste ieu nei Kristus en fan ’e komst fan it [[kristendom]] ôf ferfongen waard troch it [[Latynske alfabet]].


{{boarnen|boarnefernijing=
== Opsplitsing fan de taalkloften ==
* {{Aut|Hofstra, T.}}, ''Oudnoors I'', Grins, 1996.
Troch de fragmintaryske oerlevering is de fêststelling fan ’e opsplitsing fan ’e trije Germaanske taalkloften foar in grut part in hypotetyske saak. Oannaam wurdt dat it begjin fan de Germaanske taalkloften gearfoel mei't de [[Eastgermanen]] weiteagen út harren stamlannen yn súdlik en eastlik [[Skandinaavje]]. Nei it fuorttsjen fan ’e Eastgermanen hat der nei alle gedachten noch in hoart in Noard- en Westgermaanske ienheidstaal bestien. Op basis fan de fynst fan de [[Gallehus-hoarnen]] út de iere fiifde ieu, wurdt oannaam dat dizze lette foarm fan it Miengermaansk mooglik oant yn ’e fyfde ieu bestie. Op ien fan de hoarnen stiet namentlik: “''ek hlewagastiR holtijaR horna tawido''” (''Ik, HlewagastiR, soan fan Holt, haw de hoarn makke''; de letter ‘R’ stiet foar de efter yn ’e kiel útsprutsen r). Oant no ta is dêr net fan te sizzen of of dit spesifyk Noardgermaansk of Westgermaansk is, al wiist de foarm fan ’e h-rune op it Noardgermaansk. De tekst lit ek sjen dat it Eastgermaansk yn dy tiid al ôfskaat wie: yn it [[Goatysk]] fan dy tiid hie it “''ik hliugasts hulteis haúrn tawida''” west.
----
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Proto-Germanic_language ''Notes'' en ''References'', op dizze side].
}}


[[Kategory:Germaanske talen]]
[[Kategory:Germaanske talen]]
[[Kategory:Oertaal]]

De ferzje fan 25 okt 2014 om 22.00

Proto-Germaansk
algemien
oare namme(n) Oergermaansk (foutyf)
taalgebiet Noardwest- en Midden-Jeropa
en Skandinaavje
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Proto-Germaansk
skaaimerken
tiidrek 2de milennium f.Kr.-1e ieu (n.Kr.)
ûntstien út Proto-Yndo-Jeropeesk
ûntjûn ta Eastgermaansk
Oernoardsk
Westgermaansk

It Proto-Germaansk is de taal dêr't alle Germaanske talen (en útslutend de Germaanske talen) op weromgeane. Der binne gjin skriftlike boarnen oerlevere fan dizze oarspronklike Germaanske taal, mar op grûn fan yndirekt bewiismateriaal (d.w.s. troch de hjoeddeistige Germaanske talen en Germaanske lienwurden yn net-Germaanske talen lykas it Finsk mei-inoar te ferlykjen) hawwe taalkundigen it Proto-Germaansk dochs rekonstruëarje kinnen. Neffens moderne ynsichten kin dizze Germaanske grûntaal opdield wurde yn twa stadia: it Oergermaansk, dat yn in langere iere perioade sprutsen waard, en it Miengermaansk, dat sprutsen waard yn in koarter letter tiidrek, foar't it Proto-Germaansk útinoarfoel yn 'e ôfsûnderlike taalkloften. Faak wurdt der lykwols, fral yn stikken dy't skreaun binne troch net-saakkundigen, terminologysk gjin ûnderskie makke tusken Proto-, Oer- en Miengermaansk, en wurdt inkeld sprutsen fan Oergermaansk.

It Oergermaanske tiidrek

Mei't der út dy tiid gjin skriftlike boarnen oerlevere binne, is it tige dreech en sis persiis wannear't it Oergermaansk him út it Proto-Yndo-Jeropeesk ûnwikkele hat. Dúdlik is yn elts gefal wol dat dat fier foàr it begjin fan 'e Westerske jiertelling west hawwe moat, mooglik earne yn it twadde milennium f.Kr.

Der binne trije wichtige punten dêr't it Oergermaansk him op ûnderskiedt fan it Proto-Yndo-Jeropeesk. Yn it foarste plak wie der de saneamde Earste of Germaanske Klankferskowing (ta ûnderskie fan 'e Twadde of Heechdútske Klankferskowing), ek wol bekend as de Wet fan Grimm. Ferlykje yn dit ferbân bgl. it Latynske pater ("heit"), tu ("do"), decem ("tsien") en clepo ("ik stel"), dat de sitewaasje werjout sa't dy yn it Proto-Yndo-Jeropeesk wie, mei it Goatyske fadar, þu, taíhun en hlifa (mei deselde betsjutting). Ek ûntwikkele it Oergermaansk in sterke en in swakke foarm by yn prinsipe elts eigenskipswurd, wylst it Proto-Yndo-Jeropeesk dy net hie. En fierders ûntjoech it by in part fan 'e tiidwurden in mei in dintale suffiks (in efterheaksel mei in t of d) foarme swakke bûging om notiid en doetiid faninoar te ûnderskieden (dus bgl. "mean" – "meande" yn tsjinstelling ta âldere foarmen lykas "rin" – "rûn").

