Tsjerkhôf: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
+ sjoch ek
tekst foto oanfold
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Vladslo - Sint-Martinuskerk 1.jpg|right|thumb|250px|Tsjerkhôf om de tsjerke hinne]]
[[Ofbyld:Vladslo - Sint-Martinuskerk 1.jpg|right|thumb|250px|Tsjerkhôf om de tsjerke fan [[Vladslo]] hinne]]
[[Ofbyld:ChurchOfBedekaspel.jpg|thumb|250px|Tsjerke mei hôf yn Bedekaspel, [[East-Fryslân]]]]
[[Ofbyld:ChurchOfBedekaspel.jpg|thumb|250px|Tsjerke mei hôf yn Bedekaspel, [[East-Fryslân]]]]



De ferzje fan 18 okt 2014 om 19.23

Tsjerkhôf om de tsjerke fan Vladslo hinne
Tsjerke mei hôf yn Bedekaspel, East-Fryslân

In tsjerkhôf, hôf of hou is it begraafplak yn de hôf (tún of hiem) by in tsjerke dêr't de lichems fan ferstoarne persoanen begroeven wurde. Eartiids waarden alle deaden op it tsjerkhôf begroeven. Tsjintwurdich binne der grutte begraafplakken dêr't ek de urnen mei jiske fan kremearde lichems begroeven wurde.

Skiednis

In moai tsjerkhôf hawwe bygelyks Stiens en Rinsumageast. Mooglik wie hjir eartiids in heidensk begraafplak, al as net by in timpel. Yn de midsieuwen krige it troch it begraven in grut plak. Ferskate wegen rûnen der hinne, tsjerke- en lykwegen. Op it tsjerkhôf jilde asylrjocht. It wie in wijd plak: ûnbekenden, net-doopte bern en selsmoardners mochten hjir net begroeven wurde. It tsjerkhôf wie 'befrijd' troch in wâl, letter muorre, in grêft of in stikelhage. Sa krige it in festingkarakter. Om it tsjerkhôf, binnen de ôfskieding, rûn in ringwei, in âld prosesjepaad fan 2-2,5 meter ('lykpaad', 'wanneling') dêr't de deaden oer droegen waarden. It tsjerkhôf wie lang ferlyn ek gearkomstplak en rjochtplak, dêr't dikke balstiennen in oantinken fan hâlde; letter noch boartersplak foar bern en blikke foar de froulju. Ek jiermerken waarden der hâlden.

Tsjerkhôfruster

Oer de kûle dêr't it tsjerkepaad de ôfskieding fan it tsjerke krúste lei faak in houten ruster mei in draaikrús (tourniquet). Yn Stiens wienen der yn de 20e ieu noch oerbliuwsels fan te sjen. Yn de 16e ieu en letter wienen der noch tsjerkhôfrusters yn Grou, Jirnsum, Akkrum en Rinsumageast. Op dit tsjerkhôfruster waarden eden ôflein. It tsjerkhôfruster soe de duvel keare (en de bargen, en de slimste modder fan de skuon).

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: