Snitswike: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L +kat
Muijz (oerlis | bydragen)
spatie; keppeling
Rigel 13: Rigel 13:
[[Hurdsyldei]] is de oarsprong fan de Snitswike. De earste hurdsyldei wie al yn [[1814]], mar earst yn [[1934]] waard de Snitswike deromhinne organisearre. It hurdsilen is ûntstien út it [[Admiraalsilen]], wedstriden dy't opdroegen waarden oan de [[steedhâlder|Oranjesteedhâlder]]. Troch de komst fan de Frânsken oan de ein fan de [[17e ieu]] waarden dizze tradysjes ûnderbrutsen. Nei de befrijing fan de Frânsken yn [[1814]] grepen de Snitsers de earste de beste gelegenheid oan om wer in feestlike sylpartij te hâlden. Dy gelegenheid die him foar doe't yn Snits it blide berjocht ûntfongen waard dat de deawaande stêdgenoat [[Jacob Sjoukes Visser]] út Frânse [[kriichstsjinst]] desertearre wie en sûn en wol op [[De Jouwer]] oankomd wie. Nei de oprjochting fan de (Keninklike) Syl Feriening Snits yn [[1851]] waard soms op de tongersdei nei Hurdsyldei admiraalsilen hâlden. Nei [[1917]] groeide dizze tongersdei út ta jierlikse syldei. De yn [[1902]] oprjochte Sneeker Zeil Club (SZC) wie doe al begûn mei it hâlden fan wedstriden op de snein foar Hurdsyldei.
[[Hurdsyldei]] is de oarsprong fan de Snitswike. De earste hurdsyldei wie al yn [[1814]], mar earst yn [[1934]] waard de Snitswike deromhinne organisearre. It hurdsilen is ûntstien út it [[Admiraalsilen]], wedstriden dy't opdroegen waarden oan de [[steedhâlder|Oranjesteedhâlder]]. Troch de komst fan de Frânsken oan de ein fan de [[17e ieu]] waarden dizze tradysjes ûnderbrutsen. Nei de befrijing fan de Frânsken yn [[1814]] grepen de Snitsers de earste de beste gelegenheid oan om wer in feestlike sylpartij te hâlden. Dy gelegenheid die him foar doe't yn Snits it blide berjocht ûntfongen waard dat de deawaande stêdgenoat [[Jacob Sjoukes Visser]] út Frânse [[kriichstsjinst]] desertearre wie en sûn en wol op [[De Jouwer]] oankomd wie. Nei de oprjochting fan de (Keninklike) Syl Feriening Snits yn [[1851]] waard soms op de tongersdei nei Hurdsyldei admiraalsilen hâlden. Nei [[1917]] groeide dizze tongersdei út ta jierlikse syldei. De yn [[1902]] oprjochte Sneeker Zeil Club (SZC) wie doe al begûn mei it hâlden fan wedstriden op de snein foar Hurdsyldei.


Om [[1930]] begûn de SZC ek op sneon wedstriden te organisearjen. Yn dy dagen makken Fryske silers kennis mei de Kaagwike, dy't yn [[1918]] foar de earste kear holden waarden. De Friezen wurdearren it farren fan in rige wedstriden en net te ferjitten de gesellichheid. Oarsom dienen ek hieltiten mear silers út it Westen mei. Harren boaten waarden mei in frachtskip nei Snits ta brocht.
Om [[1930]] begûn de SZC ek op sneon wedstriden te organisearjen. Yn dy dagen makken Fryske silers kennis mei de [[Kaagwike]], dy't yn [[1918]] foar de earste kear holden waarden. De Friezen wurdearren it farren fan in rige wedstriden en net te ferjitten de gesellichheid. Oarsom dienen ek hieltiten mear silers út it Westen mei. Harren boaten waarden mei in frachtskip nei Snits ta brocht.
Op 1 maart 1934 stelde Johannes Olij - destiids de gongmakker fan it silen yn de Wetterpoartestêd- de SZC foar om de wedstriden op sneon te skrassen en ynstee dêrfan op snein, moandei en tiisdei te farren. Mei oanslutend de KZVS-wedstriden op Hurdsyldei en tongersdei koe dan ''een Sneeker Zeilweek'' útskreaun wurde.
Op 1 maart 1934 stelde Johannes Olij - destiids de gongmakker fan it silen yn de Wetterpoartestêd - de SZC foar om de wedstriden op sneon te skrassen en ynstee dêrfan op snein, moandei en tiisdei te farren. Mei oanslutend de KZVS-wedstriden op Hurdsyldei en tongersdei koe dan ''een Sneeker Zeilweek'' útskreaun wurde.
Op 26 april fan dat jier waard dit foarstel fannijs besprutsen. Undanks de eangst foar finansjele skea (fan ynskriuwjild wie noch gjin sprake) doarden de Snitser sylferienings it oan, mar pas healwei juny- amper twa moanne foar de start- waard de knoop trochhakt. De earste 'Sneek-Week' wie fan 18 o/m 23 augustus [[1934]]. Omdat der op dy tiisdeis merke yn Snits wie waard dy dei net syld. Op Hurdsyldei wurdt yn it sintrum fan Snits tsjintwurdich de Hurdsyldei-merke hâlden, oanfold mei alle eveneminten om de Snitswike hinne.
Op 26 april fan dat jier waard dit foarstel fannijs besprutsen. Undanks de eangst foar finansjele skea (fan ynskriuwjild wie noch gjin sprake) doarden de Snitser sylferienings it oan, mar pas healwei juny - amper twa moanne foar de start - waard de knoop trochhakt. De earste 'Sneek-Week' wie fan 18 o/m 23 augustus [[1934]]. Omdat der op dy tiisdeis merke yn Snits wie waard dy dei net syld. Op Hurdsyldei wurdt yn it sintrum fan Snits tsjintwurdich de Hurdsyldei-merke hâlden, oanfold mei alle eveneminten om de Snitswike hinne.


