Huzum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2410343 (translate me)
No edit summary
Rigel 9: Rigel 9:
| webstee = [http://home.hetnet.nl/~huzumer/ Webstee Huzum]
| webstee = [http://home.hetnet.nl/~huzumer/ Webstee Huzum]
}}
}}
[[Ofbyld:Huizum Dorpskerk.jpg|thumb|De Huzumer doarpstsjerke]]
[[Ofbyld:Kerk van Huizem.JPG|thumb|De Huzumer doarpstsjerke]]
'''Huzum''' is in [[wenwyk|wyk]] fan de [[stêd]] [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Eartiids wie it in [[gritenij]] yn [[Ljouwerteradiel]]. Der binne likernôch 9.000 bewenners.
'''Huzum''' is in [[wenwyk|wyk]] fan de [[stêd]] [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Eartiids wie it in [[gritenij]] yn [[Ljouwerteradiel]]. Der binne likernôch 9.000 bewenners.



De ferzje fan 17 aug 2014 om 23.18

Huzum
Flagge fan Huzum Wapen fan Huzum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Huzum
Gemeente Ljouwert
Ynwennertal (2004) 9000
Webstee Webstee Huzum
De Huzumer doarpstsjerke

Huzum is in wyk fan de stêd Ljouwert. Eartiids wie it in gritenij yn Ljouwerteradiel. Der binne likernôch 9.000 bewenners.

Yn Ljouwert wurd ûnderskied makke tusken Huzum doarp en Huzum West. De grins dêrtusken is de Skrâns en de Ferlingde Skrâns. Huzum doarp leit rûchwei tusken de Potmarge en de Aldlânsdyk. Huzum West tusken de Julianaleane en it spoar.

Huzum is wol wat in spesjaal part fan Ljouwert. De minsken dy't der wenje neame harsels Huzumers. Dit komt benammen troch de wichtige winkelstrjitte de Skrâns. Dêr is fan alles te keap en dêrom is by de Huzumers de needsaak om de stêd yn te gean minder.

Skiednis

It âlde doarp Huzum is boud op in terp. Likernôch 1000 nei Kristus waard dy foar it earst bewenne. De earste skriftlike boarne dêr't melding yn makke wurdt fan Huzum is in brief fan Wibald fan Stablo, de abt fan Corvey. Dy skreau syn brief út namme fan de "Khristenen van de Parochie Lieuward ten jaren 1149" oan de biskop fan Utert. Neist foarstellen oer de tsjerke fan Ljouwert, joech dy abt yn syn brief advizen om de oanlis en de bewenning fan Huzum opgean te litten yn dy fan Ljouwert.

Oant 1 jannewaris 1944 wie Huzum it haadplak fan de gemeente Ljouwerteradiel. Under de Dútske besetting waard it súdlike stik fan de gemeente Ljouwerteradiel, it Sudertrimdiel, by de gemeente Ljouwert foege. Dêrtroch waard Huzum in wenwyk fan Ljouwert.

It Huzumersk

It stedsk dat in echte Huzumer praat is wat ôfwikend fan de it stedsk dat yn oare parten fan de stêd foarkomt. It komt wat sêfter, formeler oer: oantsjuttings as 'dou' of 'stou' sil in echte Huzumer net brûke; hy sil altyd foar 'jou' kieze.

Taal Sin
Frysk Dat moasto net dwaan.
Ljouwertersk Dat mustou niet doen.
Huzumersk Dat mutte jou niet doen.
Nederlansk Dat moet je niet doen.

Berne yn Huzum

Keppeling om utens