Utjouwerij Regaad: ferskil tusken ferzjes
Nije side |
(Gjin ferskil)
|
De ferzje fan 2 jun 2014 om 22.02
Utjouwerij Regaad, offisjeel eins Stifting Utjouwerij Regaad, is in Fryske útjouwerij, fêstige te Grins, dy't ein 2013 oprjochte waard troch oersetter Anne Tjerk Popkema, ynformaasje-analist Bert-René Luimstra, dy't ferstân hat fan marketing, en byldzjend keunstner Peter Boersma, mei as doel it befoarderjen fan it lêzen fan Frysktalige boeken. Dêrta rjochtet de útjouwerij him op "de produksje fan Fryske oersettings yn heechweardige en orizjinele útjeften", sa't it formulearre wurdt op 'e eigen webside. De trije oprjochters dogge it útjaan derby, njonken harren "echte" wurk, en binne fan doel om alle winst dy't se mei in boek meitsje wer yn it útjaan fan it folgjende te stekken. It earste boek fan Utjouwerij Regaad kaam yn april 2014 út, en wie in oersetting fan Edgar Allan Poe syn The Pit and the Pendulum.
Utjûne boeken
- 2014 – De Skacht en de Slinger (nei The Pit and the Pendulum, fan Edgar Allen Poe)
- ein 2014 – De Skipsjonges fan Bontekoe (nei De Scheepjongens van Bontekoe, fan Johan Fabricius)
Keppelings om Utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|