Eastamelânsk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
L red hiele side + oanf
Rigel 1: Rigel 1:
{{Universele ynfoboks taal
It '''Eastamelânsk''' is de foarm fan it [[Amelânsk]], sa't dat sprutsen wurdt op it diel fan [[it Amelân]] dat beëasten de [[Ballumerbocht]] leit, dus yn 'e doarpen [[Nes]] en [[Bueren]] en omkriten. It ûnderskiedt him fan it nau besibbe [[Westamelânsk]] troch in stikmannich ferskillen yn útspraak.
| namme = Eastamelands
| oare namme(n) =
| eigen namme = ''Oast-Amelands''
| lânseigen yn = [[Nederlân]]
| tal sprekkers = ? (gjin gegevens)
| skrift = [[Latynsk alfabet]]
| taalfamylje = ● [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeesk]]
● [[Germaanske talen|Germaansk]]
● [[Westgermaanske talen|Westgermaansk]]
● [[Súdwestgermaanske talen|Súdwestgermaansk]]
● [[Nederfrankysk-Nedersaksyske talen|Nederfr.-Nedersaks.]]
● [[Nederfrankyske talen|Nederfrankysk]]
● [[Hollânsk]]
● [[Hollânsk-Fryske mingdialekten|Hollânsk-Frysk]]
● [[Amelânsk]]
● '''Eastamelânsk'''
| dialekten = gjint
| offisjele status=
| erkenning as minderheidstaal =
| ISO 639-1 =
| ISO 639-2 =
| ISO 639-3 =

It '''Eastamelânsk''' is de foarm fan it [[Amelânsk]], sa't dat sprutsen wurdt op it diel fan it [[Fryslân|Fryske]] [[Waadeilân]] [[it Amelân|Amelân]] dat beëasten de [[Ballumerbocht]] leit, dus yn 'e doarpen [[Nes (It Amelân)|Nes]] en [[Bueren (It Amelân)|Bueren]] en omkriten. It ûnderskiedt him fan it nau besibbe [[Westamelânsk]] troch in stikmannich ferskillen yn útspraak.

==Utspraakferskillen==
Sa wurde de wurden "âld", "kâld", "hout", "sâlt" en "hûd" yn it Eastamelânsk skreaun en útsprutsen wurde as ''òòd'', ''kòòd'', ''hòòt'', ''sòòt'' en ''hööd'', en yn it Westamelânsk as ''oäd'', ''koäd'', ''hoät'', ''soät'' en ''huud''. (De ''òò'' [ɔ.ǝ] is de ô fan "rôt" mar in bytsje [[twaklank|diftongisearre]]; de ''öö'' [ʌ:] is de klank fan it [[Frânsk]]e ''l'heure''; de klank ''oä'' [o.ɛ] wurdt útsprutsen as de o fan "bok" folge troch e fan "pet"; en ''uu'' [y:] is de ú fan "drúf".)

Fierders bestiet der in ferskil by guon ferlytsingsfoarmen, lykas "doarpke", "koke" en "pylkje", dêr't it Eastamelânsk ''dörpje'', ''koetje'' en ''pieltje'' foar jout en it Westamelânsk ''dörpke'', ''koeike'' en ''pielke''. Ek guon útgongen ferskille, bygelyks de útgong "-aasje". Wurden as "federaasje" en "alteraasje" wurde yn it Eastamelânsk ''federaasje'' en ''alteraasje'', en yn it Westamelânsk ''federase'' en ''alterase''. Ferskillen yn it [[leksikon]] komme ek foar, mar net in protte. It meast opfallend yn dat ferbân is it typysk Eastamelânske wurd ''hèèt'' ("heit"), wylst ''fader'' yn beide subdialekten bestiet.

==Ferklearring foar de dialektferskillen==
Sa wurde de wurden "âld", "kâld", "hout", "sâlt" en "hûd" yn it Eastamelânsk skreaun en útsprutsen wurde as "''òòd''", "''kòòd''", "''hòòt''", "''sòòt''" en "''hööd''", en yn it Westamelânsk as "''oäd''", "''koäd''", "''hoät''", "''soät''" en "''huud''". Fierders bestiet der in ferskil by guon ferlytsingsfoarmen, lykas "doarpke", "koke" en "pylkje", dêr't it Eastamelânsk "''dörpje''", "''koetje''" en "''pieltje''" foar jout en it Westamelânsk "''dörpke''", "''koeike''" en "''pielke''". Ek guon útgongen ferskille, bygelyks de útgong "-aasje". Wurden as "federaasje" en "alteraasje" wurde yn it Eastamelânsk "''federaasje''" en "''alteraasje''", en yn it Westamelânsk "''federase''" en "''alterase''". Ferskillen yn it [[leksikon]] komme ek foar, mar net in protte. It meast opfallend yn dat ferbân is it typysk Eastamelânske wurd "''hèèt''" ("heit"), wylst "''fader''" yn beide subdialekten bestiet.
De dialektferskillen op it Amelân binne te ferklearjen út it feit dat de lju út it [[Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke|herfoarme]] westen en it [[roomsk-katolisisme|roomsk]]e easten fan it eilân foarhinne grutdiels byinoar lâns libben. In trêde [[religy|denominaasje]] waard op it eilân foarme troch de [[minnisten]], dy't ek mear yn it westen konsintrearre wiene. Hoewol't der tusken de herfoarmden en de minnisten soms wol houliken sletten waarden, wie dat tusken dy beide [[protestantisme|protestantske]] groepen en de roomsen ûntinkber. Sa bestie der dus net in protte ûnderling kontakt, en ûntstiene der twa subdialekten.

Hoewol't de [[religy|religieuze]] skieding hjoed de dei amper noch in rol spilet, hat him ûnderwilens in beskaat [[kultuer]]ferskil tusken de beide befolkingsgroepen of eilânkriten ûntwikkele. It eastlike diel fan it eilân is [[ekonomy]]sk nammentlik frijwol hielendal ôfhinklik fan it [[toerisme]], en stiet dêr sadwaande tige posityf foaroer. Yn it westen, dêr't men noch foar in grut part fan 'e [[lânbou]] libbet, is dat folle minder it gefal. Boppedat binne de Amelanners har ûnderwilens sa bewust rekke fan it dialektûnderskie ("dêr sizze se fan ..., mar ''wy'' sizze fan ..."), dat ek dêrtroch de ferskillen yn stân holden wurde. Dêropta is oan 'e eastkant fan it eilân, dêr't it [[fearboat|fear]] oankomt, de measte toeristen fakânsje fiere en har mear lju fan bûten nei wenjen set hawwe, de ynfloed fan it [[Nederlânsk]] sterker. Oan 'e oare kant foarmet de iennichste middelbere skoalle op it eilân, yn Nes, wer in sterk nivellearjende faktor, mei't alle eilânbern dêr gearkomme en de ûnderlinge kontakten fan 'e jongere generaasjes dus folle grutter binne.
{{Stobbe-taal}}

{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Oud, A.G.}}, ''Woa'deboek fan ut Amelands'', Ljouwert, 1987 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 16 73X.
* {{Aut|Jansen, Mathilde}}, ''Een Echte Amelander Spreekt Dialect'', Amsterdam, 2010 (Amsterdam University Press), ISBN 978-9 08 96 42 035.
* {{Aut|Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van}}, ''Taal van de Wadden'', De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130.
* {{Aut|Oud, Anton Gerardus}}, ''Woa'deboek fan ut Amelands'', Ljouwert, 1987 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 16 73X.

