Oergongsritueel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
No edit summary
L Ieneach fan 'e Esk moved page Oergongsrituëlen yn natoerreligys to Oergongsrituëlen: litte wy it in bytsje algemiener stelle
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 6 jun 2014 om 18.46

Oergongsrituëlen, of inisjaasjeriten, binne tige algemien by folken dy't natoerreligys oanhingje. Yn 'e meast foarkommende foarm binne it rituëlen dy't it folwoeksen wurden fan jonges of famkes en harren opnimming as folwoeksenen yn 'e groep, klen, stamme of it folk oanjouwe.

Faak omfet dat ritueel in pynlike behanneling dy't harren selsbehearsking op 'e proef stelt, lykas besnijenis, lichems- of gesichtstatoeëarring of it fyljen fan 'e tosken, mar subtilere proeven besteane ek, lykas allinne jins earste jacht ta in goed ein bringe moatte of jins earste menstruaasje yn folsleine ôfsûndering trochbringe moatte.

Inisjaasjeriten komme ek foar by oergongen tusken oare stadia fan it libben, lykas by berte, houliksfollûking, dea, of de oergong fan kriger ta stamâldste. Soms wurde se ek tapast by besikings, lykas sykte, ûnfruchtberens of natoerrampen. By guon folken binne der fierders noch oergongsrituëlen by it lid wurden fan in geheim genoatskip, lykas de Ogboni by de Yoruba fan súdwestlik Nigearia en súdlik Benyn, it Mohawk-Krigersgenoatskip by de Mohawk fan súdeastlik Kanada en de noardeastlike Feriene Steaten, en de Mau-Mau by de Kikuyu fan westlik Kenia dy't sa'n grutte rol spile hat yn 'e Keniaanske ûnôfhinklikensstriid. Boppedat komme inisjaasjeriten frijwol altyd foar oan it begjin fan in wurkpaad as sjamaan.

Oergongsrituëlen hawwe sawol maatskiplike as religieuze betsjutting. Yn 'e Westerske kultuer komme se, sûnder de godstsjinstige konnotaasjes, noch foar yn foarm fan 'e ûntgrienings fan bygelyks studinteferienings.

In goed foarbyld fan in oergongsritueel komt foar by de Maasai fan súdlik Kenia en noardlik Tanzania. Maasai-jonges geane yn har libben nammentlik troch in oantal stadia, dy't bûn binne oan âlderdom: jonge, jong kriger, âlder kriger, jong stamâldste, bestjoerend stamâldste. De earste fan 'e oergongen tusken dy stadia, dus fan jonge nei jong kriger, wurdt oanjûn troch in besnijenisrite.

In oar goed foarbyld fan oergongsrituëlen binne de praktiken sa't dy yn it prekristlike Fidzjy, yn 'e Stille Súdsee, útfierd waarden. By dy inisjaasjeriten waarden de jonges besnijd en de famkes tatoeëarre. Datlêste ritueel waard de veiqia neamd en besloech de pynlike en oanhâldende tatoeëarring oer in langere perioade fan tiid fan 'e skamlippen en de skamstreek mei in blauswarte kleurstof en gebrûkmeitsjend fan in skerpe stikel en in hammerke. It waard útfierd tusken de âlder fan sân jier en de puberteit en as it klear wie, waard in famke as folwoeksen beskôge. Men leaude dat de beskermdemoanen fan 'e geastewrâld eltse geast fan in ferstoarne oerfâle soenen en ynspektearje at hy of sy wol besnien of tattoeëarre wie. As der wat net yn 'e oarder wie, koe men in straf ferwachtsje dy't útinoarrûn fan in flink pak op 'e hûd oant it ta pulp slein en opfretten wurden troch de goaden. Besoarge famyljeleden en freonen besochten yn gefal fan in ûnferwachtse dea dêrom faak de geasten te mislieden troch in jonge nei syn dea noch te besnijen of troch in famke neptatoeaazjes op 'e hûd te tekenjen.

Sjoch ek

Boarnen

  • A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
  • J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
  • Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, ûnder redaksje fan F. Collins, Amsterdam, 1995.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • D. Else en oaren, West Africa, Hawthorn, 1999.
  • M. Fitzpatrick, Tanzania, Zanzibar & Pemba, Hawthorn, 1999.
  • M. Fletcher, H. Finlay en G. Crowther, Kenya, Hawthorn, 2000.
  • R. Jones en L. Pinheiro, Fiji, Hawthorn, 1997.
  • H. Wouters, Volken en Stammen - Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.