Brunoanen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L skriuwflaterke
Rigel 23: Rigel 23:


==Delgong==
==Delgong==
De Brunoanen hienen nauwe famyljebannen mei de keningen en keizers fan it [[Hillige Roomske Ryk]]. In oantal Brunoanen besochten sels om't keizer te wurden. Yn [[1067]] hie [[Egbert I]] dêrby gjin sukses en gong de keizerstitel nei syn neef [[Hindrik IV]]. Syn soan, [[Egbert II]], hat dizze keizer ferskate kearen bestriden en ferlear derby lykwols syn rjochten op sawol de Saksyke as de Fryske greefskippen. De keizer joech Mid-Fryslân yn [[1088]] (sûnder oerlis mei de Fryske greve) oer oan de biskop fan [[Stift Utert|Utert]]. Greve [[Egbert II]] kaam dêrtsjin yn opstân mar waard ferslein en op 'e flecht jije. Troch oanhâldende diplomasy fan de famylje krige yn [[1090]] [[Hindrik de Fette|Hindrik fan Northeim]] (de Fette) dy't trout wie mei [[Gertrudis fan Brunswyk|Gertudis]]. in suster fan Egbert it greefskip werom. Hindrik de Fette waard op [[10 april]] [[1101]] fermoarde troch Friezen dy't ûnder lieding stienen fan de biskop fan Utert. Mei dy syn dea einige it tiidrek fan de Brunoanen yn Fryslân en set it tiidrek fan de [[Fryske frijheid]] útein.
De Brunoanen hienen nauwe famyljebannen mei de keningen en keizers fan it [[Hillige Roomske Ryk]]. In oantal Brunoanen besochten sels om keizer te wurden. Yn [[1067]] hie [[Egbert I]] dêrby gjin sukses en gong de keizerstitel nei syn neef [[Hindrik IV]]. Syn soan, [[Egbert II]], hat dizze keizer ferskate kearen bestriden en ferlear derby lykwols syn rjochten op sawol de Saksyke as de Fryske greefskippen. De keizer joech Mid-Fryslân yn [[1088]] (sûnder oerlis mei de Fryske greve) oer oan de biskop fan [[Stift Utert|Utert]]. Greve [[Egbert II]] kaam dêrtsjin yn opstân mar waard ferslein en op 'e flecht jije. Troch oanhâldende diplomasy fan de famylje krige yn [[1090]] [[Hindrik de Fette|Hindrik fan Northeim]] (de Fette) dy't trout wie mei [[Gertrudis fan Brunswyk|Gertudis]]. in suster fan Egbert it greefskip werom. Hindrik de Fette waard op [[10 april]] [[1101]] fermoarde troch Friezen dy't ûnder lieding stienen fan de biskop fan Utert. Mei dy syn dea einige it tiidrek fan de Brunoanen yn Fryslân en set it tiidrek fan de [[Fryske frijheid]] útein.


==Literatuer==
==Literatuer==

De ferzje fan 20 mai 2014 om 10.19

Sulveren Brunoanen munt

De Brunoanen, ek wol de foarsten fan Brunswyk neamd, wie in dynasty fan Fryske greven dy't yn de 11e ieu in skoftlang Mid-Fryslân , tusken Fly en Lauwers bestjoerd hawwe. Sy waarden greven fan Starum, Eastergoa, Westergoa en Iselgoa neamd. Letter krigen sy ek de rjuchten oer Hunzegoa en Fivelgoa derby.

Opkomst

Fan ôfsprong wienen de Brunoanen in aadlik Saksysk skaai. Sy hienen besittingen yn Eastfalen en binne ferneamd nei harren stifter, Greve Bruno út Saksen (om-ende-by 880). Yn 942 wie der in Brunoan dy't yn Brunswyk in greefskip hie. Hy wie de earste greve fan de Brunoanen dy't mei dit gebiet assosjeare waard.

Om-ende-by it jier 1000 krige Liudolf as earste Brunoan it gesach oer de Fryske greefskippen. Op hokker wize dat plakfûn is net bekend. Miskien waard it de greven fan Hollân wol ôfhandich makke mei geweld. Yn Fryslân moat it greeflik gesach fan de Brunoanen stevich ferankere west hawwe, ôfgeande op de sulveren munten mei harren namme dy't slein binne yn Starum, Boalsert, Ljouwert en Dokkum. Dizze munten binne oeral fûn en yn grutte oantallen.

Nettsjinsteande ferbleaun de Brunoanen meastentiids bûten Fryslân. Nei alle gedachten kamen sy allinnich hjirhinne foar spesjale gelegenheden, bygelyks om lân yn lien fuort te jaan, minsken yn amten te befêstigjen en by wichtige skelen.

Yn Fryslân hawwe de folgjende Brunoanen greve west:

 
 
 
 
 
 
Liudolf
1024-1038
 
Gertrudus
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Bruno II
1038-1057
 
Egbert I
1057-1068
 
Irmgard fan Turyn
 
Isa
 
Metude
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Egbert II
1068-1088
 
Amelung
 
Gertrudis
 
Hindrik de Fette
1101
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Gertrudis
 

Delgong

De Brunoanen hienen nauwe famyljebannen mei de keningen en keizers fan it Hillige Roomske Ryk. In oantal Brunoanen besochten sels om keizer te wurden. Yn 1067 hie Egbert I dêrby gjin sukses en gong de keizerstitel nei syn neef Hindrik IV. Syn soan, Egbert II, hat dizze keizer ferskate kearen bestriden en ferlear derby lykwols syn rjochten op sawol de Saksyke as de Fryske greefskippen. De keizer joech Mid-Fryslân yn 1088 (sûnder oerlis mei de Fryske greve) oer oan de biskop fan Utert. Greve Egbert II kaam dêrtsjin yn opstân mar waard ferslein en op 'e flecht jije. Troch oanhâldende diplomasy fan de famylje krige yn 1090 Hindrik fan Northeim (de Fette) dy't trout wie mei Gertudis. in suster fan Egbert it greefskip werom. Hindrik de Fette waard op 10 april 1101 fermoarde troch Friezen dy't ûnder lieding stienen fan de biskop fan Utert. Mei dy syn dea einige it tiidrek fan de Brunoanen yn Fryslân en set it tiidrek fan de Fryske frijheid útein.

Literatuer

  • Herre Halbertsma, Frieslands oudheid, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utrecht, 2000.