Achmeatoer: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L grr...
tikflaterke
Rigel 8: Rigel 8:
Karakteristyk binne de swarte platen fan [[natuerstien]] dy't oan it gebou fêstmakke binne. Yn 2001 en 2002 liet mei in stoarm in oantal fan dy platen los, wêrtroch't de strjitten der omhinne ôfsetten wurde moasten.

De Achmeatoer hat 4 liften dy't elts in snelheid hawwe fan 21,6 km yn it oere. Oarspronklik hellen de liften sels 32,4 km yn it oeer, mar trochdat minsken mislik waarden as gefolch fan de relatyf grutte fersnelling is de maksimale snelheid no mei 10,8 km yn it oere fermindere. Op it heden jout dy snelheid noch hieltyd in nuver gefoel. De earen gean by dy snelheid tichtsitten trochdat in relatyf grutte ôfstân oerbrêge wurdt.
De Achmeatoer hat 4 liften dy't elts in snelheid hawwe fan 21,6 km yn it oere. Oarspronklik hellen de liften sels 32,4 km yn it oere, mar trochdat minsken mislik waarden as gefolch fan de relatyf grutte fersnelling is de maksimale snelheid no mei 10,8 km yn it oere fermindere. Op it heden jout dy snelheid noch hieltyd in nuver gefoel. De earen gean by dy snelheid tichtsitten trochdat in relatyf grutte ôfstân oerbrêge wurdt.

==Beswieren==
==Beswieren==

De ferzje fan 28 jul 2014 om 20.51

Achmeatoer yn Ljouwert
Utsjoch fan de Achmeatoer op de binnenstêd mei it Saailân fan de boppeste ferdjipping fan de Achmeatoer

De Achmeatoer is in kantoarflat yn it sintrum fan Ljouwert. It gebou is 115 meter heech en hat 24 ferdjippings. Dêrmei is de Achmeatoer it heechste gebou fan Ljouwert en tagelyk fan Fryslân en de rest fan hiel Noard-Nederlân.

De toer is boud yn opdracht fan Achmea Fêstgoed en ûntwurpen troch de arsjitekten Abe Bonnema en Jan van der Leij fan Bonnema Arsjitekten út Hurdegaryp. Yn 2002 is de toer oplevere. De Achmeatoer is oant fier yn de omjouwing fan Ljouwert te sjen.

Karakteristyk binne de swarte platen fan natuerstien dy't oan it gebou fêstmakke binne. Yn 2001 en 2002 liet mei in stoarm in oantal fan dy platen los, wêrtroch't de strjitten der omhinne ôfsetten wurde moasten.

De Achmeatoer hat 4 liften dy't elts in snelheid hawwe fan 21,6 km yn it oere. Oarspronklik hellen de liften sels 32,4 km yn it oere, mar trochdat minsken mislik waarden as gefolch fan de relatyf grutte fersnelling is de maksimale snelheid no mei 10,8 km yn it oere fermindere. Op it heden jout dy snelheid noch hieltyd in nuver gefoel. De earen gean by dy snelheid tichtsitten trochdat in relatyf grutte ôfstân oerbrêge wurdt.

Beswieren

De bou fan de Achmeatoer joech yn 1999 al beswieren fan de loftfeartside, yn ferbân mei de tichtbylizzende militêre fleanbasis Ljouwert. Mar de bou waard dochs tastien fanwege it maatskiplik belang fan de toer. Arsjitektenburo Bonnema pleatste tsjin it sin fjouwer ljochtsjes op de hoekpunten. Letter waarden dy ljochtsjes ferfongen troch in ljochtbalke dy't hielendal om de top fan de toer rint.

Troch nije foarskriften fan dyselde Ryksloftfearttsjinst is it net mear tastien om binnen in striel fan fjouwer kilometer om de fleanbasis heger te bouwen as 45 meter.

Heechste "wolkekliuwer" fan Noard Nederlân

De Achmeatoer is mei 115 meter fierwei de heechste wolkekliuwer fan Noard-Nederlân. Yn Grins hawwe sy ea plannen hân foar in 150 meter hege toer, mar dy plannen binne lykwols ôfsein. Lykas de Aldehou is de Achmeatoer foar Ljouwert tige byldbeskiedend en is mei helder waar sawat oeral yn Fryslân te sjen.

Sicht nei it súdwesten ta yn de observaasjeromte op de 26ste ferdjipping fan de Achmeatoer (2013)