Utert (stêd): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 73 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q803
Taketa (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 173: Rigel 173:
}}
}}



{{GemeentenUtert}}
[[Kategory:Utert (gemeente)| ]]
[[Kategory:Utert (gemeente)| ]]
[[Kategory:Plak yn Utert (gemeente)]]
[[Kategory:Plak yn Utert (gemeente)]]

De ferzje fan 14 mai 2014 om 13.42

Utert
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Boargemaster Aleid Wolfsen
Sifers
Ynwennertal 321.583 (2012)
Oerflak 99,32 km²
Oar
Postkoade 3450-3455
3500-3585
Koördinaten 52° 5′ NB, 5° 6′ EL
Offisjele webside
www.utrecht.nl
Sicht op de Domtoer fan de Stedhûsbrêge

Utert (Nederlânsk: Utrecht, yn it lokale dialekt: Utreg of Utereg) is de haadstêd fan de provinsje Utert en de fjirde stêd fan Nederlân (283.104 ynwenners per 1 mei 2006, bron: CBS). Utert is ien fan de stêden fan de Rânestêd.

De stêd leit sintraal yn Nederlân op in knooppunt fan dyk, spoar en wetter, dêrtroch fine der in soad beurzen en konferinsjes plak. Yn de stêd húsmanje ûnder oaren de grutste universiteit fan Nederlân, it haadkantoar fan de Nederlânske Spoarwegen en de Jierbeurs. Utert is ek de sit fan in âld-Katolike en fan in roomsk-Katolike aartsbiskop.

It is ien fan de âldste stêden fan Nederlân mei in belangryk histoarysk sintrum, mar ek mei moderne bouwurken sa as Hoog-Catharijne dêr't mieningen hiel wat negativer oer binne. Troch de Domtoer, symboal fan de stêd en mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân, wurdt de stêd ek wol de Domstêd neamd.

Geografy

Utert leit sintraal yn Nederlân en yn 'e provinsje Utert.

Ut it easten wei streamt de Kromme Ryn de stedsgrêften yn. Ut dy stedsgrêften streamt it wetter fierder nei it westen ta troch de Utertse Fecht en de Leienske Ryn. It grutste wetter dat hjoed-de-dei troch de stêd rint is it Amsterdam-Rynkanaal fan súdeast nei noardwest. In âlder kanaal is de Faartske Ryn, dy't de stêd mei de rivier de Lek yn it suden ferbynt.

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen falt Ljouwert yn de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).[1]

Skiednis

De skiednis fan Utert set útein mei de bou fan in legerkamp (castellum) oan de Ryn troch de Romeinen. Letter hawwe de Franken op it stee in stins boud dy't troch de Friezen healwei yn de 7e ieu ferovere waard. De Fryske keningen meitsje fan Utert harren residinsje. Nei de oermastering fan it Fryske keninkryk yn 720 waard de stêd wer fan de Franken. It stee kaam doe yn besit fan de Angelsaksyske biskop Willibrord en waard in wichtich tsjerklik sintrum mei grutte wrâldske macht.

Om-ende-by 1120 krige Utert stedsrjochten. Fan 1611 ôf waard de stêd troch kontra-remonstranten bestjoerd. Yn 1795 lutsen de Frânsken binnen. Mei de stifting fan de Jaarsbeurs (1917) en yndustryfestigingen hat Utert in dynamyske ûntwikkeling trochmakke.

Befolkingsûntjouwing

Befolkingspiramide fan Utert yn 2008

Yn de neikommende tabel stiet de befolkingsûntjouwing fan Utert te lêzen. De befolkingsifers fan foar de njoggentjinde ieu binne rûsd, en de sifers wurde fierder werom yn 'e tiid minder krekt. De sifers fan de njoggentjinde ieu komme fan folkstellingen, de nijere ynformaasje komt út it befolkingsregister.[2]

Jier Ynwenners
1200 3000
1300 5500
1400 13 000
1481 20 000
1525 30 000
1577 27 500
Jier Ynwenners
1600 30 000
1623 30 000
1650 31 000
1670 33 500
1700 30 000
1730 33 000
1748 25 000
1775 29 000
Jier Ynwenners
1800 33 000
1809 35 000
1815 33 663[3]
1822 35 000
1832 43 000
1850 47 000
1860 52 000
1870 57 000
1880 68 000
1890 81 000
Datum Ynwenners
1 jan 1900 102 086
1 jan 1910 119 006
1 jan 1920 138 334
1 jan 1930 153 208
1 jan 1940 165 029
1 jan. 1950 193 190
1 jan 1960 254 186
1970 279 000
1 jan 1980 236 208
1 jan 1990 230 676
Datum Ynwenners
1 jannewaris 2000 233 667
1 jan 2001 256 420
1 jan 2002 260 625
1 jan 2003 265 151
1 jan 2004 270 244
1 jan 2005 275 258
1 jan 2006 280 949
1 januari 2007 288 401
1 jan 2008 294 737
1 jan 2009 299 891

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Aktuele wrâldkaart neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen, sjoen op 14 jannewaris 2013.
  2. De sifers foar 1623, útsein 1525 en 1600, komme út it Jaarboek Oud-Utrecht, 1995, siden 53-85; de sifers fan 1525, 1600, 1650 oant 1890 en 1970 komme út Een paradijs vol weelde, geschiedenis van de stad Utrecht, 2000, siden 249; de sifers fan 1900 oant 1960 komme út 2000 jaar Utrecht, Utrecht/Antwerpen, 1969, side 215; it befolkingstal fan 1980 komt út it Jaarboek Oud-Utrecht, 1981; de sifers nei 1980 komme fan it CBS
  3. Werkgroep kadastrale atlas provincie Utrecht (2000) Kadastrale Atlas provincie Utrecht 6. Utrecht in 1832. Grondgebruik en eigendom. Laren: Drukkerij van Wijland B.V.


 
Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden