Wringedieren: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 17: Rigel 17:
Der binne al fierdere opdielings makke krekt neffens de [[evolúsje|evolusjonêre]] ûntwikling, mar dêr is nog gjin fêste [[taksonomy|klassifikaasje]] yn klassen en oarders útkaam, dat de klassike klassifikaasje wurdt hieltyd noch brûkt.
Der binne al fierdere opdielings makke krekt neffens de [[evolúsje|evolusjonêre]] ûntwikling, mar dêr is nog gjin fêste [[taksonomy|klassifikaasje]] yn klassen en oarders útkaam, dat de klassike klassifikaasje wurdt hieltyd noch brûkt.


[[Kategory:Biology]]
[[Kategory:Bist]]


[[ml:നട്ടെല്ലുള്ള ജീവികള്‍]]
[[ml:നട്ടെല്ലുള്ള ജീവികള്‍]]

De ferzje fan 27 jul 2014 om 22.51

In wringedier is in rêchstringdier dêr't it rêchpiid fan beskerme wurdt troch wringen.

Alle soarten yn de ûnderstam fan Wringedieren hawwe in ynwindich skelet mei wringen dêr't in sintraal senuwstelsel trochhinne rint. De measte soarten hawwe in holleplasse en kaken, en hawwe twa paer lidden.

De holleplasse beskermet de harsens, en de eagen en earen, wat nei alle gedachten laat hat ta gruttere yntelliginsje. De wringen foarmje de rêchbonke, dy't it rêchpiid beskermet, mar ek de ynwindige organen ôfskermet wat mear beweging talit om't de risiko's lytser binne. It hiele skelet soarchet foar stipe en makket gruttere waakst mooglik.

Klassifikaasje

De klassike klassifikaasje fan de stam fan rêchstringdieren jout problemen. Under oaren hawwe net alle fisken wringen. Dêrom wurdt de ûnderstam fan Wringedieren brûkt dy't dat part fan de fisken net omfet, mar fierders deselde klassen hat.

Der binne al fierdere opdielings makke krekt neffens de evolusjonêre ûntwikling, mar dêr is nog gjin fêste klassifikaasje yn klassen en oarders útkaam, dat de klassike klassifikaasje wurdt hieltyd noch brûkt.