Hoewol't de SZC en de KZVS yn in soad saken harren eigen gong gean bleaune - de ynskriuwing moast fia twa adressen, der waarden twa programmaboekjes útjûn, der waarden ferskillende banekaarten brûkt en beide klups hienen eigen boeien- waard de earste Snitswike in súkses. Der dienen hast twahûndert silers mei, destiids in flink oantal.
Hoewol't de SZC en de KZVS yn in soad saken harren eigen gong gean bleaune - de ynskriuwing moast fia twa adressen, der waarden twa programmaboekjes útjûn, der waarden ferskillende banekaarten brûkt en beide klups hienen eigen boeien - waard de earste Snitswike in súkses. Der dienen hast twahûndert silers mei, destiids in flink oantal.
74 Edysjes fierder (yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] is de Snitswike twa kear net hâlden) stiet de teller op mear as 50.000 stjoerlju. Alve kear skreaunen har mear as tûzen silers yn, de earste kear yn 1977 (1142). It rekordoantal ynskriuwings is wyls 25 jier âld. Yn 1985 skreaunen har 1224 persoanen yn, wêrfan 157 planksilers. Fjouwer jier earder wienen KZVS en SZC opgien yn de KWS. Yn 29010 wienen der 900 stjoerlju.
74 Edysjes fierder (yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] is de Snitswike twa kear net hâlden) stiet de teller op mear as 50.000 stjoerlju. Alve kear skreaunen har mear as tûzen silers yn, de earste kear yn 1977 (1142). It rekordoantal ynskriuwings is wyls 25 jier âld. Yn 1985 skreaunen har 1224 persoanen yn, wêrfan 157 planksilers. Fjouwer jier earder wienen KZVS en SZC opgien yn de KWS. Yn 29010 wienen der 900 stjoerlju.



De ferzje fan 6 sep 2014 om 08.46

It starteilân

De Snitswike is in evenemintewike dy't alle jierren op de earste freed fan augustus yn Snits hâlden wurdt. It is it grutste evenemint op de binnenwetters fan Jeropa en wurdt organisearre troch de Keninklike Wettersportferiening Snits. Yn dizze wike wurde alle dagen hurdsylwedstriden hâlden op de Snitser Mar en de Goaiïngarypster Puollen. Tagelyk wurde ferskate festiviteiten organisearre yn Snits, û.o. merke en floatskou (in show mei hûnderten boaten en fjoerwurk).

Aktiviteiten

Yn de Snitswike wurdt der hurdsyld yn mear as tritich klassen. Alle dagen wurdt troch ferskate klassen op de Snitser Mar in wedstryd syld. Yn alle klassen wurde dan nei in tal deiwedstriden in klassemintswinner oanwiisd.

De Snitswike is de drokste tiid fan it jier yn Snits. Der wurde ek tal fan oare aktiviteiten organisearre yn Snits en om de mar, en jûns wurde yn Snits de oerwinnings fierd. Dit is dúdlik te fernimmen foar toeristen dy't sels net foar de Snitswike komme: ek bûten de wedstriden is it tige drok op it wetter, alle hierboaten binne ferhierd en hotels en kempings binne fol. It is sels sa dat de gemeente Snits in ekstra kemping opset foar allinnich de Snitswike, sadat eltsenien in plak te sliepen hat.

De twa hichtepunten fan de Snitswike binne de floatskou en Hurdsyldei. De freedtejûns foardat op sneon de wedstriden begjinne wurdt der in floatskou hâlden. Fan alle klassen dy't meidogge farre twa boaten troch de Snitser stêdsgrêften, mei foarop de earste fjouwer skûtsjes fan it Skûtsjesilen, at dat foar dy tiid beslist is. Hiel dy float fart dan tusken de taskôgers troch, begeliede troch muzyk en ferljochte mei fjoerwurk.

Skiednis

Hurdsyldei is de oarsprong fan de Snitswike. De earste hurdsyldei wie al yn 1814, mar earst yn 1934 waard de Snitswike deromhinne organisearre. It hurdsilen is ûntstien út it Admiraalsilen, wedstriden dy't opdroegen waarden oan de Oranjesteedhâlder. Troch de komst fan de Frânsken oan de ein fan de 17e ieu waarden dizze tradysjes ûnderbrutsen. Nei de befrijing fan de Frânsken yn 1814 grepen de Snitsers de earste de beste gelegenheid oan om wer in feestlike sylpartij te hâlden. Dy gelegenheid die him foar doe't yn Snits it blide berjocht ûntfongen waard dat de deawaande stêdgenoat Jacob Sjoukes Visser út Frânse kriichstsjinst desertearre wie en sûn en wol op De Jouwer oankomd wie. Nei de oprjochting fan de (Keninklike) Syl Feriening Snits yn 1851 waard soms op de tongersdei nei Hurdsyldei admiraalsilen hâlden. Nei 1917 groeide dizze tongersdei út ta jierlikse syldei. De yn 1902 oprjochte Sneeker Zeil Club (SZC) wie doe al begûn mei it hâlden fan wedstriden op de snein foar Hurdsyldei.

Om 1930 begûn de SZC ek op sneon wedstriden te organisearjen. Yn dy dagen makken Fryske silers kennis mei de Kaagwike, dy't yn 1918 foar de earste kear holden waarden. De Friezen wurdearren it farren fan in rige wedstriden en net te ferjitten de gesellichheid. Oarsom dienen ek hieltiten mear silers út it Westen mei. Harren boaten waarden mei in frachtskip nei Snits ta brocht. Op 1 maart 1934 stelde Johannes Olij - destiids de gongmakker fan it silen yn de Wetterpoartestêd - de SZC foar om de wedstriden op sneon te skrassen en ynstee dêrfan op snein, moandei en tiisdei te farren. Mei oanslutend de KZVS-wedstriden op Hurdsyldei en tongersdei koe dan een Sneeker Zeilweek útskreaun wurde. Op 26 april fan dat jier waard dit foarstel fannijs besprutsen. Undanks de eangst foar finansjele skea (fan ynskriuwjild wie noch gjin sprake) doarden de Snitser sylferienings it oan, mar pas healwei juny - amper twa moanne foar de start - waard de knoop trochhakt. De earste 'Sneek-Week' wie fan 18 o/m 23 augustus 1934. Omdat der op dy tiisdeis merke yn Snits wie waard dy dei net syld. Op Hurdsyldei wurdt yn it sintrum fan Snits tsjintwurdich de Hurdsyldei-merke hâlden, oanfold mei alle eveneminten om de Snitswike hinne.

Hoewol't de SZC en de KZVS yn in soad saken harren eigen gong gean bleaune - de ynskriuwing moast fia twa adressen, der waarden twa programmaboekjes útjûn, der waarden ferskillende banekaarten brûkt en beide klups hienen eigen boeien - waard de earste Snitswike in súkses. Der dienen hast twahûndert silers mei, destiids in flink oantal. 74 Edysjes fierder (yn de Twadde Wrâldoarloch is de Snitswike twa kear net hâlden) stiet de teller op mear as 50.000 stjoerlju. Alve kear skreaunen har mear as tûzen silers yn, de earste kear yn 1977 (1142). It rekordoantal ynskriuwings is wyls 25 jier âld. Yn 1985 skreaunen har 1224 persoanen yn, wêrfan 157 planksilers. Fjouwer jier earder wienen KZVS en SZC opgien yn de KWS. Yn 29010 wienen der 900 stjoerlju.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sneekweek fan Wikimedia Commons.