Oergongsritueel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Oergongsrituëlen yn natoerreligys to Oergongsrituëlen: litte wy it in bytsje algemiener stelle
L red hiele side
Rigel 1: Rigel 1:
'''Oergongsrituëlen''', of ''inisjaasjeriten'', binne tige algemien by folken dy't [[natoerreligys]] oanhingje. Yn 'e meast foarkommende foarm binne it [[ritueel|rituëlen]] dy't it folwoeksen wurden fan jonges of famkes en harren opnimming as folwoeksenen yn 'e groep, klen, stamme of it folk oanjouwe.
'''Oergongsrituëlen''' of '''inisjaasjeriten''' binne seremoanjes dy't de oergong fan in [[minske]] fan 'e iene nei de oare status oanjouwe of fiere. Se hawwe sawol maatskiplike as [[religy|religieuze]] betsjutting, en binne hjoed oan 'e dei benammen noch tige algemien by [[natoerreligyen|natoerfolk]]en. Yn 'e meast foarkommende foarm binne it [[ritueel|rituëlen]] dy’t it folwoeksen wurden fan jonges en/of famkes en harren opnimming as folwoeksenen yn 'e maatskippij fan 'e groep, [[klan]], [[stamme]] of it [[folk]] oanjouwe. Faak omfettet sa'n ritueel in pynlike behanneling dy't harren selsbehearsking op 'e proef stelt, lykas [[besnijenis]], [[tatoeaazje|lichems- of gesichtstatoeëarring]] of it fyljen fan 'e tosken. Subtilere proeven besteane ek, lykas op eigen manneboet jins earste jacht ta in goed ein bringe moatte of jins earste [[menstruaasje]] yn folsleine ôfsûndering trochbringe moatte.


==Neiere beskriuwing==
Faak omfet dat ritueel in pynlike behanneling dy't harren selsbehearsking op 'e proef stelt, lykas [[besnijenis]], lichems- of gesichtstatoeëarring of it fyljen fan 'e tosken, mar subtilere proeven besteane ek, lykas allinne jins earste jacht ta in goed ein bringe moatte of jins earste menstruaasje yn folsleine ôfsûndering trochbringe moatte.
Inisjaasjeriten komme ek foar by oergongen tusken oare stadia fan it libben, lykas by berte, houliksfollûking, ferstjerren, of de oergong fan kriger ta stamâldste. Soms wurde se ek tapast by besikings, lykas sykte, ûnfruchtberens of natoerrampen. By guon folken binne der fierders noch oergongsrituëlen by it lid wurden fan in geheim genoatskip, lykas de ''Ogboni'' by de [[Jorûba (folk)|Jorûba]] fan súdwestlik [[Nigearia]] en súdlik [[Benyn]], de ''[[Mohawk Warrior Society]]'' by de [[Mohauk (folk)|Mohauk]] fan súdeastlik [[Kanada]] en de noardeastlike [[Feriene Steaten]], en de ''Mau-Mau'' by de [[Kikûjû (folk)|Kikûjû]] fan westlik [[Kenia]], dy’t sa’n grutte rol spile hat yn ‘e Keniaanske ûnôfhinklikensstriid. Boppedat komme inisjaasjeriten frijwol altyd foar oan it begjin fan in wurkpaad as [[sjamaan]]. Yn 'e Westerske kultuer besteane se, sûnder de godstsjinstige konnotaasjes, noch fuort yn foarm fan 'e [[ûntgriening]]s fan bygelyks studinteferienings.


