Peaske-eilân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: hu:Húsvét-sziget is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 39: Rigel 39:
{{Link FA|de}}
{{Link FA|de}}
{{Link FA|he}}
{{Link FA|he}}
{{Link FA|hu}}
{{Link FA|ka}}
{{Link FA|ka}}
{{Link FA|no}}
{{Link FA|no}}

De ferzje fan 24 jul 2014 om 18.34

Peaske-eilân

Peaske-eilân (Spaansk: Isla de Pascua, ek Rapa Nui neamd) is in Polynezysk eilân yn de Grutte Oseaan, dat steatkundich by Sily heart en in provinsje fan dat lân is. De haadstêd op it eilân Hanga Roa.

Geology

Peaske-eilân is in heech eilân dat foar it grutste part foarme waard troch trije fulkanen, de Maunga Terevaka (507 meter), de Poike (370 meter) en de Rano Kau (324 meter), dy't it eilân ek syn trijehoekige foarm jouwe.

Skiednis

Moay op Peaske-eilân

Neffens iere folksleginden (mûnling oerlevere en net wis) hawwe de earste bewenners (haadman Hotu Matu'a mei syn frou en famylje) it eilân mei twa kano's berikt. Der wurdt oannaam dat hja Polineezjers wienen. Dy fêstiging soe neffens histoarisy west hawwe tusken de 4e en 8e ieu.

It earste Jeropeeske kontakt mei de Peaske-eilânbewenners barde troch de Nederlanner Jacob Roggeveen yn 1722. Hy trof der doe twa- oant trijetûzen bewenners oan. Dy befolking hat in tal ieuwen dêrfoar folle grutter west, skattings gean út fan tsien- oant fyftsjintûzen minsken. Oannomd wurdt dat de beskaving fan Peaske-eilân nei in tiidrek fan bloei stadichoan ien in delgeande spiraal terjochtkaam as gefolch fan oerbefolking, ûntboskjen en útputting fan de beheind oanwêzige natuerlike grûnstoffen. It eilân wie foardat it troch minske bewenne waard folslein beboske, doe't Roggeveen op it eilân arrivearre wie dat al net mear it gefal.

Neffens de beskriuwings dy't Roggeveen jout, libben der twa kloften minske op it eilân: Polyneezjers en 'blanken'. Dizze blanken wienen Langearen, ek wol "Hanau Epe" neamd, dy de Moay hawwe boud. De twa befolkingskloften libben yn frede op it eilân.

Ofsjoen fan wat beskriuwings dien troch besykjende skippen ûntbrekt der ynformaasje oer wat der allegear krekt foarfallen hat op it eilân, sawol foar de komst fan de Jeropeanen as yn it tiidrek tusken harren besiken. Sa beskriuwt James Cook by syn besyk yn 1774 dat in protte stienen bylden omsmiten wienen, wylst dat by it besyk fan Roggeveen noch net it gefal wie. Wêrom't soks barde is net bekend.
Slavehannel, nij yntrodusearre sykten en honger late ta in fierdere tebekrin fan de befolking.

Op Peaske-eilân om 1880 hinne

Nijsgjirrichheden

De grutste nijsgjirrichheden fan Peaske-eilân binne de moay, hege stiennen bylden fan wol njoggendeheale meter heech. De bylden binne eartiids makke út sêft fulkanysk stiente (dowestien) troch de foarfaars fan hjoeddeiske eilânbewenners. De wite eachskiven fan de moay dy't oarspronklik yn de eachkassen sieten, waarden pas yn 1978 foar it earst weromfûn.

It grutste part fan de moay steane op in platfoarm of ahu opstelt en sjogge nei it binnenlân. Der binne mar sân bylden, opstelt yn in rigje fan lyts nei grut en wat spottend de sân apen (los siete monos) neamd, dy't nei de see sjogge. De moay stelle foarfaars foar dy't om fruchtberheid smeken. Op it ekstreem isoleare eilân wie de fuortplanting fan krusiaal belang om te oerlibjen. Fan de foarfaarsbylden binne in protte wer rjocht oerien set, ek hat in soad harren ynkringende eagen dy't nei de himmel sjogge werom. De foarút stekkende lippen fan de moay wiene faaks toaid mei in burd. Wat opfalt binne ek de langhalige earlellen.

It hiele eilân stiet sûnt 1995 op de wrâlderfguodlist fan UNESCO.

Keppeling om utens

Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link GA Berjocht:Link GA Berjocht:Link GA