Hegebeintum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 4 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q1000553 (translate me)
LNo edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:LocatieHegebeintum.png|thumb|right|300px|''lizzing fan Hegebeintum'']]
[[Ofbyld:LocatieHegebeintum.png|thumb|right|300px|''lizzing fan Hegebeintum'']]
[[Ofbyld:Map NL Ferwerderadiel Hegebeintum.png|thumb|280px|right|''de [[himrik]] fan Hegebeintum'']]
[[Ofbyld:Map NL Ferwerderadiel Hegebeintum.png|thumb|280px|right|''de [[himrik]] fan Hegebeintum'']]
'''Hegebeintum''' is in terpdoarp yn de gemeente [[Ferwerderadiel]]. Mei likernôch 103 (02-06-2008) ynwenners is it in lyts doarp. Hegebeintum leit op de heechste [[terp]] fan [[Nederlân]]: 8,80 meter boppe [[Normaal Amsterdamsk Peil|NAP]].
'''Hegebeintum''' is in terpdoarp yn de gemeente [[Ferwerderadiel]]. Mei likernôch 90 (1 jannewaris 2014) ynwenners is it in lyts doarp. Hegebeintum leit op de heechste [[terp]] fan [[Nederlân]]: 8,80 meter boppe [[Normaal Amsterdamsk Peil|NAP]].
Troch [[setting (proses)|setting]] (of [[boaiemsakking]]) fan de grûn is de hichte fan de terp yn de rin fan de ieuwen leger wurden; yn it ferline moat de terp noch heger west hawwe.
Troch [[setting (proses)|setting]] (of [[boaiemsakking]]) fan de grûn is de hichte fan de terp yn de rin fan de ieuwen leger wurden; yn it ferline moat de terp noch heger west hawwe.


Rigel 27: Rigel 27:
* [[2006]] - 115
* [[2006]] - 115
* [[2008]] - 103
* [[2008]] - 103
* [[2014]] - 90


== Strjitten ==
== Strjitten ==

De ferzje fan 17 sep 2014 om 01.10

lizzing fan Hegebeintum
de himrik fan Hegebeintum

Hegebeintum is in terpdoarp yn de gemeente Ferwerderadiel. Mei likernôch 90 (1 jannewaris 2014) ynwenners is it in lyts doarp. Hegebeintum leit op de heechste terp fan Nederlân: 8,80 meter boppe NAP. Troch setting (of boaiemsakking) fan de grûn is de hichte fan de terp yn de rin fan de ieuwen leger wurden; yn it ferline moat de terp noch heger west hawwe.


It besjen wurdich

De terp is al fan 600 foar Kristus ôf bewenne. It typysk Fryske tsjerkje mei stikken dowestien út de 13e ieu) dat boppe-op de terp fan Hegebeintum stiet kin besichtige wurde; ûnderoan de terp is in besikerssintrum. Opfallend oan de tsjerke binne de roubuorden. Yn dit Argeologysk Stipepunt fan it Frysk Museum wurdt in byld jûn fan alles wat mei de skiednis fan terpen te krijen hat. Hjir bewarret men in grutte kolleksje rouboerden mei kleurige wapens faan foarname famyljes Van Coehoorn, Van Nijsten en de Schepper fan Harstastate dy't hjir nei tsjerke giene. By it ynformaasjesintrum sit ek de VVV fan Ferwerderadiel.

Wat bûten it doarp leit de Harstastate, in stins mei in mânske esk yn de tún mei in stinzefloara. Dit is teffens in Bêd-en-Brochje lokaasje en hat in teetún.

Ten suden fan it doarp stiet de Hegebeintumermole út 1860.

Burmaniapaad

Fan it eardere kleaster Foswert, tusken Ferwert en Wânswert, oer It Kleaster en troch de lannen, lâns de wetters De Traan en de Ferwerter Feart nei Hegebeintum. Oer de terp fan Hegebeintum en de Vogelzangsterwei nei De Ryp. Ut De Ryp wei oer de Kahoorsterleane nei de seedyk. It paad is 8,4 km lang.

Mienskip

Hegebeintum hat mei Ferwert in buertferiening.

Befolking

Strjitten

  • De Wym - buorskip De Wym
  • Harstawei -
  • Hege Tsjerkewei -
  • Mr. Boeleswei -
  • Mieddyk -
  • Alde feart -
  • Patroanswei -
  • Pypkedyk -
  • Underom -
  • Vogelzangsterwei -

Keppeling om utens