In goed foarbyld fan in oergongsritueel komt foar by de [[Masai (folk)|Masai]] fan súdlik [[Kenia]] en noardlik [[Tanzania]]. Masai-jonges geane yn har libben nammentlik troch in oantal stadia, dy’t bûn binne oan âlderdom: jonge, jong kriger, âlder kriger, jong stamâldste, bestjoerend stamâldste. De earste fan 'e oergongen tusken dy stadia, dus fan jonge nei jong kriger, wurdt oanjûn troch in besnijenisrite. Sa’n rituële besnijenis komt trouwens by in protte [[Afrika]]anske folken foar. Sa is it by de [[Dogon (folk)|Dogon]], fan súdlik [[Maly]], de earste stap nei de status fan folwoeksen man, dy’t jonges ûndergeane as se tsien oant tolve jier âld binne. By de Dogon bart soks by in groepsseremoanje dy’t mar ienris yn 'e trije jier plakfynt.
Inisjaasjeriten komme ek foar by oergongen tusken oare stadia fan it libben, lykas by berte, houliksfollûking, dea, of de oergong fan kriger ta stamâldste. Soms wurde se ek tapast by besikings, lykas sykte, ûnfruchtberens of natoerrampen. By guon folken binne der fierders noch oergongsrituëlen by it lid wurden fan in geheim genoatskip, lykas de ''Ogboni'' by de [[Yoruba]] fan súdwestlik [[Nigearia]] en súdlik [[Benyn]], it [[Mohawk-Krigersgenoatskip]] by de [[Mohawk]] fan súdeastlik [[Kanada]] en de noardeastlike [[Feriene Steaten fan Amearika|Feriene Steaten]], en de ''Mau-Mau'' by de [[Kikuyu]] fan westlik [[Kenia]] dy't sa'n grutte rol spile hat yn 'e Keniaanske ûnôfhinklikensstriid. Boppedat komme inisjaasjeriten frijwol altyd foar oan it begjin fan in wurkpaad as [[sjamaan]].


In oar goed foarbyld fan oergongsrituëlen foarmje de praktiken sa't dy yn it prekristlike [[Fidzjy]], yn 'e [[Stille Súdsee]], útfierd waarden. By dy inisjaasjeriten waarden de jonges besnijd en de famkes tatoeëarre. Dat lêste ritueel waard de ''veiqia'' neamd en besloech de pynlike en oanhâldende tatoeëarring oer in langere perioade fan tiid fan 'e ''skamlippen'' en de skamstreek mei in blauswarte kleurstof en gebrûkmeitsjend fan in skerpe stikel en hammerke. It waard útfierd tusken de âlder fan sân jier en de puberteit, en as it klear wie, waard in famke as folwoeksen beskôge. Men leaude dat de beskermdemoanen fan 'e geastewrâld eltse geast fan in ferstoarne oerfalle soenen en ynspektearje oft hy of sy wol besnien of tattoeëarre wie. As der wat net ynoarder wie, koe men in straf ferwachtsje dy’t útinoar rûn fan in flink wan bruien oant it ta pulp slein en opfretten wurden troch de goaden. Besoarge famyljeleden en freonen besochten yn it gefal fan in ûnferwachtse dea dêrom faak de geasten te mislieden troch in jonge nei syn dea noch te besnijen of troch in famke neptatoeaazjes op 'e hûd te tekenjen.
Oergongsrituëlen hawwe sawol maatskiplike as religieuze betsjutting. Yn 'e Westerske kultuer komme se, sûnder de godstsjinstige konnotaasjes, noch foar yn foarm fan 'e ûntgrienings fan bygelyks studinteferienings.

In goed foarbyld fan in oergongsritueel komt foar by de [[Maasai]] fan súdlik Kenia en noardlik [[Tanzania]]. [[Maasai]]-jonges geane yn har libben nammentlik troch in oantal stadia, dy't bûn binne oan âlderdom: jonge, jong kriger, âlder kriger, jong stamâldste, bestjoerend stamâldste. De earste fan 'e oergongen tusken dy stadia, dus fan jonge nei jong kriger, wurdt oanjûn troch in besnijenisrite.