{{Berjocht:Taal yn Fryslân}}
{{Berjocht:Taal yn Fryslân}}

[[Kategory:It Amelân]]
[[Kategory:Amelânsk]]

De ferzje fan 25 okt 2014 om 15.41

Eastamelands
algemien
eigen namme Oast-Amelands
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers ? (gjin gegevens)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
● Germaansk
● Westgermaansk
● Súdwestgermaansk
● Nederfr.-Nedersaks.
● Nederfrankysk
● Hollânsk
● Hollânsk-Frysk
● Amelânsk
● Eastamelânsk
dialekten gjint

It Eastamelânsk is de foarm fan it Amelânsk, sa't dat sprutsen wurdt op it diel fan it Fryske Waadeilân Amelân dat beëasten de Ballumerbocht leit, dus yn 'e doarpen Nes en Bueren en omkriten. It ûnderskiedt him fan it nau besibbe Westamelânsk troch in stikmannich ferskillen yn útspraak.

Utspraakferskillen

Sa wurde de wurden "âld", "kâld", "hout", "sâlt" en "hûd" yn it Eastamelânsk skreaun en útsprutsen wurde as òòd, kòòd, hòòt, sòòt en hööd, en yn it Westamelânsk as oäd, koäd, hoät, soät en huud. (De òò [ɔ.ǝ] is de ô fan "rôt" mar in bytsje diftongisearre; de öö [ʌ:] is de klank fan it Frânske l'heure; de klank [o.ɛ] wurdt útsprutsen as de o fan "bok" folge troch e fan "pet"; en uu [y:] is de ú fan "drúf".)

Fierders bestiet der in ferskil by guon ferlytsingsfoarmen, lykas "doarpke", "koke" en "pylkje", dêr't it Eastamelânsk dörpje, koetje en pieltje foar jout en it Westamelânsk dörpke, koeike en pielke. Ek guon útgongen ferskille, bygelyks de útgong "-aasje". Wurden as "federaasje" en "alteraasje" wurde yn it Eastamelânsk federaasje en alteraasje, en yn it Westamelânsk federase en alterase. Ferskillen yn it leksikon komme ek foar, mar net in protte. It meast opfallend yn dat ferbân is it typysk Eastamelânske wurd hèèt ("heit"), wylst fader yn beide subdialekten bestiet.

Ferklearring foar de dialektferskillen

De dialektferskillen op it Amelân binne te ferklearjen út it feit dat de lju út it herfoarme westen en it roomske easten fan it eilân foarhinne grutdiels byinoar lâns libben. In trêde denominaasje waard op it eilân foarme troch de minnisten, dy't ek mear yn it westen konsintrearre wiene. Hoewol't der tusken de herfoarmden en de minnisten soms wol houliken sletten waarden, wie dat tusken dy beide protestantske groepen en de roomsen ûntinkber. Sa bestie der dus net in protte ûnderling kontakt, en ûntstiene der twa subdialekten.

Hoewol't de religieuze skieding hjoed de dei amper noch in rol spilet, hat him ûnderwilens in beskaat kultuerferskil tusken de beide befolkingsgroepen of eilânkriten ûntwikkele. It eastlike diel fan it eilân is ekonomysk nammentlik frijwol hielendal ôfhinklik fan it toerisme, en stiet dêr sadwaande tige posityf foaroer. Yn it westen, dêr't men noch foar in grut part fan 'e lânbou libbet, is dat folle minder it gefal. Boppedat binne de Amelanners har ûnderwilens sa bewust rekke fan it dialektûnderskie ("dêr sizze se fan ..., mar wy sizze fan ..."), dat ek dêrtroch de ferskillen yn stân holden wurde. Dêropta is oan 'e eastkant fan it eilân, dêr't it fear oankomt, de measte toeristen fakânsje fiere en har mear lju fan bûten nei wenjen set hawwe, de ynfloed fan it Nederlânsk sterker. Oan 'e oare kant foarmet de iennichste middelbere skoalle op it eilân, yn Nes, wer in sterk nivellearjende faktor, mei't alle eilânbern dêr gearkomme en de ûnderlinge kontakten fan 'e jongere generaasjes dus folle grutter binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
• Jansen, Mathilde, Een Echte Amelander Spreekt Dialect, Amsterdam, 2010 (Amsterdam University Press), ISBN 978-9 08 96 42 035.
• Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130.
• Oud, Anton Gerardus, Woa'deboek fan ut Amelands, Ljouwert, 1987 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 16 73X.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)