Greg (striptekener): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L kat oars
L Kat better
Rigel 12: Rigel 12:
* http://www.lambiek.net/artists/g/greg.htm
* http://www.lambiek.net/artists/g/greg.htm


[[Kategory:Striptekener]]
[[Kategory:Belgysk striptekener]]

De ferzje fan 16 sep 2014 om 20.28

Greg, skûlnamme fan Michel Régnier (Elsene, 5 maaie 1931 - 29 oktober 1999) wie in Waalske striptekener, dy´t sawol stripferhalen tekene as skreaun hat foar oare tekeners.

Greg groeide op yn Herstal en makke foaral as skriuwer opgong. Om´t hy oan in protte riges tagelyk wurke, brûkte hy ek ferskate oare skûlnammen, (lykas Louis Albert).

Yn de sechstiger, santiger en tachtiger jierren hie Greg in grutte ynfloed op´e ûntwikkeling fan de strip. Hy hat wurke foar foaroansteande stripjeugdblêden as Spirou (Robbedoes) en Tintin (Kuifje). Under syn lieding as haadredakteur fan it wykblêd Kuifje (fan 1966-1975) ferskynden der jeugdrigen dy´t stik foar stik klassikers wurden binne: Bernard Prince (mei Hermann en Dany), Comanche (mei Hermann), Roze Bottel (mei Dany), Bruno Brazil (mei Vance) en Luc Orient (mei Paape). Under Greg waarden oare tekeners by Kuifje helle dy´t fan grutte ynfloed west ha op de fernijing fan it Jeropeeske byldferhaal, û.o. Pratt en Auclair.

It folsleine wurk fan Greg is tige grut mei mear as 250 albums en hjirfan is it tal súksesrigen al like grut.

Greg wie tige kundich yn syn fak en behearske alle kanten. It levere him in soad prizen en ûnderskiedings op.

Keppeling om utens