In oar goed foarbyld fan oergongsrituëlen binne de praktiken sa't dy yn it prekristlike [[Fidzjy]], yn 'e [[Stille Súdsee]], útfierd waarden. By dy inisjaasjeriten waarden de jonges besnijd en de famkes tatoeëarre. Datlêste ritueel waard de ''veiqia'' neamd en besloech de pynlike en oanhâldende tatoeëarring oer in langere perioade fan tiid fan 'e skamlippen en de skamstreek mei in blauswarte kleurstof en gebrûkmeitsjend fan in skerpe stikel en in hammerke. It waard útfierd tusken de âlder fan sân jier en de puberteit en as it klear wie, waard in famke as folwoeksen beskôge. Men leaude dat de beskermdemoanen fan 'e geastewrâld eltse geast fan in ferstoarne oerfâle soenen en ynspektearje at hy of sy wol besnien of tattoeëarre wie. As der wat net yn 'e oarder wie, koe men in straf ferwachtsje dy't útinoarrûn fan in flink pak op 'e hûd oant it ta pulp slein en opfretten wurden troch de goaden. Besoarge famyljeleden en freonen besochten yn gefal fan in ûnferwachtse dea dêrom faak de geasten te mislieden troch in jonge nei syn dea noch te besnijen of troch in famke neptatoeaazjes op 'e hûd te tekenjen.


== Sjoch ek ==
== Sjoch ek ==
* [[Deaderituëlen yn natoerreligys]]
* [[Deaderituëlen yn natoerreligyen]]


{{boarnen|boarnefernijing=
== Boarnen ==
* A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, ''Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten'', De Haach, 1970.
*{{Aut|Bertholet, A. en Campenhausen, H. Freiherr von}}, ''Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten'', De Haach, 1970.
* J. Bowker, ''Een wereld van religies'', Kampen, 1999.
*{{Aut|Bowker, J.}}, ''Een Wereld van Religies'', Kampen, 1999.
* ''Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika'', ûnder redaksje fan F. Collins, Amsterdam, 1995.
*{{Aut|Collins, R.}}, ûnder redaksje fan, ''Indianen - De Oorspronkelijke Bewoners van Noord-Amerika'', Amsterdam, 1995.
*{{Aut|Eliade, M. en Coulião, I.P.}}, ''Wereldreligies in Kaart Gebracht'', Utert, 1992.
* ''Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft'', Tübingen, 1957-1962.
*{{Aut|Else, D.}}, et al., ''West Africa'', Hawthorn, 1999.
* M. Eliade en I.P. Couliao, ''Wereldreligies in kaart gebracht'', Utert, 1992.
* D. Else en oaren, ''West Africa'', Hawthorn, 1999.
*{{Aut|Fitzpatrick, M.}}, ''Tanzania, Zanzibar & Pemba'', Hawthorn, 1999.
* M. Fitzpatrick, ''Tanzania, Zanzibar & Pemba'', Hawthorn, 1999.
*{{Aut|Fletcher, M.; Finlay, H. en Crowther, G.}}, ''Kenya'', Hawthorn, 2000.
* M. Fletcher, H. Finlay en G. Crowther, ''Kenya'', Hawthorn, 2000.
*{{Aut|Jones, R. en Pinheiro, L.}}, ''Fiji'', Hawthorn, 1997.
* —, ''Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft'', Tübingen, 1957-1962.
* R. Jones en L. Pinheiro, ''Fiji'', Hawthorn, 1997.
* H. Wouters, ''Volken en Stammen - Noord-Amerika'', Amsterdam, 1974.
*{{Aut|Wouters, H.}}, ''Volken en Stammen - Noord-Amerika'', Amsterdam, 1974.
}}


{{DEFAULTSORT:Oergongsrituelen}}
[[Kategory:Natoerreligy]]
[[Kategory:Natoerreligy]]
[[Kategory:Religy]]
[[Kategory:Maatskippij]]

De ferzje fan 6 jun 2014 om 19.11

Oergongsrituëlen of inisjaasjeriten binne seremoanjes dy't de oergong fan in minske fan 'e iene nei de oare status oanjouwe of fiere. Se hawwe sawol maatskiplike as religieuze betsjutting, en binne hjoed oan 'e dei benammen noch tige algemien by natoerfolken. Yn 'e meast foarkommende foarm binne it rituëlen dy’t it folwoeksen wurden fan jonges en/of famkes en harren opnimming as folwoeksenen yn 'e maatskippij fan 'e groep, klan, stamme of it folk oanjouwe. Faak omfettet sa'n ritueel in pynlike behanneling dy't harren selsbehearsking op 'e proef stelt, lykas besnijenis, lichems- of gesichtstatoeëarring of it fyljen fan 'e tosken. Subtilere proeven besteane ek, lykas op eigen manneboet jins earste jacht ta in goed ein bringe moatte of jins earste menstruaasje yn folsleine ôfsûndering trochbringe moatte.

