ISO 639: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L ISO 639 feroare ta ISO
No edit summary
Rigel 34: Rigel 34:
*[http://www.ictmarketing.co.uk ICT Marketing ''Ingels''] — yn gearwurking mei Geolang en BSI dwaande mei it ISO 639-6 projekt
*[http://www.ictmarketing.co.uk ICT Marketing ''Ingels''] — yn gearwurking mei Geolang en BSI dwaande mei it ISO 639-6 projekt


[[Kategory:ISO standards|#00639]]
[[Kategory:ISO standert|#00639]]
[[Kategory:ISO 639]]
[[Kategory:ISO 639]]



De ferzje fan 12 mrt 2007 om 10.56

ISO 639 is in rige ynternasjonale standardisearrings hokker in list is mei koades foar taalnammen.

ISO 639 hat ferskate parten, dêr't twa parten fan goedkard binne en it tredde part is nominearre foar akkoard. De oare dielen binne noch net klear.


  • ISO 639-1: 2002 Koades foar it werjaan fan talen -- Part 1: Alfa-2 koade List fan ISO 639-1 koades
  • ISO 639-2: 1998 Koades foar it werjaan fan taalnammen -- Part 2: Alfa-3 koade List fan ISO 639-2 koades
  • ISO 639-3: 2007 Koades foar it werjaan fan taalnammen -- Part 3: Alfa-3 koade foar in gruttere dekking fan talen List fan ISO 639-3 koades
  • ISO/CD 639-4: 2007? Koades foar it werjaan fan taalnammen -- Part 4: Ymplemintaasje rjochtlinen en begripen foar it taalkodearjen yn it generaal
  • ISO/DIS 639-5: 2007? Koades foar it werjaan fan taalnammen -- Part 5: Alfa-3 koade foar taal famyljes en kloften
  • ISO/CD 639-6: 2007? Koades foar it werjaan fan taalnammen -- Part 6: Alfa-4 breder werjaan fan taal fariaasje

Brûkme fan ISO-639 koades

De taalkoades definearje de ferskate seksjes fan ISO-639 foar biblegrafyske doeleinen en, yn kompjûter en ynternet kriten, as wichtig diel fan de lokalisearring gegevens foar talen. De koades kinst ek fine by ferskate projekten lykas Wikipedy URLs mei har ferskate talen.

Alfa-2 sifer koade

"Alfa-2" koades (foar koades dy't skreaun wurde mei 2 letters út it Latynske alfabet wei) wurde brûkt by ISO 639-1. Wiskundich sjoen binne der limitearrings foar it tal taaloantsjuttings dy't mei in net al te drege som werjaan kinst 26 × 26 = 676. It tal fan ornearre koades is net genôch foar alle talen, dat hat laat ta it meitsjen fan ISO 639-2 en it brûkme fan Alfa-3 koades.

Alfa-3 sifer koade

"Alfa-3" koades (foar koades dy't skreaun wurde mei 3 letters út it Latynske alfabet wei) wurde brûkt by ISO 639-2 en ISO 639-3 en sille mei de tiid brûkt wurde yn 'e ISO 639-5. Mei de 3 sifers binne der 17,576 kominaasjes mooglik (26 × 26 × 26), dat is genôch foar alle talen op 'e wrâld.

It normale brûkme fan Alfa-3 koades by trije parten fan ISO 639 hat wol wat mear ferlet fan koördinaasje yn in grutter systeem.

Part 2 definearret fjouwer spesjale koades mul, und, mis, zxx, de ornearre rige qaa-qtz (20 × 26 = 520 koades) en hat 23 dûbele rigen (de B/T koades). Dit moat sa berekkene wurde 520 + 23 + 4 = 547 koades dy't net brûkt wurde kinne foar it werjaan fan talen of yn part 5 ta it werjaan fan taal famyljes en kloften. Der bliuwe 17,029 koades oer ( 17,576 - 547 ).

Alfa-4 sifer koade

"Alfa-4" koades (foar koades dy't skreaun wurde mei 4 letters út it Latynske alfabet wei) wurde brûkt by ISO 639-6. Dizze koade-rige wurdt net allinnich foar talen mar ek dialekten brûkt, it kin 456,976 talen en dialekten werjaan ( 26 × 26 × 26 × 26 )

Keppeling om utens