Krimpen oan de Isel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 22 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q739449
Taketa (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 28: Rigel 28:
== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==
* [http://www.beeldbankvenw.nl Byldbank Rykswettersteat]
* [http://www.beeldbankvenw.nl Byldbank Rykswettersteat]
{{GemeentenSúd-Hollân}}

[[Kategory:Krimpen aan den IJssel| ]]
[[Kategory:Krimpen aan den IJssel| ]]
[[Kategory:Plak yn Krimpen aan den IJssel]]
[[Kategory:Plak yn Krimpen aan den IJssel]]

De ferzje fan 14 mai 2014 om 15.44

Lizzing Krimpen oan de Isel
Gemaal Reinier Blok

Krimpen aan den IJssel (Lûdsfragmint uitspraak) is in plak en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân. De gemeente telt 28.755 ynwenners (july 2006) en hat in oerflak fan 8,93 km² (wêrfan 1,10 km² wetter). Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen.

Skiednis

Krimpen wurdt it earst neamd yn in dokumint fan 1277. Lykas in soad oare buorskippen is de namme yn de rin fan de tiid op ferskillende wizen skreaun wêrfan Tingenijssel dochs wol de meast ôfwikende namme is. De gemeente leit oan de súdouwer fan de Hollânske Isel en de dyk oan dizze rivier hat ek jierren it ienige plak fan bebouwing west, foar it meastepart pleatsen. Yn dy tiid bestie Krimpen út in oantal min ofte mear op harsels steande wenmienskippen oan de dyk. Yndustry bestie út(û.o.) twa grutte wurkjouwers: it stienfabryk fan Mijnlieff en de skipswerf fan Van der Giessen de Noord.

Yn it begjin fan de 20e ieu waard de bebouwing lânynwerts, fan de diken ôf, útwreide en ferlear de gemeente syn agrarysk karakter. Hjoededei binne der noch wol twa wyknammen dy't ferwize nei it agraryske ferline. It westlik gedielte fan Krimpen bestie yn earder tiden benammen út koarte lannen (fan de dyk ôf besjoen) en it eastlik gedielte út wat langere. Tsjintwurdich helje de nammen Kortland en Langeland dy tiid noch yn it sin.

Stoarmfloedkearing Hollânske Isel

De tijwurking yn de Isel blykte by de wettersneed fan 1953 in grut gefaar te wêzen en yn 1954 waard begûn mei de bou fan de Stoarmfloedkearing Hollânske Isel, it earste deltawurk. Yn 1958 waard dizze foltôge en de byhearrende Algerabrêge dy't Krimpen mei Capelle oan de Isel ferbynt is de earste fêste ferbining tusken de Krimpenerwaard en it gedielte fan Súd-Hollân ten noarden fan de Isel.

Healwei de jierren sechtich hat Krimpen de funksje fan forinzegemeente fan Rotterdam krigen en is doe flink útwreidzjen gien. Wyls is it grutste gedielte fan it grûngebiet folboud. It bestjoer stribbet dernei om in lanlike karakter (rjochte nei de Krimpenerwaard yn it easten te behâlden.

Bûtendyks stie oant 1930 de nôtmole Onverwacht. Yn 1993 hat men de útbaarne mole wer opboud. De mole waard by dizze gelegenheid De Schelvenaer doopt. Dizze mealreeë mole is it ûnderkommen fan in restaurant.

Iepenbier ferfier

De wichtichste ferbinings besteane út busferbinings nei Rotterdam, Schoonhoven, Utert, De Haach en Gouda. Krimpen hat in busstasjon wêr't dizze linen gearrinne. De bussen dogge de lytsere doarpen yn de Krimpenerwaard oan, oant en mei Schoonhoven en Gouda. Flakbij it busstasjon binne it grutste winkelsintrum, gemeentehûs en it plysjeburo wêrtroch't dit gedielte as it sintrum oantsjutten wurde kin. Yn de midden fan Krimpen stiet de brânwarkazerne. Dêrneist is Krimpen oansluten op it netwurk fan de Wetterbus tusken Dordrecht en Rotterdam.

Rikkeraasje

Krimpen hat in swinmbad, in maneezje, in tal sportgelegenheden en in streekmuseum. It leit oan de grins mei de Krimpenerwaard. Yn de direkte omjouwing binne in tal wannel en fytsmooglikheden.

Berne

  • Rik Grashoff (1961), boukundich yngenieur en politikus (û.o. wethâlder fan Delft en Rotterdam)
  • Gerard van Walsum (1900-1980), politikus (û.o. boargemaster fan Delft en Rotterdam)

Keppeling om utens

 
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht