Jeropeesk Parlemint: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 121: Rigel 121:
* {{Flagge FI}} [[Finlân]] 13
* {{Flagge FI}} [[Finlân]] 13
* {{Flagge SK}} [[Slowakije]] 13
* {{Flagge SK}} [[Slowakije]] 13
* {{Flagge KR}} [[Kroaasje]] 11
* {{Flagge HR}} [[Kroaasje]] 11
* {{Flagge IE}} [[Ierlân]] 11
* {{Flagge IE}} [[Ierlân]] 11
|Kolom4=
|Kolom4=

De ferzje fan 26 mai 2014 om 21.28

De plenêrseal fan it Jeropeesk Parlemint yn Straasburch
De plenêrseal fan it Jeropeesk Parlemint yn Brussel

It Jeropeesk Parlemint is it iennichste orgaan fan de Jeropeeske Uny dat direkt keazen wurdt. De ferkiezings foar it parlemint wurde om de fiif jier hâlden.

Skiednis

Fan 10 oant en mei 13 septimber 1952 hold de foarrinder fan de Jeropeeske Uny, de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel, foar de earste kear in parlemintêre gearkomste. Dy gearkomste bestie út 78 nasjonale fertsjintwurdigers, dy't út de ûnderskate nasjonale parleminten keazen wienen.

Yn 1957 waard mei it Ferdrach fan Rome de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip en de Euratom oprjochte. De parlemintêre gearkomste fan de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel fertsjinwurdige tenei alle trije Jeropeeske Mienskippen en it tal sitten gong nei 142. De parlemintêre gearkomste krige gjin nije taken, mar neamde himsels al wol Jeropeesk Parlemint (yn 1986 waard dy namme pas erkend troch de lidsteaten).

Yn juny 1979 wurde foar it earst direkte ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint holden. Troch de ferdraggen fan ûnder oaren Maastricht (1992) en Amsterdam hat it Jeropeesk Parlemint mear foech krigen. It Jeropeesk Parlemint krige stadichoan hieltyd mear oerienkomsten mei parleminten fan nasjonale steaten.

Foech

Der binne trije haadsaken dêr't it Parlemint him mei dwaande hâldt; wetjouwing, finansiën en tafersjoch op de Jeropeeske Kommisje.

  1. It Jeropeesk Parlemint is mei de Ried fan Ministers de wetjouwende macht fan de Jeropeeske Uny. It Parlemint kin Jeropeeske wetten (rjochtlinen, feroardenings, ensafh.) oannimme, feroarje of fersmite.
  2. It Parlemint en Ministerrie beslisse tegearre oer de Jeropeeske begrutting.
  3. It Parlemint jout goedkar en beneam leden fan de Jeropeeske Kommisje. It Jeropeesk Parlemint kin, as it moat, beslisse om alle leden fan de Jeropeeske Kommisje dien te jaan.

Gearstalling

It Europeesk Parlemint hat 751 sitten.

De sitferdieling fan it parlemint nei de Europeeske ferkiezings fan 2014:

Namme Ingelske ôfkoarting Tal sitten Ideology
Europeeske folkspartij EPP 213
  • Liberaal-konservatisme
  • Kristendemokrasy
  • Pro-Europa
Progressive Alliânsje fan Liberalen en Demokraten S&D 190
  • Sosjaaldemokrasy
Alliânsje fan Liberalen en Demokraten foar Europa ALDE 64
  • Liberalisme
  • Sosjaal-liberalisme
  • Konservatyf liberalisme
De Grienen-Europeeske Frije Alliânsje Greens-EFA 53
  • Griene polityk
  • Regionalisme
Erropeeske Konservativen en Reformisten ECR 46
  • Konservatisme
  • Anty-federalisme
Europeesk Unytêr Lofts/Noardsk Grien Lofts EUL/NGL 42
  • Sosjalisme
  • Kommunisme
Europa fan Frijheid en Demokrasy EFD 38
  • Euroskeptysk
  • Konservatisme
Sûnder fraksje 41
Nije partijen 64
Mei-inoar 751

Sitferdieling per lân

De sitferdieling nei it lid wurden fan Kroaasje yn 2014:


Lokaasje

It Jeropeesk Parlemint komt ien kear yn 'e moanne yn Straasburch byinoar foar in fjouwerdeiske plenêre gearkomste. Ekstra plenêre gearkomsten wurde yn Brussel hâlden. Dêr fine ek alle gearkomsten plak, fan de fêste parlemintêre kommisjes, dêr't plenêre stimmings tarieden wurde. It Siktariaat-generaal sit yn Lúksemboarch.

Net eltsenien is bliid mei dizze ferskillende haadstêden fan Jeropa. One Seat wol bygelyks alle funksjes yn Brussel ha.

Keppeling om utens

Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link GA