Fêreu-eilannen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: no:Færøyene is een etalage-artikel; tekstwiziging
LNo edit summary
Rigel 62: Rigel 62:
== Demografy ==
== Demografy ==
Der wenje likernôch 48.000 minsken op 'e ûnderskate eilannen. De measte minsken, sa'n 92%, komme fan 'e Fêreu-eilannen sels. Oare groepen binne [[Denen]], [[Yslanners]] en [[Grienlanners]]. [[Noaren (folk)|Noaren]] en [[Poalen (folk)|Poalen]] binne der ek op 'e eilannen. Sa'n 44.000 minsken op de eilannen prate it [[Fêreusk]], en de op ien nei grutste taal is it [[Deensk]].
Der wenje likernôch 48.000 minsken op 'e ûnderskate eilannen. De measte minsken, sa'n 92%, komme fan 'e Fêreu-eilannen sels. Oare groepen binne [[Denen]], [[Yslanners]] en [[Grienlanners]]. [[Noaren (folk)|Noaren]] en [[Poalen (folk)|Poalen]] binne der ek op 'e eilannen. Sa'n 44.000 minsken op de eilannen prate it [[Fêreusk]], en de op ien nei grutste taal is it [[Deensk]].

{{Fêreu-eilannen}}


[[Kategory:Fêreu-eilannen| ]]
[[Kategory:Fêreu-eilannen| ]]

De ferzje fan 8 jun 2014 om 20.09

Føroyar
Færøer
Flagge fan Fêreu-eilannen Wapen fan Fêreu-eilannen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Fêreu-eilannen
Offisjele taal Fêreusk en Deensk
Haadstêd Tórshavn (Deensk: Thorshavn)
Steatsfoarm autonoom lân binnen it Deenske Keninkryk
Gebiet
% wetter
1.399 km²
0,5­%
Ynwenners (2013) 49.709
Munt Fêreuske kroan (DKK)
Tiidsône UTC +0
Lânkoade FO
Ynternet .fo
Tillefoan +298
It Tinganes, yn Tórshavn, de sit fan it Fêreuske regear.

De Fêreu-eilannen (Fêreusk: Føroyar [ˈfœɹjaɹ]?; Deensk: Færøer [ˈfɛːʀøʔəʀ]?) binne in eilannegroep yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan, tusken Skotlân, Noarwegen en Yslân yn. De eilannen foarmje in autonoom lân ûnder de Deenske Kroan, wat sizze wol dat se folslein selsbestjoerend binne, útsein op 'e mêden fan definsje en bûtenlânske saken, dy't noch altiten ûnder it foech fan it regear fan it memmelân Denemark falle. (It is in identike relaasje as dy't Nederlân hat mei Arûba, Kurasao en Sint-Marten.) Der wenje krapoan 50.000 minsken (2013) op 'e Fêreu-eilannen, en de haadstêd is Tórshavn (Deensk: Thorshavn). It Fêreusk, de nasjonale taal, is nauwer besibbe oan it Yslânsk en de Westnoarske dialekten as oan it Deensk.

De Fêreu-eilannen waarden fan 'e njoggende ieu ôf fal út Noarwegen wei kolonisearre. Yn 'e alfde ieu kamen de eilannen oan 'e Noarske kening. Doe't Noarwegen letter sels yn Deenske hannen foel, kamen de Fêreu-eilannen ek ûnder Deensk bestjoer. Dat is sa bleaun, ek nei't Noarwegen yn 1815 by Sweden kaam te hearren en yn 1905 selstannich waard. Yn 1948 krigen de Fêreu-eilannen selsbestjoer. Hja hawwe der foar keazen om bûten de Jeropeeske Uny te bliuwen.

Der binne seekaarten út de sechstjinde en santjinde ieu mei de Fêreu-eilannen as ien grut eilân mei de namme Frislân, men hat noch gjin ferbân lizze kind mei de namme "Fryslân".

Geografy

De heechste berch fan de eilannegroep is Slættaratindur mei 882 meter. Der binne 18 eilannen dêr't 17 fan bewenne binne. It grutste eilân, Streymoy, is mei in brêge ferbûn mei it op ien nei grutste eilân, Eysturoy.

Kaart fan 'e Fêreu-eilannen.

De 17 bewenne eilannen binne:

It achttjinde, ûnbewenne eilân is Lítla Dímun.

Demografy

Der wenje likernôch 48.000 minsken op 'e ûnderskate eilannen. De measte minsken, sa'n 92%, komme fan 'e Fêreu-eilannen sels. Oare groepen binne Denen, Yslanners en Grienlanners. Noaren en Poalen binne der ek op 'e eilannen. Sa'n 44.000 minsken op de eilannen prate it Fêreusk, en de op ien nei grutste taal is it Deensk.

 
Fêreu-eilannen

Borðoy | Eysturoy | Fugloy | Hestur | Kalsoy | Koltur | Kunoy | Lítla Dímun | Mykines
Nólsoy | Sandoy | Skúvoy | Stóra Dímun | Streymoy | Suðuroy | Svínoy | Vágar | Viðoy

Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link GA Berjocht:Link GA