It gebiet fan 'e pre-Romeinske Izertiid yn Noard-Jeropa (±500 f.Kr.), dy't assosjearre wurdt mei it Proto-Germaansk. It maginta-kleurige gebiet besuden Skandinaavje jout de saneamde Jastorfkultuer wer.

It Miengermaanske tiidrek

Men wit net krekt wannear't de oergong fan it Oergermaansk nei it Miengermaansk plakfûn hat, mar men nimt oan dat it yn 'e lêste ieuwen f.Kr. wie. Ek it Miengermaansk is net oerlevere – útsein as losse wurden of nammen. Dêrom wurdt it, krekt as it Oergermaansk, troch taalkundigen rekonstruëarre op grûn fan ûndersyk fan 'e ûnderskate Germaanske talen.

It wichtichste ferskil tusken it Oergermaansk en it Miengermaansk wie de klam (yn 'e taalkunde ornaris it wurdaksint neamd). It Oergermaansk hie noch de fan it Proto-Yndo-Jeropeesk meikrigen "frije klam", dy't wiksele neffens beskate regels, mar net in fêst plak yn in wurd hie; ferlykje bgl. it Grykske trȁpeza ("trep") en trapȅzion ("trepke"), dat de frije klam beholden hat. Yn it Miengermaansk wie dy frije klam feroare yn in fêste klam op it earste wurdlid, it saneamde inisjaalaksint, sa't bgl. te sjen is oan it Nederlânske blȁd, blȁden, blȁderen, blȁȁdje.

Yn tsjinstelling ta de Oergermaanske perioade duorre it tiidrek fan it Miengermaansk relatyf koart, nammentlik oant likernôch de earste ieu nei Kristus, doe't de Eastgermanen weiteagen út harren stamlannen yn súdlik en eastlik Skandinaavje.

Oerlevering

De âldst bekende Germaanske ynskripsje is dy op 'e Helm fan Negau, mooglik út 'e twadde ieu f. Kr. De helm waard yn 1812 fûn by Negau, yn Eastenryk. Yn in noardlik Etruskysk skrift is dêrop skreaun: hargasti teiwa (oer de betsjutting dêrfan bestiet nochal wat ûnienichheid). Fierders binne oant de earste ieu nei Kristus allinne mar nammen en losse wurden oerlevere, en dat noch inkeld troch Romeinske skriuwers, lykas Tasitus en Julius Caesar.

De Goudene Hoarnen fan Gallehus.

Untwikkeling fan 'e Germaanske taalkloften

Tradysjoneel waard foarhinne ûnder taalkundigen de teory oanhongen dat de earste spjalting yn it Germaansk dy tusken it Westgermaansk en it saneamde Goato-Noardsk (it Noard- en Eastgermaansk) wie. It fuorttsjen fan 'e Goaten en de oare Eastgermaanske folken út harren stamlannen yn súdlik Skandinaavje soe dan letter de spjalting tusken it Noard- en Eastgermaansk feroarsake hawwe. Tsjintwurdich wurdt it lykwols as in stik wierskynliker beskôge, dat der nei it fuorttsjen fan 'e Eastgermanen noch in hoart in Noard- en Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, mooglik oant yn 'e fyfde ieu.

Dy lêste teory wurdt ûnderboud troch de bekende runeynskripsje op 'e Gouden Hoarn B fan Gallehus, yn súdlik Jutlân, dy't datearret út 'e iere fyfde ieu. Op 'e hoarn stiet: "ek hlewagastiʀ holtijaʀ horna tawido" (de letter ʀ stiet dêrby foar de breikjende r). Dizze tekst soe betsjutte kinne: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn makke" (ferlykje tawid(o) mei it Nederlânske (vol)tooid) of: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn fersierd" (ferlykje tawid(o) mei it Nederlânske (ge)tooid). De foarmen dy't hjir brûkt binne, slute Noardgermaansk noch Westgermaansk út (al wiist de foarm fan 'e h-rune op it Noardgermaansk), mar Eastgermaansk kin it dúdlik net wêze. Yn it Goatysk fan dy tiid soe de tekst west hawwe: "ik hliugasts hulteis haúrn tawida".

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.