Neiere beskriuwing

Inisjaasjeriten komme ek foar by oergongen tusken oare stadia fan it libben, lykas by berte, houliksfollûking, ferstjerren, of de oergong fan kriger ta stamâldste. Soms wurde se ek tapast by besikings, lykas sykte, ûnfruchtberens of natoerrampen. By guon folken binne der fierders noch oergongsrituëlen by it lid wurden fan in geheim genoatskip, lykas de Ogboni by de Jorûba fan súdwestlik Nigearia en súdlik Benyn, de Mohawk Warrior Society by de Mohauk fan súdeastlik Kanada en de noardeastlike Feriene Steaten, en de Mau-Mau by de Kikûjû fan westlik Kenia, dy’t sa’n grutte rol spile hat yn ‘e Keniaanske ûnôfhinklikensstriid. Boppedat komme inisjaasjeriten frijwol altyd foar oan it begjin fan in wurkpaad as sjamaan. Yn 'e Westerske kultuer besteane se, sûnder de godstsjinstige konnotaasjes, noch fuort yn foarm fan 'e ûntgrienings fan bygelyks studinteferienings.

In goed foarbyld fan in oergongsritueel komt foar by de Masai fan súdlik Kenia en noardlik Tanzania. Masai-jonges geane yn har libben nammentlik troch in oantal stadia, dy’t bûn binne oan âlderdom: jonge, jong kriger, âlder kriger, jong stamâldste, bestjoerend stamâldste. De earste fan 'e oergongen tusken dy stadia, dus fan jonge nei jong kriger, wurdt oanjûn troch in besnijenisrite. Sa’n rituële besnijenis komt trouwens by in protte Afrikaanske folken foar. Sa is it by de Dogon, fan súdlik Maly, de earste stap nei de status fan folwoeksen man, dy’t jonges ûndergeane as se tsien oant tolve jier âld binne. By de Dogon bart soks by in groepsseremoanje dy’t mar ienris yn 'e trije jier plakfynt.

In oar goed foarbyld fan oergongsrituëlen foarmje de praktiken sa't dy yn it prekristlike Fidzjy, yn 'e Stille Súdsee, útfierd waarden. By dy inisjaasjeriten waarden de jonges besnijd en de famkes tatoeëarre. Dat lêste ritueel waard de veiqia neamd en besloech de pynlike en oanhâldende tatoeëarring oer in langere perioade fan tiid fan 'e skamlippen en de skamstreek mei in blauswarte kleurstof en gebrûkmeitsjend fan in skerpe stikel en hammerke. It waard útfierd tusken de âlder fan sân jier en de puberteit, en as it klear wie, waard in famke as folwoeksen beskôge. Men leaude dat de beskermdemoanen fan 'e geastewrâld eltse geast fan in ferstoarne oerfalle soenen en ynspektearje oft hy of sy wol besnien of tattoeëarre wie. As der wat net ynoarder wie, koe men in straf ferwachtsje dy’t útinoar rûn fan in flink wan bruien oant it ta pulp slein en opfretten wurden troch de goaden. Besoarge famyljeleden en freonen besochten yn it gefal fan in ûnferwachtse dea dêrom faak de geasten te mislieden troch in jonge nei syn dea noch te besnijen of troch in famke neptatoeaazjes op 'e hûd te tekenjen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bertholet, A. en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • Collins, R., ûnder redaksje fan, Indianen - De Oorspronkelijke Bewoners van Noord-Amerika, Amsterdam, 1995.
  • Eliade, M. en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • Else, D., et al., West Africa, Hawthorn, 1999.
  • Fitzpatrick, M., Tanzania, Zanzibar & Pemba, Hawthorn, 1999.
  • Fletcher, M.; Finlay, H. en Crowther, G., Kenya, Hawthorn, 2000.
  • Jones, R. en Pinheiro, L., Fiji, Hawthorn, 1997.
  • —, Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Wouters, H., Volken en Stammen - Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.